Aktivisme

Aktivisme is it krewearjen om feroaring te bewurkmasterjen of tsjin te hâlden op sosjaal, polityk of ekonomysk terrein of op it mêd fan 'e miljeubeskerming.

It doel dêrfan is yn 'e regel om ferbetterings oan te bringen yn 'e maatskippij en sosjaal ûnrjocht oan 'e kaak te stellen.

Aktivisme
De Mars op Washington, yn1963, troch aktivisten fan 'e Amerikaanske Boarger-rjochtebeweging.

Foarmen fan aktivisme kinne wêze:

  • it skriuwen fan ynstjoerde stikken nei kranten;
  • it skriuwen fan brieven oan politisy;
  • it dielnimmen oan politike kampanjes;
  • ekonomysk aktivisme, lykas it dielnimmen oan boykots fan beskate bedriuwen;
  • it bywenjen fan gearkomsten;
  • it meirinnen yn demonstraasjes;
  • it dielnimmen oan stakings;
  • it hâlden fan sit-ins;
  • it hâlden fan hongerstakings.

In ekstreme foarm fan aktivisme dy't wolris foarkomt, is dat aktivisten harsels yn 'e brân stekke en op dy wize yn it iepenbier selsmoard dogge om har miening kenber te meitsjen en oandacht te freegjen foar harren saak. Ek beskate foarmen fan keunst kinne in utering fan aktivisme wêze, lykas graffity of protestlieten. Hjoed de dei spylje de sosjale media in almar grutter wurdende rol by it organisearjen fan aktivisme.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Tags:

Ekonomy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TiranaTaalEastenryk1995Sophie HilbrandKartaachske RykWebsteeOera Linda BoekJeraazje2003Megan SalinasMilfpornografyTechnologyLibrary of CongressDyami MillarsonStockholmThe BeatlesSatireGNU/FDLIstanbûlKoen EekmaFellatioHellendoornRidelMinsklike seksuele aktiviteitSan FranciscoBabyloanjeBarcelonaJohn de MolKeninkryk Grut-Brittanje13 junyMole1989CrossoverFryslânJaylene Rio195521 desimberSarah YoungTongaKwame Nkrumah18 juny29 junySitaatWrâldkampioenskip fuotbalNeakenmodelLatynJean-Louis TrintignantEastseeKomôfWebside2016Grikelân1927BaaikleanMiddellânske SeeLexxxi LockhartHardenbergFûgelsTwinterâneDieren1956Fleanboat19 aprilStar WarsSpaanske grypAstronoomLjouwert (stêd)StraweltePornhubSeksuele stimulaasje1954SokratesAne🡆 More