12 maart - Yn Britsk-Ynje begjint de lânseigen foaroanman Mahatma Gandhi oan it haad fan in grutte kloft folk oan syn Sâltmars nei de see, om dêr sels sâlt te winnen en sa it Britske monopoalje op sâlt yn Ynje oan 'e kaak te stellen.
25 maart - De Europa fan de NDL wint de Blauwe Wimpel mei 4 dagen, 17 oere en 6 minuten.
8 juny - De út ballingskip weromroppen Karel II folget syn njoggenjierrige soan Michael op as kening fan Roemeenje. (Hy wie yn 1925 ferballe troch syn heit, kening Ferdinand, en doe't dyselde yn 1927stoar, waard er dêrom opfolge troch syn pakesizzer, de doe seisjierrige Michael.)
26 juny - It 16e Partijkongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny stiet hielendal yn it teken fan suverings. Foaroanman Josef Stalin hâldt in seis oeren duorjende taspraak dêr't er fierdere maatregels yn oankundiget tsjin trotskisten en oare tsjinstanners.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1930 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1930, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.