Vivid Entertainment

Vivid Entertainment, of: de Vivid Entertainment Group, gauris ôfkoarte ta Vivid, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje.

De studio waard yn 1984 oprjochte troch Steven Hirsch en David James. Hoewol't de begjinjierren fan Vivid dreech wiene, waard it label yn 2006 troch it parseburo Reuters omskreaun as ien fan it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret. Hjoed de dei hat Vivid mear AVN Awards (de Oskars fan 'e pornoyndustry) binnenhelle as lykfol hokker oare studio.

Vivid Entertainment
Vivid Entertainment
algemien
nasjonaliteit Vivid Entertainment Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Los Angeles (Kalifornje)
oprjochte 1984
oprjochter Steven Hirsch
David James
offisjele webside
www.vivid.com

Skiednis

De bloei fan Vivid Entertainment (dat letterlik "Libben Fermaak" betsjut) begûn yn 'e jierren njoggentich, doe't de studio in stikmannich tige populêre pornoaktrises ûnder kontrakt krige, lykas Janine Lindemulder, de te jong stoarne Savannah, Racquel Darrian (de "brúnhierrige goadinne fan 'e porno") en Kobe Tai. Nei 2000 kamen dêr noch oare grutte nammen by, wêrûnder Jenna Jameson en Tera Patrick. Vivid wie ek de earste studio dy't, ûnder de namme Vivid Celeb, sekstapes fan ferneamde lju útbrocht (en dêr kaptalen mei fertsjinne), lykas Pamela Anderson & Tommy Lee: Hardcore & Uncensored, Janine & Vince Neil: Hardcore & Uncensored en Kim Kardashian Superstar.

Utwreiding nei oarsoartige merken

De merknamme Vivid is goud wurdich, en sadwaande binne der no (produsearre troch de Vivid Entertainment Group sels of yn gearwurking mei oare bedriuwen) ek Vivid-wodka, Vivid-kondooms, Vivid-snowboards, Vivid-skateboards, Vivid-T-shirts, Vivid-spylkaarten, Vivid-kalinders en Vivid-stripboeken op 'e merk. It boek How to Have a XXX Sex Life: The Ultimate Vivid Guide, dat mei-skreaun waard troch ûnderskate Vivid-kontraktstjerren en ferskynde by de renommearre útjouwerij HarperCollins Publishers, waard fuortendaliks in bestseller. Vivid hat ek in eigen útjouwerij, dy't ûnder de ymprint Vivid Ed bgl. ûnderrjochtsjende útjeften op it mêd fan geslachtsferkear publisearret, lykas The Expert Guide To Anal Sex, The Expert Guide to Oral Sex, Part 1: Cunnilingus, The Expert Guide to Oral Sex, Part 2: Fellatio en The Expert Guide to the G-Spot.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Vivid Entertainment SkiednisVivid Entertainment Utwreiding nei oarsoartige merkenVivid Entertainment Keppelings om utensVivid Entertainment19842006AVN AwardAmerikaanske steatenFeriene SteatenKalifornjeLos AngelesOskarParseburoPornografy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hillige Roomske RykBaalbekBefolkingClara MorganeFryslânDOK1878FrânsenNederlânPinsjoenThüringenGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019ToulouseGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011Benedictus XVIHinGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010Austraalje (lân)BorneoEpifanytsjerke (Solikamsk)ParaguayMasturbaasjeSofia HelinFalklânoarlochEarste WrâldkriichRené DescartesKatolike TsjerkeKalifornjeJudas IskariotTessalonikiSúdsineeske SeeFingerjenJohan DerksenAnna fan BretanjeTrije-ienheidskatedraal (Brjansk)PornografyFernando Alonso17391901 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 201411e iuw f.Kr.Noelle EastonJiertiidSacramento (Kalifornje)BrjanskSekshâldingSaya Song1969100 f.Kr.14e iuw f.Kr.Fryslân3300 f.Kr.Braille1787HTMLNeakenfotografyHeather LeeOpper-MichiganRomeinske RepublykAnale seksVideojockey2003000 f.Kr.Formule 1 yn 2017Justin Bieber184140e iuw f.Kr.Hindoekalinder🡆 More