Al Gore

Al Gore (folút: Albert Arnold Gore jr.; Washington, D.C., 31 maart 1948) is in Amerikaansk âld-politikus, skriuwer, miljeu-aktivist en heechlearaar fan mingd Ulstersk en Angelsaksysk Amerikaansk etnysk komôf.

Hy begûn syn karriêre as sjoernalist en oarlochskorrespondint, fertsjintwurdige syn thússteat Tennessee yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en de Amerikaanske Senaat, wie fan 1993 oant 2001 de 45ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten ûnder Bill Clinton, en besocht by de ferkiezings fan 2000 as kandidaat foar de Demokratyske Partij it presidintskip te bemachtigjen, mar ferlear it úteinlik fan syn Republikeinske tsjinstanner George W. Bush nei in twifelige episoade mei ferskate wertellingen yn 'e steat Floarida.

Al Gore
Al Gore politikus
Al Gore
echte namme Albert Arnold Gore jr.
nasjonaliteit Al Gore Amerikaansk
bertedatum 31 maart 1948
berteplak Washington, D.C.
etnisiteit Al Gore Ulstersk
partij Demokratyske Partij
prizen Al Gore Nobelpriis foar de Frede 2007
Oscar 2007
Emmy Award 2007
Grammy Award 2009
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19932001
foargonger Dan Quayle
opfolger Dick Cheney
Amerikaansk senator foar Tennessee
amtsperioade 19851993
foargonger Howard Baker
opfolger Harlan Mathews
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 6de Distrikt fan Tennessee)
amtsperioade 19831985
foargonger Robin Beard
opfolger Bart Gordon
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 4de Distrikt fan Tennessee)
amtsperioade 19771983
foargonger Joe L. Evins
opfolger Jim Cooper

Nei't syn polityk wurkpaad op dy manear op 'e non rûn wie, begûn er in nije karriêre as sakeman en skreau er ferskate bestsellers op it mêd fan polityk en miljeu, wêrûnder it ferneamde An Inconvenient Truth. Hy joech de wrâld yn 't rûn lêzings oer klimaatferoaring en lobbyde sûnder ein yn Washington om 'e Amerikaanske polityk fan 'e reäliteit fan dat probleem te oertsjûgjen en oan te setten ta it nimmen fan foechsume maatregels. Yn 2007 waard him foar syn krewearjen op dat mêd de Nobelpriis foar de Frede takend.

Libben

Jonkheid en oplieding

Al Gore waard yn 1948 yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington berne as de jongste fan twa bern yn it gesin fan Albert Gore sr., op dat stuit in Demokratysk lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar de steat Tennessee, dy't deselde steat letter as senator tsjinje soe, en Pauline LaFon, ien fan 'e earste froulju dy't ôfstudearre oan 'e rjochteskoalle fan 'e Vanderbilt Universiteit. Gore stammet foar in part ôf fan Ulsterske (d.w.s Noardiersk protestantske) ymmigranten dy't har mids santjinde iuw yn Firginia fêstigen en nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch nei Tennessee ta teagen. Syn âldere suster Nancy LaFon Gore, dy't berne waard yn 1938, stoar yn 1984 oan longkanker.

Al Gore 
Al en Tipper Gore op harren brulloft.

Gore groeide fierhinne op yn Washington, D.C., dêr't syn âldelju wennen fanwegen syn heite politike karriêre, en dêr't er nei de legere skoalle gie. De simmerfakânsje brocht er lykwols troch op syn heite pleats yn Carthage, dêr't kij holden en tabak ferboud waard. Fan 1956 oant 1965 gied er nei de eksklusive jongesskoalle St. Albans, yn Washington, dêr't er oanfierder wie fan it Amerikaansk footballtiim, en fierders oan diskuswerpen en basketbal die. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, sette er útein mei in stúdzje oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, te Cambridge, yn Massachusetts, dêr't û.m. húsgenoat wie fan 'e lettere Hollywood-stjer Tommy Lee Jones. Earst wied er fan doel om Ingelske taal- en letterkunde te studearjen, mei't er it yn 'e holle hie en wurdt romanskriuwer, mar úteinlik seach er dêrfan ôf, en besleat er ynstee in oplieding bestjoerskunde te dwaan. Nei't it skynt brocht er syn earste jier oan Harvard fral troch mei tillefyzjesjen, biljerten en it smoken fan marihûana, mar it jiers dêrnei skerpe er him op en úteinlik studearre er yn 1969 cum laude ôf.

Húshâlding

Yn 1965 wie Gore op 'e prom (it bal oan 'e ein fan 'e middelbere skoalle) fan St. Albans yn 'e kunde kommen mei Mary Elizabeth Aitcheson, byneamd "Tipper", dy't op 'e deunby leine Sint-Agnesskoalle yn Alexandria siet. Se rekken fereale, en hja folge him nei Massachusetts ta, dêr't se in stúdzje folge oan 'e Boston University yn Boston. Koart nei't se dêr yn 1970 ôfstudearre wie, trouden Gore en sy yn Washington. Se krigen fjouwer bern: Karenna Gore Schiff (1973), Kristin Carlson Gore (1977), Sarah LaFon Gore (1979) en Albert Gore III (1982).

Harren jongste bern, Albert Gore III, waard yn april 1989 by it oerstekken fan in strjitte skept troch in auto, en lei in moanne lang yn kritike tastân yn it sikehûs. Begjin juny 2010 kundigen de Gores yn in e-mail oan harren freonen oan dat se nei "lange en soarchfâldige oerweaging" yn mienskiplik lykfinen besletten hiene om útinoar te gean. Hja binne lykwols befreone bleaun, en hoewol't se no mei oaren omgeane en net fan doel binne om wer byinoar te kommen, bringe noch geregeldwei tegearre fakânsjes troch mei de bern.

Militêre tsjinst en sjoernalistike karriêre

Al Gore 
Al Gore yn Fjetnam.

Nei't er yn 1969 ôfstudearre wie, moast Gore yn tsjinst, mei't ûnder de Fjetnamoarloch yn 'e Feriene Steaten de tsjinstplicht fan krêft wie. De measten fan syn mei-studinten oan Harvard ûntdoeken dy op in ferskaat oan manearen, en Gore sels hie der ek net folle sin oan om nei Fjetnam ta, nammentste mear om't er persoanlik in grut tsjinstanner fan 'e oarloch wie, mar hy fûn dat er it oan syn lân ferplichte wie om te gean, en fierders moast syn heit yn 1970 werkeazen wurde, en liek it him ta dat er syn heit datoangeande it bêste helpe koe troch him frijwillich by it leger te jaan.

Sadwaande gied er yn augustus 1969 yn tsjinst, mar nei't er syn basistraining trochrûn hie, duorre noch mear as in jier foar't er útstjoerd waard nei Fjetnam. Gore sjocht dêr noch altyd de hân fan 'e regearing-Nixon yn, en fermoedet dat men benaud wie dat him wat oerkomme soe, en dat syn heit dan op in tij fan meilibben de ferkiezings winne soe. Pas begjin jannewaris 1971, nei't syn heit syn sit yn 'e Senaat ferlern hie, krige er oarders om nei Fjetnam ta. Yn 'e tuskentiid hied er stasjonearre west yn Fort Rucker, yn Alabama, dêr't er as sjoernalist wurksum wie by de legerkrante The Castle Courier, en sadwaande wurke er yn Fjetnam as oarlochskorrespondint njonken syn reguliere tsjinst as lid fan 'e Amerikaanske 20ste Sjenybrigade yn Biên Hòa. Yn maaie 1971 siet syn tsjinstplicht derop en waard him earfol ûntslach ferliend.

Nei't er weromkaam út Fjetnam, folge Gore fan 1971 oant 1972 in teologyske stúdzje oan 'e Vanderbilt Universiteit yn Nashville, op in stúdzjebeurs foar lju dy't in sekuliere karriêre yn 't sin hiene. Dêrnjonken wied er fan 1971 ôf as ûndersykssjoernalist wurksum by de krante The Tennessean, wêrby't er ferskate korrupsjesaken behannele dêr't leden fan 'e gemeenterie fan Nashville by belutsen wiene. Yn twa ôfsûnderlike saken late dat ta de arrestaasje en berjochting fan in gemeenteriedslid. Yn 1974 naam er frij by de The Tennessean om in rjochte-oplieding te dwaan oan 'e Vanderbilt Universiteit, mar doe't yn 1976 ûnferwachts syn heite eardere sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen frijkaam, briek er hookstrooks syn stúdzje ôf om him dêr foar de Demokratyske Partij ferkiesber foar te stellen, in beslút dêr't er eltsenien mei oer it mad kaam, mar syn eigen frou noch it meast.

Al Gore 
Al Gore as senator.

Iere politike karriêre

Gore wie 28 jier doe't er yn 1976 foar it earst de polityk yngie en daliks de ferkiezings wûn. Hy waard werkeazen yn 1978, 1980 en 1982, dat hy siet fan 1977 oant 1985 yn it Hûs fan Offurdigen, en dêrnei fan 1985 oant 1993 yn 'e Senaat. Hy wenne en wurke yn Washington, D.C., mar de wykeinen brocht er stiiffêst yn Tennessee troch. Wat syn politike opfettings oangie, waard er beskôge as in tuskenbeiden man, dy't foar it rjocht op abortus wie, mar tsjin it útjaan fan federaal jild om abortussen te fergoedzjen. Hy stimde tsjin foarstellen dy't it wapenbesit beheine moasten, en wie in tsjinstanner fan homorjochten, mei't er yn 1981 oer homoseksualiteit sei: "Ik fyn dat it ferkeard is," en: "Ik sil net beare dat ik it begryp, mar it is net gewoan in oare normale manear fan libjen." Yn 1984 sei er dat er donaasjes foar syn kampanje wegerje soe as dy fan 'e homorjochtebeweging kamen, en foege dêr oan ta: Ik fyn dat it net gewoan in akseptabel alternatyf is dat ús maatskippij mar as sadanich befêstigje moat." Syn mienings op dit mêd ûndergiene fan 'e ein fan 'e jierren tachtich oant it begjin fan it nije milennium lykwols in stadige evolúsje ta nije ynsichten dy't lyk tsjin 'e oanhelle útspraken yngeane. Yn 2008 seid er: "Ik fyn dat homoseksuële manlju en froulju deselde rjochten hearre te hawwen as heteroseksuële manlju en froulju om kontrakten ôf te sluten, besykrjocht te hawwen yn it sikehûs en mei-inoar te trouwen."

As kongreslid en senator griep Gore fierders eltse mooglikheid oan om oandacht te freegjen foar syn hobbelhynke: it ynternet. Gore wie dêrfan al in pleitbesoarger doe't de namme "ynternet" noch net iens bestie, en in wrâldwiid kompjûtersysteem foar de flugge útwikseling fan gegevens noch mar in idee yn 'e holle fan in lyts groepke kompjûtergekken wie. Om 'e wurden fan 'e sjoernaliste Sarah Miles te brûken: "Foar't kompjûters te begripen wiene, lit stean seksy, wraksele Gore mei syn pokergesicht al om keunstmjittige yntelliginsje en glêsfezelnetwurken út te lizzen oan heal yn sliep fallende kollega's." In oare ûnderwerp dat Gore ier yn syn karriêre oppakte, wie klimaatferoaring. Al yn 1979 warskôge er foar it broeikaseffekt. Fierders besocht er yn 'e tachtiger jierren twaris de jildkraan ticht te draaien dy't Saddam Hoessein mei Amerikaanske stipe yn Irak yn it seal hold, mar beide kearen waard syn besykjen sabotearre troch de Republikeinske regearings-Reagan en -Bush.

Al Gore 
Al Gore as fise-presidint, yn 1994.

By de presidintsferkiezings fan 1988 stelde Gore him ferkiesber foar de Demokratyske Partij, mar hy waard yn 'e foarferkiezings ferslein troch Michael Dukakis, dy't dêrnei de eigentlike ferkiezings ferlear oan 'e sittende Republikeinske fise-presidint George H.W. Bush. Yn 1992 skreau Gore syn earste boek, Earth in Balance, dat it earste boek fan in sittende senator wie dat de bestsellerlisten helle sûnt Profiles in Courage fan John F. Kennedy.

Fise-presidintskip

Datselde jiers (1992) waard Gore troch de Demokratyske presidintskandidaat Bill Clinton frege om syn running mate te wurden, en Gore stimde dêryn ta. Hy wie in wat aparte fise-presidintskandidaat, mei't it foartiid yn 'e Amerikaanske polityk altyd wenst west hie om in running mate te kiezen dy't út in oar diel fan it lân kaam en der oare politike opfettings op nei hold as de presidintskandidaat sels. Mar Clinton en Gore kamen út oangrinzgjende steaten yn it Amerikaanske Suden, en tochten oer de measte dingen fierhinne gelyk. Likegoed waard er ien fan 'e súksesfolste fise-presidinten fan 'e lêste desennia.

Al Gore 
Bill Clinton en Al Gore lizze tegearre eigenhandich kompjûterbekeabeling oan op in middelbere skoalle yn Concord (1996).

Nei't se by de ferkiezings de Republikeinen George H.W. Bush en Dan Quayle en de ûnôfhinkliken Ross Perot en James Stockdale ferslein hiene, stelde Clinton en Gore in oerienkomst op fan twa siden, wêryn't se harren wurkrelaasje fêstleine. Clinton ferplichte him dêrby om geregeldwei mei Gore te oerlizzen en Gore by it beslútfoarmingsproses yn alle saken fan belang te belûken. Se ieten eltse wike in kear mei-inoar en praten eltse dei oer de tillefoan, en Gore ûntjoech him meitiid ta Clinton syn wichtichste adviseur (wat mar komselden it gefal is foar in Amerikaansk fise-presidint). Beliedsmjittich lei Gore him ûnder syn fise-presidintskip ta op it bestriden fan fergrieming, fraude en misbrûk fan oerheidsfinânsjes, wylst er teffens omtinken joech oan miljeubeskerming en ynformaasjetechnology. It wie fierhinne Gore syn ynset op dat lêste mêd dy't fan 1995 oant 2001 late ta de ynternethype.

De presidintsferkiezings fan 2000

Doe't Clinton syn beide terminen as presidint op 'e ein rûnen, wie it al ier dúdlik dat Gore by de ferkiezings fan 2000 de Demokratyske presidintskandidaat wêze soe. Hy snie himsels lykwols yn 1999 raar yn 'e fingers doe't er by in fraachpetear op CNN sei: "Under de jierren dat ik yn it Amerikaanske Kongres tsjinne haw, naam ik it inisjatyf by it skeppen fan it ynternet." Hy bedoelde fansels dat er it inisjatyf nommen hie by it skeppen fan wetjouwing dy't de tastânkomming fan it ynternet sa't dat no bestiet, mooglik makke, mar syn politike fijannen ferdraaiden syn útspraak as hied ûnrjochtlik beweard dat er it ynternet eigenhandich útfûn hie. Dat wie in ûnearlike, mar tige effektive taktyk, dy't Gore syn imago by in grut part fan 'e Amerikaanske befolking skansearre.

Al Gore 
Al Gore yn Nij-Hampshire, yn 2000, foar it begjin fan syn presidintskampanje.

Likegoed wist Gore sûnder al tefolle muoite de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip feilich te stellen. Op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje waard er offisjeel nominearre troch syn âldste dochter Karenna, yn 'e mande mei syn stúdzjefreon Tommy Lee Jones. Gore frege de konservative Joadske senator Joseph Lieberman fan Konnetikut om syn running mate te wurden. Mar al wie Gore sels net opholden mei Clinton yn dy syn dûnkerste dagen, ûnder it Lewinsky-skandaal, te stypjen, ûnder de presidintskampanje besocht er dúdlik ôfstân te skeppen tusken himsels en de mei skandalen omjûne Clinton. Hy die trije tillefyzjedebatten mei syn Republikeinske tsjinstanner George W. Bush, dy't alletrije suver yn gelykspul einigen, mar Gore krige de krityk dat er òf te stiif, òf te tebekhâldend, òf te agressyf wie yn ferhâlding ta Bush.

De ferkiezings, op 7 novimber 2000, rûnen út op in pynlike fertoaning, wêrby't de Feriene Steaten foar it each fan 'e wrâld foar gek stiene. De marzje tusken Gore en Bush wie yn 'e útslach nammentlik sa lyts, dat eltse stim telde. Dêrby naam de súdlike steat Floarida it wichtichste plak yn. Op 'e jûn fan 'e ferkiezings foarseine de Amerikaanske tillefyzjestjoerders earst dat Gore Floarida winne soe, wêrnei't se dy foarsizzing ynloeken en foarseine dat Bush de steat winne soe, foar't se dy foarsizzing ek wer ynloeken. It tellen fan 'e stimmen duorre noch ferskate dagen, oant de Republikeinske steatssiktaris fan Floarida, Katherine Harris, de útslach úteinlik sertifisearre. Neffens dy útslach hie Bush de ferkiezings yn Floarida wûn mei 537 stimmen (mear as Gore), wat him alle 25 kiesmannen fan Floarida yn it Electoral College joech. Sadwaande soe Bush de ferkiezings winne mei 271 kiesmannen tsjin 266, hoewol't Gore yn absolute stimmen oer it hiele lân ferdield rom 500.000 mear behelle hie as Bush. (Opmerklik detail hjirby wie dat Bush syn jongere broer Jeb doedestiden de gûverneur fan Floarida wie.)

Al Gore 
De presidintsferkiezings fan 2000: prosintuële útslach per county (wat dûnkerder read, wat Republikeinsker; wat dûnkerder blau, wat Demokratysker).
Al Gore 
De presidintsferkiezings fan 2000: yn read de steaten dêr't George W. Bush wûn, en yn blau de steaten dêr't Al Gore wûn (de sifers binne de oantallen kiesmannen fan eltse steat yn it Electoral College.

Gore focht dizze gong fan saken oan en frege yn ferskate Florideeske countys in wertelling fan 'e stimmen oan. It die bliken dat troch de betiizjende stimbiljetten en de ûndeugdlike stimapparatuer in grut tal stimmen foar Gore ferlern gien wiene. Bush stapte nei it Heechgerjochtshôf fan Floarida om 'e wertellings tsjin te hâlden, mar dat stelde Gore yn it gelyk. Dêrop gie Bush yn heger berop by it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat úteinlik ta it fûnis kaam dat de standerts dy't foar de wertelling opsteld wiene, yn tsjinspraak wiene mei de Amerikaanske Grûnwet en dat der foar de uterste wetlike datum fan 12 desimber gjin wertelling mear holden wurde koe dy't grûnwetlik doogde. Dêrmei waard yn 'e praktyk de oarspronklike, troch Harris sertifisearre útslach de iennichst jildige, en hie Bush de ferkiezings wûn. Op 13 desimber joech Gore syn wjerstân dêrtsjin op, ta grutte teloarstelling fan in grut part fan syn efterban, dy't fan miening wie dat de Republikeinen de ferkiezings stellen hiene.

Neitiid die it Nasjonaal Opiny-ûndersykssintrum fan 'e Universiteit fan Chicago ûndersyk nei de ferkiezings yn Floarida, wêrby't alle stimbiljetten op 'e nij en yngeand besjoen waarden; dit op fersyk fan in groep grutte Amerikaanske nijsmedia, mei dêrûnder CNN, Associated Press, de New York Times, de Wall Street Journal, de Washington Post, de Los Angeles Times, de Chicago Tribune en de Baltimore Sun. Dêrby die bliken dat Gore eins de ferkiezings yn Floarida wûn hie mei in marzje fan 60 oant 171 stimmen (ôfhinklik fan wat as jildige stim akseptearre waard). In fierder ûndersyk fan 'e New York Times allinnich levere de útkomst op dat ûndúdlike en betiizjende stimbiljetten (dy't by fersin ta ûnjildige stimmen laat hiene) Gore allinne al yn Palm Beach County en Duval County 6.286, resp. 1.999 stimmen koste hiene.

Al Gore 
Al Gore sprekt yn 2008 te Denver de Demokratyske Nasjonale Konvinsje ta.

De ôfrin fan 'e ferkiezings wie in bittere pil foar Gore, mar meitiid learde er om derom te laitsjen. Doe't er yn 2005 de oeuvrepriis fan 'e Webby Awards takend krige foar tritich jier ynset foar it ynternet, en in ûntfangstrede hâlde moast dy't neffens de regels fan 'e Webby Awards mar út fiif wurden bestean mocht, seid er: "Hâld hjir asjebleaft gjin wertelling."

Lettere jierren

Nei de ferkiezings fan 2000 ferliet Gore de polityk, hoewol't er fan ein 2002 ôf ferskate kearen fûleindige krityk levere op it belied fan presidint George W. Bush. Dêrby rjochte er him op de Twadde Golfoarloch, it misbrûk fan 'e oanslaggen op 9/11 foar Bush syn eigen politike doelen, de misjegening fan Arabieren yn 'e Feriene Steaten en it ûnwetlik ôflústerjen fan minsken, allegear ûnder it mom fan nasjonale feilichheid. Yn 2005, nei't de orkaan Katrina New Orleans troffen hie, fage er de flier oan mei Bush syn trage reäksje op 'e ramp. Dêrby neamde er net (mar it kaam dochs út) dat er sels op eigen kosten twa fleantugen sjartere hie, wêrmei't er 270 sikehûspasjinten út 'e stêd evakuëarre hie. Yn it ferkiezingsjier 2004 wie de ferwachting dat Gore him ferkiesber stelle soe foar it presidintskip. In soad Demokraten rieden al mei bumperstikkers om mei de tekst "Werkies Gore as Presidint!" Mar Gore betanke foar de ear, en stipe ynstee de Demokratyske kandidaat John Kerry.

Underwilens wie Gore in karriêre as sakeman begûn, wêrby't er û.m. yn 2004 it bedriuw General Investment Management stifte en letter in eigen tillefyzjestasjon oprjochte, Current TV. Teffens fûn er himsels op 'e nij út as klimaatgoeroe en rjochte er de organisaasje Alliance for Climate Protection ("Alliânsje foar Klimaatbeskerming") op. Hy skreau ferskate tige ynfloedrike bestsellers oer it broeikaseffekt en klimaatferoaring, wêrfan't An Inconvenient Truth ("In Ferfelende Wierheid"), út 2006, fierwei it bekendst wurden is, benammentlik om't dêr datselde jiers noch, en ûnder deselde titel, in ferfilming fan makke waard, regissearre troch Davis Guggenheim, dy't yn 2007 in Oscar foar bêste dokumintêre wûn.

Gore reizge hiele Amearika troch, en letter ek om utens, om lêzings te jaan oer klimaatferoaring, dat ûnder de Bush-jierren in non-ûnderwerp wie yn 'e Amerikaanske polityk. Dêrmei besocht er de Amerikanen by te bringen dat hja mei harren fergriemende libbensstyl dûnsje op 'e râne fan 'e fulkaan. Fansels wiene der in protte lju, de oaljeyndustry foarop, dy't dat boadskip net hearre woene, en syn ynset op dit mêd kaam Gore dan ek op in hûdfol krityk te stean. Mar teffens krige er krityk út it kamp fan 'e fanatike miljeubeskermers, dy't fûnen dat er net fier genôch gie. Hoe dan ek, foar syn krewearjen yn dizze saak waard Gore yn 2007, yn 'e mande mei it Yntergûvernemintele Panel foar Klimaatferoaring fan 'e Feriene Naasjes, de Nobelpriis foar de Frede takend.

Al Gore 
Al Gore nimt syn Nobelpriis yn ûntfangst (2007).

Bibliografy fan Al Gore

  • Putting People First: How We Can All Change America, New York, 1992, (Times Books) (mei Bill Clinton)
  • Earth in the Balance: Forging a New Common Purpose, 1992 (Earthscan), ISBN 0 61 80 56 645
  • Businesslike Government: Lessons Learned from America's Best Companies, 1997, ISBN 0 78 81 70 538 (mei Scott Adams)
  • Common Sense Government: Works Better & Costs Less: National Performance Review (3rd Report), 1998, ISBN 0 78 81 39 088
  • From Red Tape to Results: Creating a Government That Works Better and Costs Less, Amsterdam, 2001 (Fredonia Books), ISBN 1 58 96 35 71X
  • The Spirit of Family, New York, 2002 (Henry Holt), ISBN 0 80 50 68 945 (mei Tipper Gore)
  • Joined at the Heart: The Transformation of the American Family, New York, 2002 (Owl Henry Holt), ISBN 0 80 50 74 503 (mei Tipper Gore)
  • An Inconvenient Truth: The Planetary Emergency of Global Warming and What We Can Do About It, New York, 2006 (Rodale Books), ISBN 1 59 48 65 671
  • The Assault on Reason, New York, 2007 (Penguin), ISBN 1 59 42 01 226
  • Our Purpose: The Nobel Peace Prize Lecture 2007, New York, 2008 (Rodale Books), ISBN 1 60 52 99 901
  • Know Climate Change and 101 Q and A on Climate Change, 2008 (Save Planet Earth Series), sûnder ISBN (berneboek)
  • Our Choice, New York, 2009 (Rodale Books), ISBN 978-1 59 48 67 347
  • The Future: Six Drivers of Global Change, 2013 (Random House), ISBN 978-0 81 29 92 946

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


Tags:

Al Gore LibbenAl Gore Bibliografy fan Al Gore Keppelings om utensAl Gore194819932000200131 maartAmerikaanske Hûs fan OffurdigenAmerikaanske SenaatAmerikaanske steatenAngelsaksyske AmerikanenBill ClintonDemokratyske Partij (Feriene Steaten)Etnyske groepFeriene SteatenFise-presidintFloaridaGeorge W. BushHeechlearaarKorrespondintOarlochPolitikusRepublikeinske Partij (Feriene Steaten)SjoernalistSkriuwerTennesseeWashington, D.C.

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PaleokontinintFinske GolfArwen GoldLexxxi LockhartWetBestjoerGoud18 novimberFedde SchurerKabinet-Rutte IVMoriah MillsJohan Rudolph ThorbeckeMeksikoOblast Orenburg1979Wite BrânnettelMarkus Tullius SiseroNicole OringOsmaanske RykGotoku Sakai14e iuwLegaatHenny Tuinhout-de LeeuwNederlânKrypetski-kleasterFreed10e iuw5 oktoberVictoria CakesFrânskBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)Eve MadisonDef Rhymz3 maartSûdanIvan IV fan RuslânDûnsJacobus Henricus van 't HoffRia RodrigezOrganisearre misdieNapelsTreblinka (konsintraasjekamp)The Call of the Wild (film út 2020)Gregoriaanske kalinderISSNMe Before You (film)36Kurt GödelMarika FruscioKarelië (dielrepublyk)TailânJ. MacElektronPsychologySpoar fan Grins nei DelfsylSingapoerStasjon It Hearrenfean IisstadionNij-SeelânBaptisme14 novimberAlgerijeList fan Fryske famkesnammenSwierwêzenEchte fazantfûgelsIslamityske SteatImerkes (fûgel)Dôve BroeierList fan planetoïden 97001-98000Stille Brânnettel🡆 More