De Country Music Association Awards of CMA Awards (net te betiizjen mei de ACM Awards) binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier yn Nashville, yn 'e steat Tennessee, útrikt wurde troch de Country Music Association (CMA) foar de bêste wurken op it mêd fan 'e countrymuzyk fan it foargeande jier.
De earste útrikking fûn plak yn 1967. Fan 1968 oant en mei 1971 waard de útrikkingsseremoanje útstjoerd troch de Amerikaanske stjoerder NBC; fan 1972 oant en mei 2005 troch ABC, en fanôf 2006 troch CBS. Jierrenlang waard de seremoanje holden yn 'e ferneamde Grand Ole Opry, yn Nashville (1967-2004), mar fan 2006 wurdt dat dien yn 'e Nashvilske Bridgestone Arena. Yn 2005 waard de útrikking foar de iennichste kear net yn Nashville holden, mar yn New York, yn Madison Square Garden.
Country Music Association Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | countrymuzyk | |
útrikt troch | Country Music Association | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Nashville (Tennessee) | |
ynsteld | 1968 | |
1e útrikking | 1968 | |
offisjele webside | ||
www.cmaawards.com |
De CMA Awards wurde útrikt op grûn fan in stimming ûnder de leden fan 'e Country Music Association. Der binne 13 ûnderskate kategoryen foar artysten:
Fierders binne der njoggen kategoryen foar discjockeys en presintators fan countrymuzykprogramma's:
Alle CMA Award-winners steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Country Music Association Award, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.