Wraak

Wraak is in primitive foarm fan it ta stân bringen fan in gefoelsmjittige gerjochtichheid foar oandien ûnrjocht of leed, dy't troch priveepersoanen útfierd wurdt bûten de wet en it rjocht om, en it tabringen fan letsel oan ien of mear oare persoanen omfiemet.

Soks kin foarkomme yn sitewaasjes of maatskippijen dêr't gjin (funksjonearjend) rjochtssysteem bestiet, mar it komt ek wol foar as dat wis wol bestiet, mar immen fielt dat him of har ûnder dat systeem gjin rjochtdien is, bygelyks om't de dieder fan in misdriuw foar syn of har gefoel in fiersten te lege straf krigen hat of sels frijsprutsen is fanwegen gebrek oan bewiis. Wraak moat ûnderskaat wurde fan ferjilding, dat oars as wraak wol deeglik diel útmakket fan it rjochtssysteem en ien fan 'e basisprinsipes foarmet foar bestraffing fan misdiedigers. Yn funksjonearjende rjochtssystemen hat de oerheid it allinnerjocht op ferjilding.

Wraak
De persofiëarre Rjochtfeardichheid en Wraak ferfolgje de Misdie, op in skilderij fan Pierre-Paul Prud'hon.

De emoasje dy't oan wraak t'en grûnslach leit, is wraaksucht. Dy emoasje wurdt troch guon beskôge as ûnfoech om't er net rasjoneel wêze soe. Oaren sjogge wraaksucht lykwols as in oerâlde minsklike reäksje op oandien ûnrjocht (ferlykje de ferneamde bibelske passaazje "each om each, tosk om tosk"). Likegoed is wraaksucht in gefaarlike emoasje, dy't gauris in obsesje wurde kin en de wraaknimmer likegoed ferdylget as dejingen op wa't hy of sy wraak nimme wol. Yn it strafrjocht wurdt wraak sjoen as ûntalitber en in foarm fan figilantisme (it rjocht yn eigen hân nimmen). It prinsipe fan wraak, nammentlik it feroarsaakjen fan ekstra ûnrjocht of leed by de dieder fan earder ûnrjocht of leed, wurdt yn it strafrjocht net akseptearre, en wraaknimmers sille sadwaande yn 'e regel ek net ûntsjoen wurde by de ferfolging foar de misdriuwen dy't se as ûnderdiel fan harren wraak begien hawwe. In ferneamd literêr wurk dat giet oer wraak en wraaksucht is de roman De Greve fan Monte-Cristo (1844), fan 'e Frânske skriuwer Alexandre Dumas.

Spesjale foarmen fan wraak binne bloedwraak en earwraak. By bloedwraak reitsje twa (of mear) famyljes of oare maatskiplike groepen deilis om tabrocht ûnrjocht of leed. Soks begjint faak mei in lytse mislediging, mar kin útgroeie ta in deilisskip dy't generaasjes lang oanhâldt. Faak draait it út op moard en wjermoard, wêrby't foar eltse moard troch de iene groep wraak nommen wurdt mei in moard troch de oare groep, sadat de fete oant yn it ûneinige oan 'e gong holden wurdt. Lannen dy't histoarysk (en yn beheinde mjitte noch wol) om sokke bloedwraak of fendetta's bekend stiene, binne û.o. Korsika en Albaanje. By earwraak draait it om it weinimmen fan gesichtsferlies of in as sadanich beskôge famyljeskande, wêrby't faak it slachtoffer fan in earder misdriuw, lykas in ferkrêfte frou, troch har eigen famylje om hals brocht wurdt om 'e "skande út te wiskjen". Soks komt in protte foar yn lannen as Pakistan en Afganistan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BestraffingGefoelenMaatskippijMisdiedigerMisdriuwOerheidRjochtStrafWet

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ErflikheidslearEjakulaasjeNederlânske gemeenteRia RodrigezDomtsjerke fan SienaPornofilmMuzyksjenre1790Pet (holdeksel)Anton DalhuysenRocco SiffrediKylee StruttMiranda WerkmanGraham SwiftNew York Stock ExchangeMilitêrHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiKultuerKatedraal fan NapelsRonald ReaganNynke Heeg1896Luma CariocaShae SummersHellendoorn (gemeente)Austraalje (lân)Edsger Wybe DijkstraPresidint fan de Feriene SteatenMolekulêre biologyRock 'n rollFriezen1564Erika BellaSlavyske talenSalomonseilannenAfrikaanske pappegaaidoSeimunds pappegaaidoHeather LeeKatedraal fan Padûa69 (sekshâlding)Seksuele penetraasje20082017Domtsjerke fan GrossetoAlkoholismeFrankrykTiffany Towers (pornografysk aktrise)Keallepoat19e iuw30 jannewarisCherokee d'AssArwen GoldFrou9e iuw f.Kr.Fryske BernekranteLuna CorazónAngelica Bella5 jannewarisCriss StrokesList fan Nederlânske gemeentenMoriah MillsÇatalhöyükPersia MonirAngelina Jolie19011859Joyce Oliveira19 maartOezbekistanMediafranchise🡆 More