Stripper

In stripper (letterlik: útklaaister) is in profesjoneel eroatysk dûnseresse dy't in striptiis opfierd yn stripklups, iepenbiere ekspo's en op priveeôfspraken (yn 'e regel op feestjes, hoewol't foarstellings foar ien inkele persoan ek foarkomme).

Yn 'e Feriene Steaten wurdt de term "stripper" tsjintwurdich trouwens as minderweardich beskôge en jout men de foarkar oan 'e omskriuwing dancer. Oars as yn 'e oarspronklike striptiis, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Amerikaanske burleske, in soarte fan revu, wurdt yn 'e tsjintwurdige, amerikanisearre foarm fan strippen de ynteraksje tusken klant en artyste ta it minimum beheind. Ek is de klam ferskood fan it tiis-aspekt (it pleagjen) nei it strip-aspekt (it útklaaien). De ynfiering fan 'e no rûnombywêzige stripperpeal hat strippen fierders ta in folle akrobatysker oefening makke as dat it foarhinne ea wie.

Stripper
Danni Ashe, in earder stripper en slûchslim sakefrou, dy't mei har pionierswurk op it mêd fan 'e neakenfotografy op it ynternet (fia har webside Danni's Hard Drive) foar kaptalen fertsjinne hat.

Net eltse stripper beëiniget har dûns folslein neaken, hoewol't dat oer it algemien al wenst is ynsafier't de pleatslike wetjouwing it talit. Hoewol't strippen ornaris assosjearre wurdt mei froulju, wurdt hast in trêde fan 'e beropsgroep foarme troch manlju. Yn stripklup s (benammentlik yn Noard-Amearika) wurdt fierders ûnderskie makke tusken house dancers en feature dancers. House dancers binne oan in beskate stripklup of keatling fan stripklups ferbûn, al binne se der faak net yn tsjinst, mar binne se ynstee gauris selsstannige ûndernimmers dy't in kontrakt mei de oangeande klup of keatling fan klups ôfsletten hawwe. Feature dancers binne strippers dy't fan harsels ferneamd binne (faak om't se namme makke hawwe as aktrise yn 'e pornoyndustry), en dy't op toernee geane troch it hiele lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Striptiis

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Feriene NaasjesAjaks (mytology)3 aprilVologda (oblast)HûneftigenHeather LeePoalenJeropaYndoneezjeFrouBruto Ynlânsk ProduktGemysk wapenSierra BanxxxSkiednisMagyLatynOpera (browser)NatuerkundeFryslânPenisBruce VentureAngelica RavenStockholm15 april1938Midden-AmearikaJ.R. Carrington10 jannewarisKatalaanskMarijn KuipersMaya BijouMoleWurkhûsSeksuele penetraasjeBernemisbrûkFuortplantingJeraazje27 maartHearke Tjerks WitteveenMinsklike seksuele aktiviteitFrankfurt am MainFreedKartaachske RykFotosyntezeMoriah Mills29 maart66 f.Kr.2007Feriene Arabyske Emiraten18 augustusKoen EekmaCJ MilesRidelNeakenfotografy20201995MenameradielHardenberg (gemeente)JoegoslaavjePornofilmJapanRob FordGrutte DepresjeFellatio2021FleanboatYvette BovaVienna BlackAzerbeidzjanDe factoNijverdalJeropeeske UnyISO 3166🡆 More