Havana Ginger

Havana Ginger, echte namme: Monica Pendas (Los Angeles, 27 febrewaris 1984), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Kubaansk-Spaansk-Yndiaansk etnysk komôf.

Yn it begjin fan har karriêre hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Havana, Mika Brown, Mika en Mica, wylst har úteinlike skûlnamme ek wol misstavere wurdt as Havanna Ginger.

Havana Ginger
Havana Ginger persoan yn de seksyndustry
Havana Ginger
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Havana, Havanna Ginger,
Mika Brown, Mika, Mica
echte namme Monica Pendas
nasjonaliteit Havana Ginger Amerikaansk
berne 27 febrewaris 1984
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Havana Ginger Afro-Kubaansk
Havana Ginger Spaansk
Havana Ginger Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20032020
offisjele webside
www.havanagingerxxx.com
Havana Ginger
Havana Ginger yn kostúm op in Halloween-feest.

Libben en karriêre

Havana Ginger waard yn 1984 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 2004, doe't hja tweintich jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 220 ûnderskate films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Elegant Angel, Sin City, Hustler Video, Third Degree Films, Wicked Pictures, Red Light District, Devil's Film, Anabolic Video, Zero Tolerance, Vivid Entertainment, VCA Pictures, Evil Angel, Digital Sin, Pure Play Media en Adam & Eve.

Ek hat Havana Ginger wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Black Ice en Platinum X Pictures. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings en BangBros. Dêrnjonken posearre hja ek foar ferskate neakenblêden, en wie hja aktyf as stripper. Yn 2014 loek se har úteinlik út 'e pornoyndustry werom. Neffens har offisjele opjefte is Havana 1.60 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34D, dy't se krigen hat troch (yn it begjin fan har karriêre) in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Havana Ginger har twillingsuster is ek wurksum as pornoaktrise, ûnder de namme Savana Ginger.

Keppelings om utens

(in) Offisjele webside fan Havana Ginger
(in) Havana Ginger har side op Twitter
(in) Biografy en filmografy fan Havana Ginger yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Havana Ginger yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Havana Ginger yn 'e Adult Film Database (AFD)
(in) Biografyske gegevens fan Havana Ginger op FreeOnes

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

198427 febrewarisEtnyske groepFeriene SteatenLos AngelesNeakenmodelPornografysk aktriseSkûlnammeStripperYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Heinrich BarthSweedskProvinsjale Steaten2007Devin DeRayAmsterdamGeorge WashingtonArcheologyHeuvelHongarijeBaldrs Draumar (band)1973Frysk alfabetRembrandt van RijnWalt DisneyList fan planetoïden 89001-90000GlamourfotografyCarl JungSlavernijWrotmûzenGaelyske talenJoyce Oliveira632SnoadfoanKatedraalGrebbeberchSeksualiteitGielwangwrotmûsWikipedySarsy (taal)Jelle Hendriks BrouwerWringeleazenHelpPetra VerkaikAazjeSosha DuyskerAldfryskTwitterSintraal-AmearikaMissoery (steat)Baskyske wrotmûsWeenske oester1858HeechlearaarBefolkingDemokrasyDuët1982Nikki AndersonIngwierrumGieren fan de Alde WrâldMauritsius1974Fryske gemeentenNapali VideoKomoarenBoedismeSasha BeartRichard NixonCriss Strokes1899JeropaAnne HenningIerdePinguïnsUrk🡆 More