Angelsaksyske Amerikanen

De Angelsaksyske Amerikanen of etnyske Amerikanen, yn it deistich spraakgebrûk meastal oantsjutten mei de foar mearderlei útlis fetbere term Amerikanen, foarmje in befolkingsgroep yn 'e Feriene Steaten fan Amearika.

Hja binne foar it meastepart blanken fan wa't de foarâlden al sa lang lyn nei de Nije Wrâld ta ferfearn binne, dat se gjin weet mear hawwe fan har lân fan komôf, noch fan har oarspronklike etnisiteit. Ek kin it wêze dat har foarâlden, ienris yn Amearika oankommen, sa mei lju fan oare etnyske groepen yninoar omtroud hawwe, dat alle etnysk besef by har neikommelingen weiwurden is. Yn elts gefal antwurdet dizze groep as der by folkstellings nei har etnisiteit frege wurdt fan "Amerikaansk". Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 bestie doe 7,2% fan 'e Amerikaanske befolking út Angelsaksyske Amerikanen.

Angelsaksyske Amerikanen
Angelsaksyske Amerikanen
It Amerikaanske Kapitoal, yn Washington, D.C..
flagge
Angelsaksyske Amerikanen
populaasje
oantal 20.200.000 (2000)
taal Ingelsk (Amerikaansk-Ingelsk)
godstsjinst kristendom
erkenning
steatsdragend folk Angelsaksyske Amerikanen Feriene Steaten
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Angelsaksyske Amerikanen Feriene Steaten: 22.951.000

Skiednis

De Jeropeeske foarâlden fan 'e Angelsaksyske Amerikanen kamen nei alle gedachten benammentlik fan 'e Britske Eilannen. De earsten fan harren setten har fan 1607 ôf te Jamestown yn Firginia nei wenjen yn Amearika. Oare koloanjes waarden koarte tiid letter oan 'e kust fan Nij-Ingelân stifte, en ûnder de iere kolonisten wiene ferskate groepen fan religieuze dissidinten, lykas de puriteinen, dy't in grutte ynfloed hawwe soene op 'e ûntjouwing fan it kristendom yn 'e lettere Feriene Steaten. Mei de kolonisaasje fan it súdlike Georgia, yn 1732, wiene dêr trettjin Britske koloanjes foarme.

Angelsaksyske Amerikanen 
De Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklear-ring wurdt yn 1776 presintearre oan it Kongres.

Fanwegen in polityk skeel oer belestings ûntstie der yn 'e earste helte fan 'e 1770-er jierren rebûlje yn 'e trettjin koloanjes, dy't yn 1776 útrûn op oarloch mei de Britske machthawwers doe't it koloniale Kongres de ûnôfhinklikheid útrôp. Dy Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch sleepte him fuort oant 1783, doe't de Britten har nederlaach erkenden. Dêrnei besloegen de nije Feriene Steaten it hiele gebiet fan 'e Atlantyske Oseaan oant de rivier de Mississippy, en waard serieus úteinset mei de kolonisaasje fan it binnenlân, dy't de Britten altyd tsjinholden hiene. It Amerikaanske Suden ûntjoech him ta in gebiet fan tabaks- en katoenplantaazjes foar de bewurking wêrfan't men hûnderttûzenen slaven út Afrika helje liet. Yn it binnenlân waard de lânseigen Yndiaanske befolking wat langer wat mear lân ûntnadere. Under de Twadde Grutte Opwekking, dy't om 1800 hinne begûn, bekearden miljoenen kolonisten har ta it evangelysk protestantisme.

De almar oanhâldende útwreiding fan it kolonisearre gebiet nei it westen ta soarge foar in lange rige oarloggen mei de Yndianen, benammen nei de Louisiana-oankeap, wêrby't yn 1803 mei de Frânske koloanje Louisiana it Amerikaanske grûngebiet suver ferdûbele waard. By in oare oankeap waard yn 1819 Floarida fan 'e Spanjerts oanskaft, wylst by de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch fan 1845-1848 Teksas, Kalifornje en it Súdwesten bútmakke waarden op Meksiko. De ynterne skelen tusken it ekonomysk fan lânbou en slavernij ôfhinklike Suden en it yndustriële Noarden, oer de rjochten fan 'e steaten fersus de rjochten fan it nasjonale regear, kamen yn 1861 ta útbarsting yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't oant 1865 ta duorre, en úteinlik û.m. it brekken fan 'e ekonomyske macht fan it Suden en de ôfskaffing fan 'e slavernij ta gefolch hie.

Angelsaksyske Amerikanen 
Meast foarkommend etnysk komôf fan Amerikanen per county en (op it lytse ynsetsje) per steat, neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000. Angelsaksyske Amerikanen binne werjûn yn krêmkleur/ljochtgiel.

Troch nije ymmigraasjeweagen út Jeropa wei naam yn it lêste trêdepart fan 'e njoggentjinde iuw de befolking yn it Easten sterk ta, wat mei de flugge kolonisaasje fan 'e rest fan it kontinint feroarsake, al bleau it "Wylde Westen" noch in skoft lang in wat ûnbeskaafde úthoeke. Yn deselde tiid fûn de kolonisaasje fan Hawaï plak en yn 1867 wie Alaska oankocht fan Ruslân. Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw makke de flugge ekonomyske ûntjouwing de Feriene Steaten ta ien fan 'e meast foaroansteande grutmachten fan 'e wrâld, sij it ien dy't hast folslein nei binnen ta keard wie. Dat feroare eefkes mei de Earste Wrâldoarloch, dêr't de Amerikanen by wize fan sprekken oan it hier by skuord waarden, mar neitiid setten se har polityk fan isolasjonisme wer fuort.

Angelsaksyske Amerikanen 
De 15 grutste etnyske groepen ûnder de Amerikaanske befolking, neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000. De Angelsak-syske Amerikanen binne de fyfde steafdia-gram fan boppen, mei it byskrift "American".

Pas de Twadde Wrâldoarloch makke har dúdlik dat se har net sûnder negative konsekwinsjes fan 'e rest fan 'e wrâld ôfsûnderje koene. Neitiid namen se it foartou by de bestriding fan it kommunisme ûnder de Kâlde Oarloch, en doe't dy yn 1991 oan syn ein kaam troch de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny, bleaune de Feriene Steaten oer as de iennichste supermacht. De flugge maatskiplike feroarings dy't har sûnt yn it lân foardien hawwe, binne ôf te lêzen oan 'e útwreiding fan frouljusemansipaasje en homorjochten en oan it feit dat yn 2008 Barack Obama as earste swarte man ta presidint fan 'e Feriene Steaten keazen waard.

Demografy

Der moat dúdlik ûnderskie makke wurde tusken Angelsaksyske Amerikanen en blanke Amerikanen, dy't in folle gruttere groep omfiemje. Angelsaksyske Amerikanen binne in minderheid yn 'e Feriene Steaten, ek al foarmje sy fan dat lân feitliks it steatsdragende folk. Se binne Ingelsktalich en op it mêd fan religy hingje se yn grutte mearderheid it kristendom oan, mei in lyts groepke ateïsten en agnosten.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wiene der doe 20,2 miljoen Angelsaksyske Amerikanen, dy't mei-inoar 7,2% fan 'e totale Amerikaanske befolking útmakken. Anno 2014 soe mei dat persintaazje in oantal fan goed 22.951.000 minsken muoid wêze, mar nei alle gedachten groeit de Amerikaanske befolking as gehiel troch ymmigraasje flugger as de Angelsaksysk Amerikaanske befolkingsgroep, dat it leit yn 'e reden dat it neamde oantal oan 'e hege kant is.

Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wiene de Angelsaksyske Amerikanen sterk konsintrearre yn 'e regio fan 'e súdlike Appalachen en oare dielen fan it Amerikaanske Suden, lykas de Floridiaanske Panhandle, súdeastlik Georgia, noardwestlik Arkansas, súdlik Missoury en eastlike en sintraal Teksas. Se foarmen de grutste befolkingsgroep yn fjouwer Amerikaanske steaten: Arkansas, Kentucky, Tennessee en West-Firginia.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Angelsaksyske Amerikanen SkiednisAngelsaksyske Amerikanen DemografyAngelsaksyske Amerikanen2000BefolkingEtnisiteitFeriene Steaten fan AmearikaFoarâldenFolkstellingJeropide rasNeikommelingNije Wrâld

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nije mediaOsmaanske RykDeiskemaKarel II fan IngelânShae SummersCowgirlhâldingPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)RjochtsaakList fan planetoïden 43001-44000LibbenBorneroordFriezenLos AngelesNij-SeelânBarnstienIrakIranFenloKomeetIngoesjetiëWiskundeAudulfGrutte Synagoge (Tomsk)TechnologyGeorge W. BushProstitueeRussyskFryslân BoppeNikolaas fan MyraJulie SkyhighIvan IV fan RuslânLexi DiamondNew York (stêd)Fellatio13 jannewarisList fan planetoïden 24001-25000SwierwêzenOflûken (seksualiteit)1 jannewarisStasjon Delfsyl WestElektronList fan planetoïden 1001-2000KolombiaMoskouHoratio NelsonRoemeenskJoyce OliveiraAshley OceanIt OranjewâldOpstanning fan JezusMaya BijouCassidy BanksKristina LionShalina Devine1827Fritz WepperList fan planetoïden 38001-39000Napels600Noardlike NjonkenlinenMissy Elliott2001DronrypDôve NettelGrut-BrittanjeMegan SalinasDominion Nijfûnlân🡆 More