Arizona

Arizona is ien fan de Feriene Steaten fan Amearika.

State of Arizona
Vlag van Arizona Gjin wapen
Arizona
Ofkoarting AZ
Haadstêd Phoeniks
Tiidsône -7
Algemien
Oerflakte 295.254
Befolking 5.743.834
Oare ynformaasje
Tatreden 14 febrewaris 1912
Oantal countys 15

De haadstêd is Phoeniks. Sawat 20% fan de befolking hat Spaansk as memmetaal. De wichtichste stêden njonken de haadstêd binne Tucson en Flagstaff.

Skiednis

It gebiet dat tsjintwurdich de steat Arizona foarmet, waard eartiids befolke troch Yndianestammen as de Hopy en de Navajo. De earste blanken dy't it gebiet yn loeken, wienen Spaanske ûntdekkingsreizgers sa om it jier 1540 hinne. Op de ein fan de 17e iuw waarden troch de Spanjerts rigen missyposten oprjochte mei as doel om de lânseigen befolking ta it Kristendom te bekearen.

Nei iuwen fan Spaansk bewâld, waard it gebiet yn 1810 in ûnderdiel fan Meksiko. Nei ôfrin fan de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch yn 1848 moast Meksiko Arizona foar it grutste part ôfstean oan de Feriene Steaten en yn 1853 kochten de FS noch in stik derby. Ynearsten waard Arizona bestjoerd as ûnderdiel fan it New Mexico Territory, oant dat it yn 1863 in selsstannich gebiet wurde soe. Op 14 febrewaris 1912 waard Arizona formeel de 48e steat fan de Feriene Steaten.

Tidens de Grutte Depresje soe Arizona swier troffen wurden, mar har al rillegau ek wer ûntjaan, benammen troch de him ûntwikkeljende toeristeyndustry, dy't noch altyd fan belang is.

Geografy

De steat Arizona beslaat in gebiet fan 295.254 km² grut, wêr't it meastepart lân fan is. It heart by de Mountain-tiidsône.

Arizona 
De Painted Desert

Arizona grinzet yn it suden oan Meksiko, yn it noarden oan de steaten Utah en Kolorado, yn it westen oan Nevada en Kalifornje en yn it easten oan Nij Meksiko. It punt dêr't de grinzen mei Utah, Nij Meksiko en Kolorado by inoar komme, hjit Four Corners. Yn Arizona lizze grutte Yndianereservaten.

Geografysk sjoen is, dat benammen bekend stiet om de prachtige natuer, in steat fan ekstremen. In gedielte wurdt trochsnien troch de Rocky Mountains, mei de Humphreys Peak as heechste punt (3851 meter). Tagelyk bestiet Arizona foar in grut part út woastyn.

De wichtichste rivier is de Kolorado, dy't foar in part ek de westgrins foarmet. De rivier streamt troch de ferneamde Grand Canyon. Oare natuergebieten binne de Painted Desert en Monument Valley.

Klimaat

Arizona beskikt foar it grutste part oer in woastynklimaat mei hjitte simmers, mar ek nachtfroast, benammen yn de winter. Yn it noarden fan de steat, dat folle heger leit as de rest, is it klimaat gâns kâlder mei temperatueren dy't ûnder de -18 °C reitsje kinne.

Bestjoerlike yndieling

Arizona is ûnderferparte yn 15 county's.

Nijsgjirricheden

  • Arizona-Sonora Desert Museum
  • Desert Botanical Garden
  • Nationaal park Grand Canyon mei de Grand Canyon en de Grand Canyon Skywalk
  • Hoover Daam
  • natuergebieten Painted Desert en Monument Valley
  • Lake Powell
  • Antelope Canyon

Keppeling om utens

 
             Feriene Steaten
Arizona 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia

Tags:

Arizona SkiednisArizona GeografyArizona Bestjoerlike yndielingArizona NijsgjirrichedenArizona Keppeling om utensArizonaFeriene Steaten fan AmearikaFlagstaff (Arizona)PhoeniksSpaanskTucson

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Webstee1200Sinne-enerzjyVina SkyJoo Min LeeAzerbeidzjanDierenTehmeena AfzalPornografySûkerbôle800Pinguïns1971Nadia KroonBarcelonaMasturbaasje10 desimberVanessa SkyFleanboatNovialGoogle1983Tonga1855Lannen en territoariaRomantyk (leafde)Noelle EastonKultuerCassidy BanksEeltsje Boates FolkertsmaArûbaJapan6 augustusBitcoinDútskIranBorneoFloaridaFaksismeVienna BlackFrankrykEmiraat DûbaiMarijn KuipersMozilla FirefoxGrikelân1889Py (wiskunde)1 jannewarisLânbouKirgyzjeSophia LorenFuotbalYvette BovaSeksList fan Belgyske keunstskildersTransportGroubekpappegaaidoNASA22 aprilBernemisbrûkIerlânSkriller27 maart🡆 More