Oblast Belgorod

De oblast Belgorod (Russysk: Белгородская область, Belgorodskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn 'e Russyske Federaasje.

Belgorod oblast

Белгородская область

Oblast Belgorod
flagge wapen
Oblast Belgorod Oblast Belgorod
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Oblast Belgorod Ruslân
federaal distrikt Sintraal
ekonomyske regio Sintraal-Tsjernozjom
haadplak Belgorod
grutste plak Belgorod
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (91,66  %), Oekraïners (2,73 %)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal 1.531.917 (2022)
oerflak 27.134 km²
befolkingstichtens 56,46 ynw. / km²
oar
stifting 1954
tiidsône UTC +3
koördinaten 50° 46' N 37° 27' E
webside www.belregion.ru

Belgorod is it bestjoerlike sintrum fan de oblast. De stêd leit sa'n 70 kilometer fan de Oekraynske stêd Charkov. Oare grutte plakken binne Stary Oskol en Gûbkin.

Geografy

De oblast leit oan de grins mei de Oekraïne, op sa'n 500 oant 700 kilometer súdlik fan Moskou. Fan noard nei súd is de oblast maksimaal 190 kilometer lang en fan west nei east likernôch 270 kilometer. Yn it noarden grinzget de oblast oan de oblast Koersk, yn it easten oan de oblast Voronezj en yn it westen en suden oan de 540 kilometer lange grins mei de Oekraïne.

Oblast Belgorod 
Natoerreservaat Belogorje (dielgebiet Stenki-Izgorja)

Geologysk leit de oblast oan de súdlike râne fan it Sintraal-Russysk Plato. It gebiet leit yn de rivierbekkens fan de Don en de Dnjepr. Meiïnoar hat de oblast likernôch 480 gruttere of lytsere rivieren. It grutste diel fan it gebiet bestiet út bosk en greide, fral it súdlike diel bestiet út greide en steppe. Fan de sûchdieren dy't der foarkomme kinne swinen, reeën, elanden, hazzen, foksen, marters, murden en wolven. It natoerreservaat Belogorje (Белогорье) bestiet út ferskillende aparte dielen en lânskipstypes tichteby de grins mei de Oekraïne. Yn it gebiet komme in soad seldsume fûgels foar. De boaiem bestiet foar trijefearnspart út de fruchtbere swarte ierde.

Yn de oblast wurde izererts, bauksyt, apatyt, kalk, klaai, goud, grafyt en oare metalen fûn.

It klimaat is tuskenbeide kontinintaal mei relatyf sêfte winters en lange simmers. De oblast hat trochsnit temperatueren yn jannewaris fan −8 °S oant yn july likernôch 20 °S. It froastfrije tiidrek is 155 oant 160 dagen lang. Yn it jier falt alle jierren 540 oant 550 mm delslach, it easten is lykwols trochstrings droeger.

Skiednis

Yn de 8e iuw libben yn it gebiet de Alanen, dy't opfolge waarden troch de Chazaren. De earste Slaven kamen út it noarden en setten harren yn 'e twadde helte fan it earste millenium yn 'e oblast nei wenjen. Yn de tiid fan de Kiëvske Rûs foarme it gebiet ûnderdiel fan it Foarstedom Tsjernigov. De Mongoalske ynvaazje brocht ek yn dit gebiet terreur. Yn dy tiid gyng it gebiet oer yn it besit fan it sterk nei it easten útwreidzjende Gruthartochdom Litouwen, mar sûnt 1500 hearde it gebiet by it Grutfoarstedom Moskou en foarme it de súdlike liny tsjin de Krimtataren, dy't fral troch de Kozakken ferdigene waard.

Oblast Belgorod 
Kriichsmonumint Prochorovka

Troch de ekspânsje fan Ruslân ferlear de ferdigeningsliny oan betsjutting.

Sûnt 1708 wie it gebiet ûnderdiel fan it gûvernemint Kiëv en it gûvernemint Azov. Yn 1727 waard it gûvernemint Belgorod út dielen fan it Kiëvske gûvernemint stifte. It wie doe folle grutter as de hjoeddeiske oblast Belgorod. Yn dy tiid hie it nije gûvernemint Belgorod mear as ien miljoen ynwenners mei stêden as Koersk, Orjol, Brjansk en Valûjki. Tusken 1775 en 1776 waard de oblast opdield. It gebiet om Belgorod hinne waard diel fan it gûvernemint Koersk. Tusken 1917 en 1919 hearde it gebiet fan de tsjintwurdige oblast by de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk.

Yn de twadde helte fan de 19e iuw begûn de yndustrialisaasje en de oanlis fan it spoar.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard der slim fochten yn Belgorod yn omkriten. By de Slach om Koersk wiene der by Prochorovka swiere tankgefjochten.

Yn 1954 waard de oblast Belgorod út de oblasten Koersk en Voronezj stifte.

Bestjoerlike yndieling en stêden

De oblast is ûnderferdield yn de trije stedsdistrikten Belgorod, Gûbkin en Stary Oskol en 19 rajons. Der binne meiïnoar alve stêden yn de oblast en 18 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
Belgorod Белгород 391.804 (2022) Oblast Belgorod  50° 36' N 36° 36' E
Stary Oskol Старый Оскол 223.921 (2020) Oblast Belgorod  51° 17' N 37° 50' E
Gûbkin Губкин 86.229 Oblast Belgorod  51° 17' N 37° 33' E
Sjebekino Шебекино 40.870 Oblast Belgorod  50° 24' N 36° 53' E
Aleksejevka Алексеевка 37.811 Oblast Belgorod  50° 37' N 38° 41' E
Valûjki Валуйки 34.159 Oblast Belgorod  50° 11' N 38° 07' E
Stroitel Строитель 24.104 Gjin 50° 47' N 36° 29' E

Befolkingsferrin

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 563.240 1.440.000 1.226.328 1.261.140 1.308.231 1.378.287 1.511.620 1.531.917

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Archangelsk


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Belgorod 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Belgorod GeografyOblast Belgorod SkiednisOblast Belgorod Bestjoerlike yndieling en stêdenOblast BelgorodRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Frysk Ynternasjonaal KontaktMahabharataJohn de MolJ. Mac1896August TaylorRonald ReaganTsjechoslowakijeJeropaKeallepoatWestland WyvernNashville (Tennessee)Marcel HirscherKening-keizerVina SkyNasjonale feestdeiLewis CarrollHeinrich HimmlerPearsHimelfeartsdeiStikelbaarchWesterske wrâldSeimunds pappegaaido202318592008Sensual JaneSporthalProvansaalske wrotmûsKomyk6 maartSeefdrukEdelgasAngelina JolieGNU/FDLTechnologyDomtsjerke fan ParmaSeksferslavingKleanVanda VitusCriss Strokes19 maartMaría del Carmen CarricartAleksander PûsjkinBoedismeFrankrykAdolf HitlerEl NiñoDomtsjerke fan OrvietoMiranda WerkmanJ.R. CarringtonFen Fryske GrounPhoenix (Arizona)De Boarn2004EuroTripPausBluesGrypskerk69 (sekshâlding)AldskouHânboekLeppelbekkenEkonomyNederlân24 aprilEastenrykDuëtPakistan🡆 More