Roel Falkena

Roel Falkena (Snits, 10 maaie 1936 - De Sweach, 20 febrewaris 2021) wie in feedokter en provinsjaal politikus út Beetstersweach.

Biografy

Jonkheid

Falkena wie de âldste soan fan Pier Falkena en Tryntsje Riedstra. Pier Falkena buorke op Wigledaam, in pleats oan de Toppenhústerdyk yn Snits. Roel Falkena wie de earste yn de famylje dy’t in universitêre oplieding folge.

Oplieding en berop

Fan 1949 oant 1954 die Falkena de HBS oan it Kristlik Lyseum yn Snits. Dêrnei studearre er diergenêskunde yn Utert. Hy ferjit Fryslân net, want hy wurdt bestjoerslid fan de Fryske studinteferiening ‘Redbad’ én foarsitter fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Yn 1959 is Falkena ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje 'De Lauwerssé moat ticht'. Yn 1961 en 1962 is er waarnimmend bistedokter. Nei de militêre tsjinst krige er yn 1964 in feedokterspraktyk yn Beetstersweach, dy't er hâlde soe oant 1999. Foar de praktyk en ek as wenhûs keapet Falkena yn 1979 de bot fertutearze eardere herberch 'Oud Boschlust' oan de yngong fan it doarp en lit dy restaurearje.

Bestjoersfunksjes en polityk

Falkena wie fan 1970 oant 1976 foarsitter fan de krekt oprjochte Fryske toanielstifting Tryater. It wie pionierswurk. It selskip koe yn it begjin mar fjouwer topspilers in tydlik kontrakt oanbiede. Yntusken waard by provinsje en it Ryk drok aksjefierd foar subsydzje. Fan 1979 oant 1984 wie Falkena haadbestjoerslid fan de FNP en letter, fan 1987 oant 1999, wie er lid fan provinsjale steaten foar deselde partij. Falkena beskôget de FNP as 'de iennichste Fryske partij'. De oare partijen yn Fryslân beskreau er yn 1983 as 'filialen fan in Hollânsk grutbedriuw'. Fan 1999 oant 2004 siet er foar de FNP yn de rie fan de gemeente Opsterlân. De FNP-ôfdieling Opsterlân hie er sels oprjochte.
Yn 1981 stie Falkena oan de widze fan de Jeropeeske Frije Alliânsje, it bûn foar regionale partijen yn Europa. Fia Flaamske Europarlemintariërs fan de EFA as Willy Kuijpers en Jaak Vandemeulebroucke krige de FNP de mooglikheid om yn it Europeesk Parlemint omtinken te freegjen foar Fryske saken. Ek hat Falkena jierrenlang, oant 2011, foarsitter fan de Stifting Slach by Warns west. Yn 1983 pleite Falkena as sprekker op de betinking op it Reaklif foar selsbestjoer foar Fryslân. De taspraak krijt frijwat omtinken yn de media en besoarget Falkena de bynamme 'de Betico Croes fan Fryslân', nei de Arubaanske politikus dy't syn eilân oan de 'status aparte' helpt.

Privee

Falkena hat twaris troud west. Ut syn earste houlik, dat 25 jier duorre hat, hat er trije bern, dêr't sjoernalist Onno Pier Falkena de âldste fan is. Nei Onno folgen noch Jan Roelof Falkena en Elske Falkena. Troch syn twadde frou Lybrich Andringa, dy’t skriuwster fan de Stifting Slach by Warns wie (en ek beskôge wurde kin as de ‘geastlike mem’ fan de Fryske aginda, it bûsboekje) rekke hy belutsen by de stifting. Falkena is sûnt it jier 2000 widner.
Falkena stoar op 20 febrewaris 2021 yn de âldens fan 84 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Roel Falkena BiografyRoel Falkena10 maaie193620 febrewaris2021BeetstersweachFeedokterSnits (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ada Sanchez640BedriuwProvinsjale SteatenBarack ObamaHongarijeKante kilometerTransliteraasjeCherokee d'Ass1964Anne Henning2024FjildmûzenFingerjenEtioopjeKilesturtpappegaaidoAlbum (muzyk)Sandy MilzJohnny CashLytse leppelbekHûntsjeshâldingFrysktalige WikipedyMaya BijouTekkelFranz Kafka26 febrewarisSadomasogismeHantsjemierUndergrûnske wrotmûzen fan de Nije WrâldArjen Dijkstra (1979)Jelle Hendriks Brouwer1972Jade JantzenPembapappegaaidoKanada7e iuwLos AngelesLeppeltsje-leppeltsjeNebraskaHeinrich BarthNoardwestgermaanske talenPappegaaidowenAnale seksFûgeltrekLiberalismeArmeenjeHarley RaineIerdeSûmbapappegaaido30 novimberGrutte-boarstesjenreFositeRekreaasjeAcademy of Country Music AwardPornofilmBella BellzGedichtTucsonKantabryske hazzeApplikaasjeKya TropicGieren fan de Alde WrâldHôfwrotmûzenWrâldútstallingOntarioCassidy BanksBreedteken🡆 More