Abbey Brooks

Abbey Brooks (mooglik har echte namme; Chicago, 17 febrewaris 1983), is in Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Yndiaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Abby Brooks.

Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34E.

Abbey Brooks
Abbey Brooks persoan yn de seksyndustry
Abbey Brooks
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Abby Brooks
echte namme Abbey Brooks (?)
nasjonaliteit Abbey Brooks Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1983
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Abbey Brooks Angelsaksysk Amerikaansk
Abbey Brooks Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.abbeybrooks.com
Abbey Brooks
Abbey Brooks.

Libben en karriêre

Abbey Brooks waard yn 1983 berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, mar groeide op yn 'e foarstêden fan Detroit, yn Michigan, as it ienlingsbern yn it gesin fan har âldelju. Se waard roomsk grutbrocht en genoat har oplieding fierhinne oan priveeskoallen. Doe't se sân jier wie, sette se ûnder begelieding fan har mem útein mei it dwaan fan modellewurk. Nei't se slagge wie foar de middelbere skoalle, rûne se mei goed gefolch in stúdzje businessmanagement ôf.

Dêrnei begûn Brooks in karriêre as neakenmodel, wêrby't se posearre foar in ferskaat oan neakenblêden. Yn 2006, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 130 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Adam & Eve, Zero Tolerance, Digital Playground, New Sensations, Elegant Angel, Penthouse, Jules Jordan Video, Gina Lynn Productions, Pure Play Media, Digital Sin, Hustler Video en Diabolic Video. Dêrnjonken hat se ek in protte wurke foar pornosites as Reality Kings en Brazzers. Underwilens hat se trije kear in nominaasje foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 Danni's Hard Drive útroppen Girl of the Month n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Gabriella Fox, Brea Lynn, Veronica Rayne, Stoya, Shyla Stylez,
Marco Banderas, Charles Dera en Manuel Ferrara)
Pirates II: Stagnetti's Revenge
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Nikki Benz en Phoenix Marie) Hot & Mean 9
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne (mei Nikki Benz en Phoenix Marie) Hot & Mean 9

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Abbey Brooks Libben en karriêreAbbey Brooks Prizen en nominaasjesAbbey Brooks Keppelings om utensAbbey Brooks17 febrewaris1983Angelsaksyske AmerikanenChicagoEtnyske groepFeriene SteatenFotomodelNeakenmodelPornografysk aktriseStripperYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Luna SilverPatriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve Apostels2800 f.Kr.JunyLexxxi LockhartGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017FreedNon-profitSofia HelinGemme fan BurmaniaMasturbaasje3300 f.Kr.HTML25 maaie3501 f.Kr.Earizer1628Noard-Ierlân29 maaieMilfpornografy1 junyAleksander I fan RuslânDe Hobbit1955AquaZoo FrieslandAdolf HitlerSeiun-priis1577Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2013Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2016GodTsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovTrio (seksualiteit)SinaGeslachtsmienskip1787Maya BijouMoandeiSekshâldingFrans HemsterhuisJoe BidenPaul Custers1625PeaskeNikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)Kingston upon ThamesGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2014KalifornjeHinAudiDe Sionsberch28 septimberKonstantyn de GrutteLeif Eriksson220025 desimberRuben L. OppenheimerFazantGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Dakota-Oarloch fan 1862Dachau (Landkreis)TaiwanJoko WidodoPearsFrankrykInga Ridere1e iuwAlexa FlexyLockheed F-104 StarfighterSarah Young23e iuw🡆 More