Nina Agdal

Nina Agdal (26 maart 1992) is in Deensk fotomodel en mannekên, dy't karriêre makke hat yn 'e Feriene Steaten.

Hja briek yn 2012 troch doe't hja foar de jierlikse baaikleanedysje fan it tydskrift Sports Illustrated posearre.

Nina Agdal
Nina Agdal model
Nina Agdal
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nina Agdal Deensk
berne 26 maart 1992
berteplak ? (Denemark)
etnisiteit Nina Agdal Deensk
wurkpaad
soarte model mannekên, fotomodel
jierren aktyf ±2010 – no
offisjele webside
gjint

Karriêre

Agdal groeide op yn it Deenske Hillerød, dat noardlik fan 'e haadstêd Kopenhagen op it eilân Seelân leit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.76 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en de maten 82-60-90 (yn sm). Hja stiet ûnder kontrakt by Elite Model Management, en hat as mannekên wurksum west foar Billabong, Leonisa, Banana Moon Swimwear, Macy's, Frederick's of Hollywood en Victoria's Secret.

Yn 2012 wurke Agdal foar it earst as fotomodel foar de jierlikse baaikleanedysje fan it foaroansteande Amerikaanske sportblêd Sports Illustrated, en dêrmei waard se sa populêr dat S.I. har neitiid ta Rookie of the Year ("Grientsje fan it Jier") beneamde. Yn 2013 spile Agdal yn in reklamespotsje foar Carl's Jr./Hardee's dat yn it skoft fan 'e Super Bowl, it wichtichste Amerikaanske sportbarren fan it jier, útstjoerd waard. Dêrmei trêde hja yn 'e fuotleasten fan ferneamde modellen as Kim Kardashian, Paris Hilton en Kate Upton. Yn 2014 stie Agdal mei Chrissy Teigen en Lily Aldridge op 'e omslach fan 'e 50ste jubileumedysje fan 'e Sports Illustrated Swimsuit Issue.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

1992201226 maartDenemarkFeriene SteatenFotomodelMannekênTydskrift

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Wetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 2020JezuïtenISBNChartresMcDonald'sMarkant (Jistrum)Fryske talenArcheologyFerlossertsjerke yn it doarp Oebory (Moskou Oblast)Tsjustere matearjeStoke NewingtonHoratio NelsonSinaOklahoma CityBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004Lingua francaFulkaanSaûdy-Araabje1973Joeri AndropovSimon & SchusterSpulLexxxi LockhartMahatma GandhiKlinyske depresjeHarsensBitcoinGhostbusters (film út 2016)HongkongHarry Belafonte1951Groninger Locaalspoorweg-MaatschappijThe Fox and the HoundGokkenDjakartaBonoFerdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichHitsumer HichteWrâldkampioenskip fuotbal 1950Taekwondo op de Olympyske Simmerspullen 2000KoöperaasjeRuslânCarson City (Nevada)Karibyske SeeHamletWolfgang Amadeus Mozart27Baanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000Anne Frânses JongstraSaya SongNoelle EastonRenée ZellwegerDemokratyske Partij (Feriene Steaten)Feriene Steaten1991EjakulaasjeAnimismeHavanaNew York (stêd)PeléBreednoasapenKomôfSkriuwer20 aprilSkiednis fan DútslânRyksuniversiteit GrinsPolyteïsmeTwadde iuwMichaïl GorbatsjovStefan LöfvenTuberkuloazeSineeske karakters🡆 More