Ymprint

In ymprint is in hannelsmerk fan in útjouwerij dat brûkt wurdt om boeken ûnder út te jaan.

Ien en deselde útjouwerij kin in ferskaat oan ymprints yn 'e hannen hawwe, en sa ûnder ferskillende nammen boeken op 'e merk bringe. Sa'n soarte fan konstruksje komt bygelyks faak ta stân troch it oernimmen fan 'e iene útjouwerij troch de oare. De oernommen útjouwerij hat dan faak in fêstige namme, dy't bekend en fertroud is by syn lêzers, en de oernimmende útjouwerij wol dy lêzers net ferlieze en giet dêrom troch mei it útjaan fan itselde soarte boeken ûnder de âlde namme, ek al is dat dan net mear in selsstannige útjouwer. It komt sadwaande gauris foar dat útjouwerijen boeken fan ferskillende sjenres ûnder ferskillende ymprints útjouwe. Ek is it mooglik dat ien ymprint wer oaren ûnder him hat.

In goed foarbyld is de Amerikaanske útjouwerij Macmillan Publishers, dy't û.m. de ymprint Tor Books yn 'e hannen hat, wat foarhinne in selsstannige útjouwerij wie. Tor Books sels hat dan as ymprints wer û.m. Tor Books, Forge Books, Orb Books en Tor Teen. Yn Nederlân is in bekend foarbyld Uitgeverij Het Spectrum, dy't njonken eigen ymprints as Prisma en Aula ek de nammen fan 'e oernommen útjouwers Van Holkema & Warendorf en Van Goor noch altiten brûkt.

Tags:

Útjouwerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rocco SiffrediHasmoneeërsJulianna VegaCéline DionSarah YoungPearsIuwskemaLily CollinsGenèveGryt van DuinenKaUniversiteit fan OklahomaDe OesdripPornografysk aktriseNederlânKampen (gemeente)Ines RidereJuliet E. McKennaJosy BlackYndiaaske pappegaaidoGeorgia O'KeeffeFeriene SteatenCarl Friedrich GaussCJ MilesHaadsideRosa CaraccioloFatikaanstêdGokken731Tiidsônes yn de Feriene SteatenAutoJohann Jacob EngelGeert van TuinenAsia (pornografysk aktrise)GraldaRugby op de Paralympyske SimmerspullenOlympyske Winterspullen 2018Carolus LinnaeusPorsha CarreraSensual JaneMasahiro Fukuda1924NederlânskHidetoshi NakataHegere BoargerskoalleSwarte Mar (mar)TearnsPaulina SeikolaMisjonarishâlding's-HeerenbroekDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)AuteursrjochtSibearyske wezelingChe GuevaraGray's AnatomyTwinterâneSimon van SlingelandtList fan planetoïden 75201-75300AfrikaSwartewetterlânPoerdersramp1899List fan planetoïden 58501-58600Oekraïne1839🡆 More