Skamhier as pubarche is it hier op de skamte dat yn de puberteit groeit.
It waaksen kin begjinne op jierren fan ± 9 oan ± 17, trochstrings mei 11/12 jier by famkes en 13/14 jier by jonges. De langte, kleur, mannichte en tsjûkens fan it skamhier kin de persoan en it ras ferskille. It skamhier liket wat struktuer en kleur oanbelanget op de eachbrauwen en net sa folle op it hier op de holle. Skamhier is in sekundêr geslachtsskaaimerk.
Dit artikel is in stobbe oer anatomy. Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
De fiere foarâlden fan de minske fan no, homo ergaster en/of homo erectus, hienen fan boppe oant ûnder hier. Yn de rin fan de evolúsje rekke de minske lykwols it meastepart fan syn hier kwyt. Wat kin dan de sin fan it skamhier wêze? It antwurd soe gearhingje kinne mei rook. Dy is fan belang by de seksuele oanlokking tusken minsken, lykas ek by ferskaat oan bisten. Ek hjoeddendei reagearje minsken dêrop, mar sy witte it net, troch harren fomeronasaal rookorgaan, dat is in tige lyts oerâld ekstra rookorgaan. De hierren ûnder de oksels, tusken de billen en om de geslachtsdielen hinne kinne rook fêsthâlde en ferspriede. In oare reden soe wêze kinne dat skamhier tsjut op seksuele ripens.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pubic hair fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Skamhier, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.