Jeropeesk Parlemint

It Jeropeesk Parlemint is it iennichste orgaan fan de Jeropeeske Uny dat direkt keazen wurdt.

De ferkiezings foar it parlemint wurde om de fiif jier hâlden.

Jeropeesk Parlemint
De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Straasburch
Jeropeesk Parlemint
De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Brussel

Skiednis

Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de Jeropeeske Uny, de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.

Yn 1957 waard mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip en de Euratom oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije Jeropeeske Mienskippen en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).

Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.

Foech

Der binne trije haadsaken dêr't it Parlemint him mei dwaande hâldt; wetjouwing, finansiën en tafersjoch op de Jeropeeske Kommisje.

  1. It Jeropeesk Parlemint is mei de Ried fan Ministers de wetjouwende macht fan de Jeropeeske Uny. It Parlemint kin Jeropeeske wetten (rjochtlinen, feroardenings, ensafh.) oannimme, feroarje of fersmite.
  2. It Parlemint en Ministerrie beslisse tegearre oer de Jeropeeske begrutting.
  3. It Parlemint jout goedkar en beneam leden fan de Jeropeeske Kommisje. It Jeropeesk Parlemint kin, as it moat, beslisse om alle leden fan de Jeropeeske Kommisje dien te jaan.

Gearstalling

It Europeesk Parlemint hat 705 sitten.

De sitferdieling fan it parlemint nei de Europeeske ferkiezings fan 2019:

Namme Ingelske ôfkoarting Tal sitten Ideology
Europeeske folkspartij EPP 177
  • Liberaal-konservatisme
  • Kristendemokrasy
  • Pro-Europa
Progressive Alliânsje fan Liberalen en Demokraten S&D 145
  • Sosjaaldemokrasy
Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Europa Renew (ALDE) 102
  • Liberalisme
  • Sosjaal-liberalisme
  • Konservatyf liberalisme
De Grienen-Europeeske Frije Alliânsje Greens-EFA 72
  • Griene polityk
  • Regionalisme
Europa fan Frijheid en Demokrasy ID (EFD) 65
  • Euroskeptysk
  • Konservatisme
Erropeeske Konservativen en Reformisten ECR 64
  • Konservatisme
  • Anty-federalisme
Europeesk Unytêr Lofts/Noardsk Grien Lofts GUE/NGL 39
  • Sosjalisme
  • Kommunisme
Sûnder fraksje NI 41
Vacant
Mei-inoar 705

Sitferdieling per lân

De sitferdieling sûnt 1 febrewaris 2020:


Lokaasje

It Jeropeesk Parlemint komt ien kear yn 'e moanne yn Straasburch byinoar foar in fjouwerdeiske plenêre gearkomste. Ekstra plenêre gearkomsten wurde yn Brussel hâlden. Dêr fine ek alle gearkomsten plak, fan de fêste parlemintêre kommisjes, dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal sit yn Lúksemboarch.

Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. One Seat wol bygelyks alle funksjes yn Brussel ha.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Tags:

Jeropeesk Parlemint SkiednisJeropeesk Parlemint FoechJeropeesk Parlemint GearstallingJeropeesk Parlemint LokaasjeJeropeesk Parlemint Sjoch ekJeropeesk Parlemint Keppeling om utensJeropeesk ParlemintJeropeeske Uny

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SpinifeksdoForbes (tydskrift)Ashley OceanNoardfryskLychtensteinTiemen Groen418Sarah YoungNicole BexleyInstitut polytechnique de ParisFresia (midsiuwen)KanieldoBeverrôt1200HinMia LiUtert (provinsje)PolitikusAlice RomainTynaarlo (gemeente)RoplettersKlone (band)Willem de OermasterderSúdwesthoekskPornhubSaya SongNovial1 septimberNynke HeegClara TrinityBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 20042017Ivan KramskojRegisseurYnternasjonale Kynologyske FederaasjeHenk HornstraSwedenGemme fan BurmaniaVladimir Solovjov (filosoof)Pierre Woodman EntertainmentArnon GrunbergGrutte SlinkJulie SkyhighAtom Heart MotherJoo Min LeeAkkrumComité flamand de FranceJ. MacTsiisMoslimReadboarstkroandoYnternasjonaal Systeem fan IenhedenBrune lemmingMediaWikiJenna JamesonAudree JaymesKultuerCecilia GroutDaisy SummersWyts JuwsmaBedriuwDe Eerste PrijsZMidnight (projekt)🡆 More