Kim Kardashian

Kimberly Noel Kim Kardashian (Los Angeles, 21 oktober 1980) is in Amerikaanske styliste, aktrise, model en telefyzjebekendheid fan Armeensk, Nederlânsk en Skotsk komôf.

Se is fral bekend troch har turbulinte priveelibben, realityshow Keeping Up with the Kardashians. Teffens hat sy in moade- en in parfumline.

Kim Kardashian
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Kim Kardashian
Kim Kardashian (2019)
Kim Kardashian (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kimberly Noel Kardashian
nasjonaliteit Kim Kardashian Amerikaansk
berne 21 oktober 1980
berteplak Los Angeles
wurkpaad
berop/amt styliste,
aktriste,
model,
telefyzjebekendheid,
aktiviste
jierren aktyf 2003-No

Famylje

Kardashian is de dochter fan de Iraanse Robert Kardashian (1944-2003), dy't bekend wurden is as abbekaat fan de destiids fan moard beskuldige O.J. Simpson. Har mem is Kris Jenner (Houghton, San Diego, 1955). Sy hat in âldere suster, Kourtney (1979), in jongere suster, Khloe (1984), in jongere broer, Robert Jr. (1987) en twa healsusters, dyt har mem krige mei atleet Bruce Jenner: Kylie en Kendall. Fia Jenner hat Kim Kardashian ek styfbroers Burton, Brandon en Brody en styfsuster Casey. Al dy sibben hawwe in rol yn de rige Keeping Up With The Kardashians, útsein Robert Kardashian, dy't nei syn skieding fan Kris Jenner oan kanker stoar.

Sekstape

Kardashian har priveelibben waard net folle oer praat oant der in fideobân foar it ljocht kaam dêr't op te sjen wie hoe't sy seks hie mei har freon fan doe R&B sjonger Ray J (de broer fan sjongster Brandy). Sy klage Vivid Entertainment oan, dy't de bân útbrocht hie. Nei in skikking fan fiif miljoen dollar luts sy de oanklacht yn.

Aktivisme

Kardashian stipet de erkenning fan de Armeenske genoside yn it iepenbier sa faak at sy kin en hat Barack Obama en it regear fan de Feriene Steaten oantrune de genoside ta te jaan.

Op 1 april 1 2010 die Kardashian mei oan Cyndi Lauper har Give a Damnkampanje dy't liede moast ta in breder bewustwêzen fan diskriminaasje fan de LGBT-mienskip yn it ramt fan har True Colors Fund. De kampanje rôp hetero's op om it op te nimmen foar homo's, lesbyske froulju, biseksuelen, transgenders en de diskriminaasje te stopjen.

Filmografy

Kim Kardashian 
Kardashian yn 2018.
Kim Kardashian 
Kardashian yn 2009.
Kim Kardashian 
Kim Kardashian yn 2009.
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
Film
2008 Disaster Movie Lisa
2009 Deep in the Valley Summa Eve
2013 Temptation: Confessions of a Marriage Counselor Ava
2016 Zoolander: Super Model As har sels (stimme)
2018 Ocean's 8 As har sels Cameo appearance
2021 PAW Patrol: The Movie Delores (stimme)

Televisie en oar wurk

  • WrestleMania XXIV (maart 2008)
  • WWE Raw (1 ôflevering, maart 2008)
  • Fideoklip Thnks fr th Mmrs fan Fall Out Boy (2007)
  • The Tyra Banks Show (1 ôflevering, 2007)
  • Chelsea Lately (2007)
  • Más vale tarde (2007)
  • Keeping Up with the Kardashians (8 ôfleveringen; 2007, 8 ôfleveringen; 2008)
  • The View (1 ôflevering, novimber 2007)
  • Entertainment Tonight (1 ôflevering, septimber 2007)
  • Sunset Tan (1 ôflevering, 2007)
  • Beyond the Break (1 ôflevering, 2006)
  • The Simple Life (2 ôfleverings, 2006)
  • MTV Cribs (1 ôflevering, 2007)
  • Kourtney and Kim take New York (hiele seizoen 1, 2011)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Kim Kardashian FamyljeKim Kardashian SekstapeKim Kardashian AktivismeKim Kardashian FilmografyKim Kardashian Televisie en oar wurkKim Kardashian198021 oktoberAkteurArmeenjersFeriene SteatenLos AngelesModel (persoan)NederlânSkotlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Miami9e iuw f.Kr.American Music AwardJ. MacNeakenmodelNij-GuineäPhoenix (Arizona)Sint-Frederikustsjerke (Steggerda)De BoarnHylpenBilly GlideMicrosoft WindowsJada StevensBoedismeTsjaad873 f.Kr.Heinrich HimmlerErflikheidslearFjoerKunnilingusRaffarinadeDomeinnammeOezbekistanMegan SalinasMiranda Werkman2023Lytse leppelbekDútslânBlau2012HylperskAnouk WipprechtGraham Swift1933Seksuele opwiningSlavyske talenLimoerhalskankerPornhubDomtsjerke fan MessinaRealitypornografyPearsSeksuele penetraasjeAdolf HitlerJ.R. Carrington201719011868LatynGregoriaanske kalinder1896MilitêrSietske PoepjesAugust TaylorDelotta BrownServjeCJ MilesSêfte pornografy22 febrewarisPavel Doerov1990MiddelseksLânBasketbalEastlike greidwrotmûsMiljardêrLeppeltsje-leppeltsjeMaksiminus TraksTurkskFideoFrysk🡆 More