Myanmar

Myanmar of Birma is in lân yn Súdeast-Aazje.

Republyk fan de Uny fan Myanmar
Myanmar
Pyidaungsu Myanma Naingngandaw
Flagge fan Myanmar Wapen fan Myanmar
Flagge Wapen
Lokaasje fan Myanmar
Offisjele taal Birmaansk
Haadstêd Naypyidaw
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
678.500 km²
3,06­%
Ynwenners (2013) 55.167.330
Munt Kyat (MMK)
Tiidsône UTC +6,5
Nasjonale feestdei 4 jannewaris
Lânkoade MMR
Ynternet .mm
Tillefoan 95

It lân hjit sûnt 21 oktober 2010 offisjeel Republyk fan de Uny fan Myanmar, fan 1989 oant 2010 hjitte it Uny fan Myanmar. De haadstêd is sûnt 7 novimber 2005 it sintraal yn it lân lizzende Naypyidaw. De âlde haadstêd Rangoon (Yangon), de grutste stêd fan it lân, wurdt ûnder oaren troch België, de Europeeske Uny en de Feriene Steaten noch altyd as haadstêd beskôge. Nederlân erkent de nije haadstêd wol.

Geografy

Lizzing

Myanmar wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Myanmar 
Boedistyske timpel yn Pagan

Myanmar hat oan de grinzen rûnom hege bergen. It mei oerwâlden begroeide Arakanberchtme is in útrinner fan de Himalaya. Eastlike fan dat berchtme leit in tinbefolke leechflakte, it Shan-plato, dy't it streamgebiet foarmet fan de Irrawady. Dy rivier befloeid it grutste rysikkerlân fan de wrâld.

It lân hat in tropysk klimaat en leit yn in moessonsône. Populêre toeristenbestimmingen binne de boedistyske monuminten yn Yangon en Pagan en de prachtige natoer fan it Shan-plato.

Foar de kust lizze ek in protte eilannen.

Skiednis

Yn de 8e iuw waard it gebiet fan Myanmar kolonisearre fanút Sina en yn de 13e iuw troch de Mongoalen ferovere. De striid om Myanmar troch ferskate riken einige yn 1752 doe't it hiele lân ûnder ien Birmeesk bewâld brocht waard.

Yn de rin fan de 19e iuw waard Myanmar yn in trijetal oarloggen (1824-1826; 1852 en 1895) alhiel by Britsk-Yndia ynlive en stie it ûnder Britsk bewâld. Yn 1937 krige it selsbestjoer ûnder in Britsk gûverneur en yn 1948 folge in folslein ûnôfhinklik parlimintêre demokrasy bûten it Britske Mienebest.

Under premier U Nu oriëntearre Myanmar harren hieltyd mear op it kommunistyske Sina, mar tidens de kulturele revoluzje ferkoelden lykwols de betrekkingen. U Nu waard yn 1962 troch it leger ôfsetten en folge in militêr rezjym dat sûnt dy tiid alle besikingen om te demokratisearen tsjinholden hat.

Demografy

Befolking

De befolking fan Myanmar bestiet út in protte etnyske groepen, û.o. de Birmanen (69%), Sjan (9%), Karen (6%), Arakanezen (5%), Mon (2%) en de Katsjin (1%).

Religy

It grutste part fan de befolking is boedistysk (Theravada) (89%). It kristendom (4%: 3% baptisten en 1% katoliken) en de islam (4%) binne de oare wichtige godstsjinsten. Ien prosint fan de befolking is oanhinger fan in natoerreligy, dêr't it leauwen yn geasten (de 'nats'), in wichtige rol yn spilet. Lykwols is dat leauwen ek ûnder de Boedistyske befolking wiid ferspraat.

Taal

It Birmaansk is de offisjele taal; it wurdt skreaun yn it Birmaansk skrift. Ingelsk wurdt der ek wol sprutsen en de ferskate etnyske groepen hawwe ek har eigen talen.

Ferneamde Birmezen/Myanmarezen

  • U Thant (1909-1974), diplomaat
  • Aung San (1915-1947), revolúsjonêr
  • Tin Moe (1933-2007), dichter
  • Aung San Suu Kyi (1945), politika en dissidint

Tags:

Myanmar GeografyMyanmar SkiednisMyanmar DemografyMyanmar Ferneamde BirmezenezenMyanmar19892010AazjeBelgiëEuropeeske UnyFeriene SteatenNaypyidawNederlânRangoon (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

361989Golf fan RigaFerkundigingskatedraal (Kazan)Solovetski-kleaster6 augustusLybjeDominion NijfûnlânIvy SherwoodGrins (stêd)IerlânIvan IV fan RuslânStasjon Grins NoardJoyce OliveiraRoarikWiskundeMe Before You (film)Pornografysk aktrise3 maartMozilla FirefoxBitcoinJacobus Henricus van 't HoffKubaPornofilmRhylee Richards1814TurkmenistanMaarten de JongFreedNelson MandelaPornografyBrezjnev-doktrineOlympyske Simmerspullen 1956BaptismeKraj PrimorskiDurrësOpstanning fan JezusIngoesjetiëList fan planetoïden 17001-18000List fan lannen en territoariaPippi LanghoasNoelle EastonNew York (stêd)KolombiaKanonike evangeeljesRjochtsaakYves BaillatEve MadisonYiming CuriosityRicki RaxxxHichtefreesWarsjaupaktJulie Skyhigh1949Tsjetsjenië1000Leonid BrezjnevSotsjyFilosoof14 septimberTeems27EgypteMidslânskFrou🡆 More