Edsger Wybe Dijkstra (Rotterdam, 11 maaie 1930 – Nuenen, 6 augustus 2002) wie in Nederlânsk wiskundige en ynformatikus.
Syn wurk wie fan grut belang foar de ûntwikkeling fan de ynformatica, mei namme op it mêd fan strukturearre programmearjen. Yn 1972 waard hy ûnderskieden mei de A.M. Turing Award dy't beskôge wurdt as de meast prestyzjeuze ûnderskieding op it mêd fan kompjûterwittenskip.
Hy is soan fan Douwe Wybe Dijkstra, gemikus, en Brechtje Cornelia Kruyper, wiskundige. Hy wie troud yn 1957 mei Maria C. Debets. Dijkstra studearre oan de Universiteit fan Leien, dêr’t er yn 1951 syn kandidaats helle yn wiskunde en natuerkunde, en yn 1956 ôfstudearre yn de teoretyske natuerkunde.
Beslissend foar syn wurkpaad wie de gelegenheid dy’t hy yn 1951 as wis- en natuerkundestudint yn Leiden krige om yn Cambridge in simmerkursus yn it programmearjen fan in elektronyske rekkenmasine te folgjen. Dosint Maurice Wilkes joech him in pûnsbantsje mei, mei boadskip foar Aad van Wijngaarden, sjef fan de Rekkenôfdieling fan it Mathematysk Sintrum yn Amsterdam. Dy joech Dijkstra direkt in baan as programmeur foar de ARRA (Automatische Relays Rekenmachine Amsterdam), de ARRA wie de rekkenautomaat dy’t doe yn oanbou wie. Sa waard Dijkstra yn ‘e foarjiersmoanne fan 1952 de earste Nederlanner mei it berop programmeur.
Fan 1952 oant 1962 wurke Dijkstra bij it Matematysk Sintrum yn Amsterdam as wittenskiplik programmeur, dêr’t er oannommen wie om de ARRA I te programmearjen. Letter ûntwikkele hy ek de programmatuer foar de ARMAC. Yn syn tiid by it CWI wurke hy ûnder oaren oan in kompiler foar de programmeartaal Algol-60. By dit wurk krige hy syn burd: hy en syn meiwurker Jaap Zonneveld hiene ôfsprutsen harren net te skearen oan’t it wurk klear wie. Fierder ûntwikkele hy hjir yn 1959 syn wrâldferneamde koartstepaadalgoritme – ek bekind as Dijkstra's algoritme.
Vanwege de grutte yndruk dy’t hy as wittenskiplik programmeur makke, waard Dijkstra yn 1962 beneamd as heechlearer oan de Technyske Universiteit Eindhoven, wêr't er oan’t 1984 wurkjen bleau. Yn dy tiid gie syn oandacht út nei de keunst en wittenskip fan de ûntwikkeling fan it komputerprogramma op matematyske grûnslach (wat nammers ek de titel wie fan ien fan de fakken dy’t hy dosearre). Yn 1972 krige hy de Turing Award foar syn bydragen oan de ynformatika yn de jierren 1950. Fanôf 1982 wie hy ek ferbûn oan de Burroughs Corporation.
Yn 1984 ferruile Dijkstra Eindhoven foar de Universiteit fan Teksas yn Austin yn de Feriene Steaten. Dêr ferfette hy syn wurk, faaks noch yn gearwurking mei syn âld-kollegas en studinten út Nederlân. Dijkstra bleau dêr wurkjen oant syn emeritaat yn 1999. Likegoed as yn syn wurksumme libben yn de Feriene Steaten as nei syn emeritaat makke Dijkstra tegearre mei syn wiif lange reizen troch de steats- en nasjonale parken fan dat lân. Hjirfoar brûkten hja harren Folksweinbuske, dy’t hja grytsich de "Touring Machine" (wurdboarterij op Turing Machine) neamden.
Dijkstra fertige op 72-jierige âldens yn Nuenen oan termkanker.
Dijkstra hat yn syn karriêre in bysûnder grutte bydrage levere oan de ynformatika, sawol yn it oantal as yn it berik fan syn bydragen. Syn wittenskiplik oeuvre omfiemet rom 1300 publikaasjes. Dêrûnder falle ek syn ferneamde EWD's (nei syn inisjalen). Dat wiene dokuminten dy’t er foar himsels skreau, mar dy't er frij beskikber steld hat. Fotokopyen dêrfan fûnnen harren paad oer de wrâld en tsjintwurdich binne in soad fan dizze hânskreaune teksten skand. Fan in soad EWD's binne transkripsjes ta foldwaan yn it E.W.Dijkstra Archive fan de Universiteit fan Teksas.
Dijkstra behannellet kompilerbou, ûntwerp fan bestjoeringssystemen, ûntwerp fan programmeartalen en algoritmyk, mar syn grutste bydrage oan it mêd wiene sûnder twifel de wiskundige fûneminten fan de ynformatika. Benammen dêrfoar fûn Dijkstra mei syn studinten yn 1962 ynoarme ynspiraasje yn in publikaasje oer predikatenkalkulus fan Tony Hoare. Mei dizze aksiomatyske basis foar de ûntwikkeling fan komputerprogramma's hat Dijkstra rjochting jûn oan de hiele ynformatica en it mêd boppe it nivo fan oangriemen ta echte wittenskip brocht. Dijkstra wurdt dan ek beskôge as ien fan de echte foarfaars fan de ynformatika en as in direkte opfolger fan minsken lykas Alan Turing.
Dijkstra wie tige tsjin de GOTO-opdracht en hat in grutte rol spile by it ferfangen dêrfan troch funksjes, lussen en soksoarte struktueren. Dochs befieme de troch Dijkstra skreaune boarnekoade fan Pascal-S in soad GOTO's. Hy wie in wichtich lid fan de groep dy’t de programmeartaal Algol-60 ûntwikkele en skreau foar dy taal de earste praktyske kompiler. Hy hat noch in protte oare bydragen oan de ûntwikkeling fan programmeartalen en bestjoeringssystemen levere.
Neist syn wittenskiplik wurk wie Dijkstra ferneamd om syn húsrieme (en somtiden snauske) kommentaren op de praktyk fan syn fakgebiet, lyk as:
Dijkstra stie bekend as een karismatysk ûnderwizer. Syn skreaune wurk is goed lêsber. De foarbylden dy’t hy brûkte binne fakentiden tige oansprekkend en byldzjend. It probleem fan gearwurkjende prosessen yllustrearre hy bygelyks oan de hân fan in kapsalon.
De kapsalon bestiet út in wachtkeamer en in salon. As der gjin klanten binne jout de kapper him del. De gedrachsregels fan de kapper besteane út it neifolgjende:
En de gedrachsregels foar de klanten:
De kearn sit yn it sliepen fan de kapper yn de wachtkeamer. By in ûnsichtber sliepende kapper sjocht de klant gjin ûnderskied tusken in kapper dy’t dwaande is yn de salon en in kapper dy’t yn de salon sliept.
In oar foarbyld wie it fraachstik fan "De wolf, it skiep en de koal", oan de hân wêrfan't hy yllustrearre hoe’t behâld fan symmetry yn in ûntwerp it ophelderjen fan fraachstikken ienfâldiger makket. It fraachstik fan de wolf, it skiep en de koal is in bekende opjêfte foar bêrn: in harder hat in wolf, in skiep en in koal. Hy komt by in rivier mei in boat wêrmei hy himsels en ien oar ding oersette kin. Hoe komt hy no mei alles oan de oare kant sûnder dat de boel opfretten wurdt? Foar de útkomst is útgongspunt dat it fraachstik symmetrysk is; de wolf it skiep en de koal binnen eins deselde dingen. De wolf en de koal meie net allinnich by it skiep bliuwe. Wy neame it skiep S, de harder H en de wolf en de koal beide A. Der meie gjin stappen tebek nommen wurde by it oerfarren, dan is it fraachstik opheldere en is der noch mar ien útkomst. Beskreaun as in list fan opienfolgjende situaasjes op de lofter en rjochter kant, wêrby A(2) stiet foar "twa A eleminten":
LOFTS | RJOCHTS | |
0) | HSA(2) | - |
1) | A(2) | HS |
2) | HA(2) | S |
3) | A | HAS |
4) | HAS | A |
5) | S | HA(2) |
6) | HS | A(2) |
7) | - | HSA(2) |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edsger Wybe Dijkstra fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Edsger Wybe Dijkstra, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.