Lexxxi Lockhart

Lexxxi Lockhart, echte namme ûnbekend (yn Itaalje, 29 july 1979), is in rêstend Italjaansk-Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de nammen Lynne en Angela.

Har skûlnamme wurdt gauris misstavere as Lexxi Lockhart of Lexxxi Lockheart. Hja sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2011 beëinige Lockhart har karriêre as pornoaktrise.

Lexxxi Lockhart
Lexxxi Lockhart persoan yn de seksyndustry
Lexxxi Lockhart
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lexxi Lockhart, Lexxxi Lockheart,
Lynne, Angela
echte namme ?
nasjonaliteit Lexxxi Lockhart Italjaansk
Lexxxi Lockhart Amerikaansk
berne 29 july 1979
berteplak ? (Itaalje)
etnisiteit Lexxxi Lockhart Italjaansk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 2007 & 20092011
offisjele webside
www.lexxxislife.com (deade link)

Libben en karriêre

Lockhart waard yn 1979 berne yn Itaalje, mar groeide op yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn 2005 troude se mei in Amerikaanske marinier en fûn se foltiids wurk yn 'e detailhannel. Twa jier letter, yn 2007, doe't se 28 jier wie, makke Lockhart har debút yn in pornografyske film. Neffens eigen sizzen die se dat om't se krap by kas siet en wol wat ekstra jild brûke koe. Doe't se yn 2009 har baan ferlear, besleat se om foltiids in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te begjinnen.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Lockhart yn totaal yn 44 films, û.m. foar de bekende studio's West Coast Productions en Pure Play Media. Mear wie se lykwols yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Koart nei't se yn 2011 fan har man skieden wie, breide Lockhart in ein oan har pornokarriêre mei in berjocht op har Twitterside.

Lichemsskaaimerken

Lexxxi Lockhart is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en kupmaat 34DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Se hat in nâlpiercing, mar gjin tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Lexxxi Lockhart Libben en karriêreLexxxi Lockhart LichemsskaaimerkenLexxxi Lockhart Keppelings om utensLexxxi Lockhart19792009201129 julyFeriene SteatenItaaljePornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktriseSkûlnamme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

American Music AwardMirka Antolović-TipurićEdsger Wybe DijkstraBlessuereJasmine Black1928MoskouHelpJ.R. CarringtonNynke HeegAlgerijeCody BryantFrou1990FingerjenJohnny CashMediaWikiFryske gemeentenNederlânske gemeenteLuma CariocaRocco SiffrediLeppeltsje-leppeltsjeFrysk19e iuwGeologyEastenrykKira EggersGemeenten fan NederlânJohnny Sins2004Mia LelaniProstitueeNoardfryskHavana GingerLuna SilverFilmMisjonarishâldingPavel DoerovHeather LeeVina SkyDútskNicole BexleyVoodoo (pornografysk akteur)MiljardêrMoanne (tiid)Grover ClevelandKunnilingusSaotomeeske pappegaaidoAfganistanWhitney TaylorIranHollânLonden24 aprilDuomo San RufinoGielsnaffelleppelbekKeiran LeeKleurEvelyn LinRealitypornografyFideoAnno Galama4 maartTroudLexi DiamondPet (holdeksel)HaadsideNeakenfotografyPornofilmOseanografyKeallepoatSûpengrottenbrijJade Marcela🡆 More