Chely Wright

Chely Wright (útspr.: ; folút: Richell Rene Wright; Kansas City (Missoury), 25 oktober 1970), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjeskriuwster, muzikante en homorjochte-aktiviste.

Hja begûn har karriêre yn 1994 en hie hits mei û.m. Sea of Cowboy Hats (1994), Shut Up and Drive (1997), Just Another Heartache (1997), Single White Female (1999) en Never Love You Enough (2001). Yn totaal naam Wright oant 2010 sân studio-albums op by ferskate platelabels, en tsjin datselde jier hie se yn 'e Feriene Steaten allinne al mear as in miljoen cd's ferkocht. Yn maaie 2010 publisearre se in autobiografy en wie se ien fan 'e earste grutte countrystjerren dy't út 'e kast kaam as lesbiënne.

Chely Wright
Chely Wright sjonger en/of muzikant
Chely Wright
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richell Rene Wright
nasjonaliteit Chely Wright Amerikaansk
berne 25 oktober 1970
berteplak Kansas City (Missoury)
etnisiteit Chely Wright Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Sea of Cowboy Hats
Shut Up and Drive
Just Another Heartache
Single White Female
Never Love You Enough
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
www.chely.com

Libben

Jonkheid en oplieding

Chely Wright waard yn 1970 berne yn Kansas City, yn 'e steat Missoury, yn in muzikale famylje. Se groeide op yn it plak Wellsville, yn Kansas, dêr't se as bern pianoles krige en de bugel spile. Doe't se fjouwer jier wie, wist se al dat se countrysjongster wurde woe. Op har alfde begûn se foar it earst profesjonele foarstellings as sjongster te jaan. Doe't se op 'e middelbere skoalle siet, die se mei oan 'e Ozark Jubilee, in elts jier troch oare skoalbern opfierde countrymuzykshow yn Branson. In jier letter, yn 1989, fuort nei't se slagge wie foar de middelbere-skoaleksamens, wist se in rol te bemachtigjen yn in musical yn Opryland USA, in neitiid opdoekt ferdivedaasjepark om it tema "country" hinne yn Nashville, yn 'e steat Tennessee, it sintrum fan 'e countrymuzykyndustry yn 'e Feriene Steaten. Fan 1989 oant 2008 wenne Wright yn Nashville.

Karriêre

Op grûn fan har optreden yn Opryland USA waard Wright yn 1993 in kontrakt oanbean troch muzykprodusint Mercury/Polygram, en it jiers dêrop kaam har earste album út by Polydor, in ymprint fan Mercury/Polygram. Dat hie as titel Woman in the Moon en omfette nûmers as Sea of Cowboy Hats en Til I Was Loved by You, dy't it goed diene, mar ek wer net útsûnderlike goed. Har debút-cd smiet Wright in Academy of Country Music Award op yn 'e kategory bêste nije fokaliste. Har twadde cd, Right in the Middle of It, mei as bêste nûmer Listenin' to the Radio, kaam yn 1996 út. Hoewol't Wright harsels mei har beide earste cd's ta in fêstige namme makke hie op it mêd fan 'e country, wiene de ferkeapsifers wat teloarstellend, dat se besleat om Mercury/Polygram te ferlitten en in nije kontrakt te tekenjen by MCA Nashville Records. Dêr kaam yn 1997 har trêde cd út, Let Me In, mei it nûmer Shut Up and Drive, dat har har earste country-top 10 hit besoarge. Ek it bekende nûmer Just Another Heartache en de ballad I Already Do, in favoryt ûnder Wright har fans, stiene op dy cd.

Chely Wright 
Chely Wright yn 2009.

Wright har grutte trochbraak kaam lykwols yn 1999, mei it nûmer Single White Female, fan 'e cd mei deselde namme. Dêrmei kaam se op it earste plak yn 'e countryhitparade te stean, en it smiet har teffens har earste gouden plaat op. It jiers dêrop skreau en song se mei kollega Brad Paisley it duët Hard to Be a Husband, Hard to Be a Wife, dat útbrocht waard op de sammel-cd 75 Years of the Grand Ol' Opry. Dêrmei sleepten se nominaasjes foar sawol in Country Music Association Award as in Academy of Country Music Award yn 'e wacht.

Op 11 septimber 2001 soe Wright har fyfde album útkommen wêze, mar fanwegen de oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon waard dat útsteld oant 25 septimber. Dizze cd hiet fan Never Love You Enough, en de titelsong brocht it ta nûmer 4 yn 'e country-top 10. De earste jierren fan it nije milennium foarmen it hichtepunt fan Wright har populariteit, en it manljusblêd FHM rôp har yn 2002 út ta nûmer achttjin op 'e ranglist fan de 20 meast seksy froulju yn 'e muzykyndustry. Doe't de cd Never Love You Enough lykwols net oan 'e ferkeapferwachtings foldie, gie Wright ein 2003 by MCA Nashville Records wei en sleat se yn jannewaris 2004 in kontrakt mei Vivaton, in ûnôfhinklik platelabel. Dêr soe se in nij album útbringe, en de fideoklip foar it nûmber The Back of the Bottom Drawer sirkulearre al, mar it projekt rûn op 'e non. Yn juny 2004 giene Wright en Vivaton útinoar.

Ein dat jier brocht se fia it ynternet en ferskate radiostasjons in single út mei as titel Bumper of My S.U.V., basearre op in oanfarring mei in opsternaat frommes oer de stikker fan it Amerikaanske Korps Mariniers dy't se op har efterbumper hie. It súkses fan dy single waard opfolge troch de publikaasje fan in e.p., mei as titel Everything, dy't eksklusyf te krijen wie op Wright har eigen webside. De goede ferkeapsifers dêrfan laten ta in nij kontrakt mei it label Dualtone Records, dêr't Wright yn febrewaris 2005 har sechsde album, The Metropolitan Hotel, útbrocht. Yn 2008 folge in kontrakt mei Vanguard Records, dêr't op 4 maaie 2010 har sânde (en oant heal 2014 ta lêste) album útkaam. De cd hiet Lifted Off the Ground, en omfette û.o. it ritmyske Notes to the Coroner en it dramatyske Wish Me Away.

Priveelibben

Neffens har autobiografy, Like Me, ûntdiek Wright op har achtste dat se lesbysk wie. Se miende lykwols mar dat har seksuële oriïntaasje ymmoreel wie, en dat it al har kânsen op in karriêre as countrysjongster út 'e ljochten helpe soe as se der ea wat fan blike liet. Sadwaande naam se har al hiel jong foar om nea immen deroer te fertellen en alhielendal nea in romantyske relaasje mei in oare frou oan te gean. Lykwols hie se, noch altyd neffens har autobiografy, op har njoggentjinde har earste seksuële ûnderfining mei in frou, yn 'e foarm fan in temûke affêre dy't hast in jier duorre.

Fan 1993 oant 2004 ûnderhold se in geheime relaasje mei in frou dy't se net by namme neamde, mar omskreau as "de leafde fan myn libben". Dy relaasje hold stân ek al hiene se allebeide yn dyselde tiid ek ferskate heteroseksuële relaasjes mei manlju. De lêste jierren dat Wright en har minneresse byinoar wiene, waarden karakterisearre troch withoefolle kearen dat se it út- en dêrnei wer goedmakken, fanwegen de spannings dy't fuortkamen út 'e stikeme omglûperij, it feit dat se allebeide mienden dat it ferkeard wie om in homoseksuële relaasje te ûnderhâlden, en troch Wright har lange perioaden fan ôfwêzigens as se op toernee moast. Uteinlik rûn it spul dochs foargoed stikken, en neitiid troude Wright har freondinne mei in man.

Yn it neijier fan 2000 hie Wright in relaasje mei countrysjonger Brad Paisley, dy't yn 'e rabbersblêden breed útmetten waard. Letter sei Wright yn in fraachpetear mei Oprah Winfrey dat se Paisley bewûndere om syn skranderens en goede persoanlikheid, mar dat se har nea seksueel ta him oanlutsen field hie. "Ik hold fan Brad. Ik hie nea it fermogen om fereale op him te wurden, mar it liek my ta dat as ik dochs in minder as befredigjend libben liede moast, dat dit dan de man wie dêr't ik dat libben mei diele koe. As ik dochs in fint hawwe moast, dan wie dit him." Fierders sei se dat it har no slim muoide hoe't dy hiele relaasje úteinset en beëinige wie.

Chely Wright 
Wright set har hantekening foar in ferwûne Amerikaanske marinier.

Uteinlik kaam Wright ta it ynsjoch dat der neat mis mei is om jin as frou seksueel oanlutsen te fielen ta oare froulju. Tusken 2004 en 2006 fertelde se har direkte famylje en in pear goede freonen dat se lesbysk wie. Yn 2007 naam se it beslút om publyklik út 'e kast te kommen, mar se woe it goed dwaan, der kontekst oan jaan, dat se skreau earst har autobiografy. Op 3 maaie 2010 die it tydskrift People Magazine ferslach fan Wright har coming out, en letter dy moanne ferskynde har autobiografy Like Me, wêryn't se it hiele ferhaal út 'e doeken die. Dêrmei waard se eins de earste grutte Amerikaanske countrystjer dy't út 'e kast kaam.

Yn 'e konservative, fierhinne strang kristlike Amerikaanske countrymuzykyndustry wiene de reäksjes foar in grut part negatyf. Wright har ferkeapsifers giene suver midstwa. Hja krige haatmail en sels deadsbedrigings. Se krige wol in soad stipe út 'e hoeke fan 'e leden fan 'e Amerikaanske homoseksuële mienskip, mar dat binne oer it algemien gjin countryleafhawwers, en, sa't Wright letter sels sei: "it is in hiele sprong fan [...] minsken dy't op myn Facebookside komme en op 'e "Like"-knop klikke nei dat se myn platen keapje en konserten besykje." Dat finansjeel waard se dêr net folle wizer fan. Yn 2011 waard der in dokumintêre oer Wright har coming out makke, mei as titel Wish Me Away ("Winskje My Fuort"), sawol ferwizend nei in nûmer fan har cd Lifted Off the Ground, as nei de negative reäksjes dy't se krige.

Yn 2010 rjochte Wright de Like Me Organization op, dy't famylje, freonen, fans en oare stipers fan 'e homomienskip gearbringt om help en foarljochting te jaan oan nije homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen en harren famylje en freonen. It foarnaamste doel is om it narjen fan tiners fanwegen harren seksuële oriïntaasje en selsmoard ûnder homo-, bi- en transseksuële jongerein tsjin te gean.

Op 6 april 2011 ferloofde Wright har mei de joadske homorjochte-abbekate Lauren Blitzer. Se trouden op 20 augustus fan dat jier by in besletten gearkomste op it plattelân fan 'e steat Konnetikut, wêrby't sawol in dûmny as in rabbyn foargiene. Nei reägearbuisbefruchting waard yn jannewaris 2013 bekendmakke dat Wright yn ferwachting wie fan in twilling. Op 18 maaie fan dat jier brocht se George Samuel en Everett Joseph Wright te wrâld.

Diskografy

Albums

Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
1994 Woman in the Moon n.f.t. n.f.t.
1996 Right in the Middle of It n.f.t. n.f.t.
1997 Let Me In n.f.t. n.f.t.
1999 Single White Female n.f.t. Chely Wright  Feriene Steaten: goud
2001 Never Love You Enough n.f.t. n.f.t.
2005 The Metropolitan Hotel n.f.t. n.f.t.
2010 Lifted Off the Ground n.f.t. n.f.t.

Kompilaasje-albums

Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
2003 The Millennium Collection n.f.t. n.f.t.
2006 The Definitive Collection n.f.t. n.f.t.

Extended plays

Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
2004 Everything n.f.t. n.f.t.
2008 Chely Wright Live n.f.t. n.f.t.

Singles

    Eigen singles
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
1994 He's a Good Ole Boy n.f.t. n.f.t.
Till I Was Loved by You n.f.t. n.f.t.
1995 Sea of Cowboy Hats n.f.t. n.f.t.
Listenin' to the Radio n.f.t. n.f.t.
1996 The Love That We Lost n.f.t. n.f.t.
The Love He Left Behind n.f.t. n.f.t.
1997 Shut Up and Drive n.f.t. n.f.t.
Just Another Heartache n.f.t. n.f.t.
1998 I Already Do n.f.t. n.f.t.
1999 Single White Female nominearre foar in ACM Award en in TNN/Music City News Country Award n.f.t.
It Was n.f.t. n.f.t.
2000 She Went Out for Cigarettes n.f.t. n.f.t.
2001 Never Love You Enough n.f.t. n.f.t.
Jezebel nominearre foar in CMT Flameworthy Video Music Award n.f.t.
2004 Back of the Bottom Drawer n.f.t. n.f.t.
Everything n.f.t. n.f.t.
The Bumper of My SUV n.f.t. n.f.t.
2005 The Bumper of My SUV (re-release) n.f.t. n.f.t.
The River n.f.t. n.f.t.
C'est la Vie (You Never Can Tell) n.f.t. n.f.t.
2010 Broken n.f.t. n.f.t.
2011 Damn Liar (dance remix) n.f.t. n.f.t.
    Gastsingles
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
2000 Hard to Be a Husband, Hard to Be a Wife (mei Brad Paisley) nominearre foar in TNN/CMT Country Weekly Music Award en in CMA Award n.f.t.
2003 Scary Old World (mei Radney Foster) n.f.t. n.f.t.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar it nûmer/album
1995 ACM Award wûn bêste nije fokaliste n.f.t.
1996 TNN/Music City News Country Award nominearre stjer fan moarn n.f.t.
Jukebox Award nominearre bêste nije artyst n.f.t.
1999 ACM Award nominearre bêste fideoklip Single White Female
nominearre bêste sjongster n.f.t.
CMA Award nominearre Horizon Award n.f.t.
Country Weekly Award nominearre fluchst opkommende artyst n.f.t.
TNN/Music City News Country Award nominearre bêste fideoklip fan it jier fan in froulike artyst Single White Female
2000 CMA Award nominearre Horizon Award n.f.t.
2001 CMA Award nominearre bêste sangbarren fan it jier (mei Brad Paisley) Hard to Be a Husband, Hard to Be a Wife
MENC Award wûn Stand Up for Music Award n.f.t.
TNN/CMT Country Weekly Music Award nominearre bêste fokale gearwurking (mei Brad Paisley) Hard to Be a Husband, Hard to Be a Wife
2002 CMT Flameworthy Video Music Award wûn meast modieuze fideoklip Jezebel
IBMA Award wûn bêste opnommen sangbarren fan it jier (mei Ralph Stanley e.o.) Clinch Mountain Sweethearts
MENC Award wûn Fame Award n.f.t.
2005 Country Weekly Award nominearre bêste sjauvinistyske liet Bumper of My SUV
nominearre stjer mei it grutste hert n.f.t.
2006 Country Weekly Award nominearre stjer mei it grutste hert n.f.t.
2010 Black Tie Dinner wûn Media Award n.f.t.
OUTmusic Award wûn foarhoedepriis (Vanguard Award) n.f.t.
2011 Documentary Channel Audience Award
(fan it Filmfestival fan Nashville)
wûn bêste dokumintêre Wish Me Away
GLAAD Media Award nominearre treflike muzikale artyst n.f.t.
Kansas Music Hall of Fame ynhuldige Kansas Music Hall of Fame n.f.t.
Lambda Literary Award nominearre bêste biografy Like Me
Priis fan it Filmfestival fan Los Angeles wûn bêste dokumintêre Wish Me Away

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.


Tags:

Chely Wright LibbenChely Wright DiskografyChely Wright Prizen en nominaasjesChely Wright Keppelings om utensChely Wright19701994199719992001201025 oktoberAutobiografyCdCountryFeriene SteatenJust Another HeartacheKansas City (Missoury)LesbiënneLietMissoury (steat)MuzikanteSingle White Female (liet)Sjongster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

18 novimberChanto-MansiëKrusiging fan JezusPornografyShakey SamFinske GolfAfrica SexxFingerjenLift (hefmeganisme)ElektronFerkrêftingAudulfTsjetsjeniëImerkes (fûgel)Vanessa SkyEtiopysk-Otterdokse TsjerkeList fan planetoïden 77001-78000Bline NettelIngoesjetië5 septimber37Yves BaillatMarika FruscioNoardwâlde (Grinslân)Charles III fan it Feriene KeninkrykRosa CaraccioloAlgerijeJoadenRomeinenTeemsMegan SalinasBrún sâneachjeHaadsideÛntslachEve MadisonPasta (daaiguod)Tasitus (skriuwer)Aartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)Santa Ana (Kalifornje)Ruslân2006List fan planetoïden 47001-48000GeorgjeList fan sterke tiidwurden yn it FryskKûl Sjarif-moskeeStasjon StedumTibeariusList fan planetoïden 1001-2000Stasjon It Hearrenfean Iisstadion2011Moriah MillsFryslân Boppe14 julySandy MilzList fan lannen en territoariaJapanDútslânList fan spoarlinen yn NederlânSpoar fan Grins nei de EemshavenJoost KleinLuna SilverDionysusEarymar3 maaiePetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)🡆 More