It United States Electoral College (Ingelsk foar Amerikaansk Kieskolleezje of Amerikaansk Elektoraal Kolleezje) is de ynstânsje dy't alle fjouwer jierren de presidint en fise-presidint fan de Feriene Steaten kiest.
It kieskolleezje hat op dit stuit 538 leden, dy't kiesmannen neamd wurde, ferdield oer de 50 steaten en it federaal distrikt fan 'e Feriene Steaten. By de Amerikaanske presidintsferkiezings is it sa dat dyjinge dêr't de measte kiesmannen foar stimme, alle kiesmannen fan dy steat krijt. De kandidaat foar it presidintskip moat dus in mearderheid fan kiesmannen ha dy't him stypje, om de kiesmannen fan dy steat foar him te winnen.
Yn de neikommende tabel stiet it tal kiesmannen by elke steat en it District of Columbia. De tabel en it tal kiesmannen is jildich foar de presidintsferkiezings fan 2012, 2016 en 2020. Tusken heakjes stean sifers mei in plus (+) of in min (-) om oan te jaan oft it tal kiesmannen troch de United States Census 2010 feroare is.
steat | kiesmannen | steat | kiesmannen | steat | kiesmannen | steat | kiesmannen |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Alabama | 9 | Indiana | 11 | Nebraska | 5** | South Carolina | 9 (+1) |
Alaska | 3 | Iowa | 6 (-1) | Nevada | 6 (+1) | South Dakota | 3 |
Arizona | 11 (+1) | Kansas | 6 | New Hampshire | 4 | Tennessee | 11 |
Arkansas | 6 | Kentucky | 8 | New Jersey | 14 (-1) | Texas | 38 (+4) |
California | 55 | Louisiana | 8 (-1) | New Mexico | 5 | Utah | 6 (+1) |
Colorado | 9 | Maine | 4** | New York | 29 (-2) | Vermont | 3 |
Connecticut | 7 | Maryland | 10 | North Carolina | 15 | Virginia | 13 |
Delaware | 3 | Massachusetts | 11 (-1) | North Dakota | 3 | Washington | 12 (+1) |
Florida | 29 (+2) | Michigan | 16 (-1) | Ohio | 18 (-2) | West Virginia | 5 |
Georgia | 16 (+1) | Minnesota | 10 | Oklahoma | 7 | Wisconsin | 10 |
Hawaii | 4 | Mississippi | 6 | Oregon | 7 | Wyoming | 3 |
Idaho | 4 | Missouri | 10 (-1) | Pennsylvania | 20 (-1) | Washington, D.C.* | 3 |
Illinois | 20 (-1) | Montana | 3 | Rhode Island | 4 | Kiesmannen mei-inoar | 538 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Electoral College, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.