Kraj Perm

De kraj Perm (Russysk: Пермский край; Permski kraj) is in kraj yn Jeropeesk Ruslân.

kraj Perm

Пермский край

Kraj Perm
flagge wapen
Kraj Perm Kraj Perm
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Kraj Perm Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Oeral
haadplak Perm
grutste plak Perm
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 87,1
Tataren 4,6%, Komi-Permjaken 3,2%
Stân 2010
sifers
ynwennertal 2.556.852 (2022)
oerflak 160.236 km²
befolkingstichtens 15,96 ynw./km²
oar
stifting 1 desimber 2005
tiidsône UTC +5
koördinaten 59° 14' N 56° 08' E
webside www.perm.ru

Skiednis

De kraj ûnstie op 1 desimber 2005 troch de gearfoeging fan de oblast Perm en it autonome distrikt Permjaakje, nei't de befolking op 7 maart 2003 yn in referindum dêrfoar keazen hie. De gebieten hiene earder sels al oanjûn foar in fúzje te wêzen. Yn maart 2004 waard de út te fieren fúzje by wet bekrêftige.

De haadstêd fan de kraj is de stêd Perm, dêr't ek de measte oerheidsynstellings fan it eardere autonome distrikt Permjaakje hinne ferhûzen.

De seis rajons dy't diel fan Permjaaksje útmakken, bleaune in beskate foarm fan autonomy hâlden en alle saken dy't de Komy-Permjaken oangeane wurde yn 'e eardere Permjaakske haadstêd Kûdymkar regele. Oant 2008 hie Komy-Permjaaksje ek noch in eigen begrutting. Foar sa'n oergongstiid is keazen om't Permjaakje foar in grut part ôfhinklik is fan federale subsydzjes.

Geografy

Kraj Perm 
Visjera-rivier

De kraj Perm leit westlik fan de hellings fan it Midden-Oeral berchtme en eastlik yn it Russyske Leechlân. De kraj leit hast hielendal yn Europa, mar 0,2% leit yn Aazje. Fan noard nei súd mjit de kraj maksimaal 645 kilometer en fan west nei east goed 417 kilometer.

De kraj grinzget oan de autonome republyk Komy yn it noarden, oan de oblast Kirov yn it noardwesten, de autonome republiken Oedmoersje yn it súdwesten en Basjkortostan yn it suden en de oblast Sverdlovsk yn it easten.

De berch Tûlymski Kamen mei in hichte fan 1496 meter is de heechste berch.

De kraj telt mear as 29.000 rivieren en beken mei in totale lingte fan mear as 90.000 kilometer. De langste rivieren binne de Kama (1.805 km) en de Tsjûsovaja (592 km). Fjirtich rivieren hawwe in lingte fan 100 oant 500 kilometer.

Ekonomy

De kraj Perm heart ta de sterkste ekonomyske gebieten fan Ruslân. Fral de winning en ferwurking fan ierdoalje en potjiske, enerzjy en de gemy-, metaal-, non-ferrometaal- en houtyndustry en masinebou binne goed fertsjintwurdige. Hast de hiele foarried Russyske potjiske wurdt yn de kraj Perm fûn, dy't de grûnstof foarmet foar kalydong en fral troch de Sineeske lânbou ymportearre wurdt. Grutte bedriuwen binne Odk-Permskie Motory AO (masinebou) en de wapenfabryk Motovilicha. Ek de ynfomaasjetechnology wurdt jimmeroan belangriker.

Stêden en bestjoerlike yndieling

Kraj Perm 
Perm

De kraj Perm is bestoerlik ûnder ferdield yn 14 stêden, in sletten stêd (ZATO) en 33 rajon's. Belangrykste stêden binne de haadstêd Perm, Beresniki en Solikamsk. Meiïnoar hat de kraj 26 stêden en 26 plakken fan in stedsk karakter.

Stêd Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje
Perm Пермь 1.042.763 (2022) Kraj Perm  58° 00' N 56° 14' E
Berezniki Березники 137.091 (2021) Kraj Perm  59° 24' N 56° 48' E
Solikamsk Соликамск 91.959 (2021) Kraj Perm  59° 38' N 56° 46' E
Tsjaikovski Чайковский 81.855 (2021) Kraj Perm  58° 00' N 56° 14' E
Kûngoer Кунгур 63.631 (2021) Kraj Perm  57° 26' N 56° 56' E
Lysva Лысьва 59.610 (2021) Kraj Perm  58° 06' N 57° 15' E
Krasnokamsk Краснокамск 51.815 (2021) Kraj Perm  58° 05' N 55° 45' E
Tsjûsovoj Чусовой 43.299 (2021) Kraj Perm  58° 17' N 57° 49' E

It besjen wurdich

Kraj Perm 
Iisgrotten fan Kûngoer

Perm is it kulturele sintrum fan de oblast. De stêd is ryk oan teäters en musea. Belangrike musea binne: it Nasjonaal Keunstmuseum fan Perm, it Regionaal Museum fan Perm, it museum fan de Motovilicha-fabriken, it Museum fan Aldheden en it Modern Keunstmuseum fan Perm.

Likernôch 43 kilometer fan Perm leit it arsjitektuer- en etnografysk museum Chochlovka, in iepenloftmuseum mei houten arsjitektuer út de Oeral. It stedsje Usolje, sa'n 190 kilometre noardlik fan de haadstêd, hat in grut tal monuminten, lykas it Stroganov-hûs en de Ferlosserkatedraal. De kraj is ryk oan tsjerken en kleasters; it neamen wurdich binne û.o. it Belogorski-kleaster, de Troitski-katedraal en de moskee fan Perm.

De Orda-grot yn it Ordinski-rajon is ien fan de grutste ûnderwettergrotten fan 'e wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Region Perm


 
Dielgebieten fan Ruslân

Kraj Perm 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Kraj Perm SkiednisKraj Perm GeografyKraj Perm EkonomyKraj Perm Stêden en bestjoerlike yndielingKraj Perm It besjen wurdichKraj PermEuropaKrajRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Harmony Wonder1930Greveslot DiezEchte mûzenfeehâlderijGeslachtsmienskipTony van der MeulenCowgirlhâldingCJ MilesOflûken (seksualiteit)GokkenOlympyske Winterspullen 2018Sasha BeartHTMLRay LiottaDKWTwinterâneHoarnstersweachPanhandle fan TeksasGrutte Priis Formule 1 fan Spanje 2007SekshâldingFrankrykReedriden op de Olympyske Winterspullen 1994MaksintiusJob CohenSean LawlessHabytMia LinaLyts-Fryslân (Ommelannen)MediaWikiYves BaillatFegetarismeJerine FleurkeAnnebuorren (It Hearrenfean)Cees JongsmaNoarwegenGloria SwansonGenemuidenTearnsList fan Frysktalige tydskriftenBergen op SoomWillem Cornelis de GrootPornoakteurNoelle EastonComité flamand de FranceSkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976Omgong fan Itaalje 1959GrypsturtDe WestereenPeaske-eilânCarolus LinnaeusList fan planetoïden 75201-75300731Treron aromaticus1899Marijn KuipersSkiednis fan de provinsje FryslânPornoaktrisePenric's FoxEkshibisjonismeMoriah MillsSophie HilbrandPoerdersramp🡆 More