Oblast Koergan

De oblast Koergan (Russysk: Курганская область, transl.: Koerganskaja oblast) is in oblast yn Ruslân.

Haadstêd fan de oblast is de stêd mei deselde namme, Koergan. Koergan is Russysk foar 'grêfheuvel' en hinget gear mei de Koergankultuer. Somtiden wurdt it gebiet ek oantsjut as de 'Transoeral' (Russysk: Зауралье; Zaoeralje).

Koergan oblast

Курганская область

Oblast Koergan
flagge wapen
Oblast Koergan Oblast Koergan
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Oblast Koergan Ruslân
federaal distrikt Oeral
ekonomyske regio Oeral
haadplak Koergan
grutste plak Koergan
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (92,5%), Tataren (1,9%),
Basjkieren (1,4%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal 805.510 (2022)
oerflak 71.488 km²
befolkingstichtens 11,27 ynw./km²
oar
stifting 6 febrewaris 1943
tiidsône UTC+5 (MSK+2))
koördinaten 55° 34' N 64° 45' E
webside www.admobl.kurgan.ru

Skiednis

Oblast Koergan 
Dalmatovo

De russyske kolonisaasje sette yn de 17e iuw útein. De earste delsettings wiene Dalmatovo (1644), Kataisk (1655), Koergan en Sjadrinsk (1662). Dielen fan de oblast hearden op ferskate mominten by de gûverneminten Tobolsk, Perm en Orenburg. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny hearde it gebiet by de oblasten Oeral, Omsk en Tsjeljabinsk. Nei de Dútske oanfal op Ruslân yn 1941 waarden meiïnoar 16 grutte bedriuwen út it westen fan it lân nei it gebiet fan it takomstige oblast evakuëarre. De oblast Koergan waard op 6 febrewaris 1943 stifte.

De oblast waard op 30 oktober 1959 mei de 'Oarder fan Lenin' ûnderskieden.

Geografy

De oblast leit yn it súdwesten fan it Sibearyske Leechlân. It gebiet hat de foarm fan in trijehoek en de haadstêd leit yn it sintrum dêrfan. Yn it suden grinzget de oblast oan Kazachstan, yn it westen oan de oblast Tsjeljabinsk, yn it noarden oan de oblast Sverdlovsk en yn it easten oan de oblast Tjûmen. Fan noard nei súd is de oblast 290 km lang en fan west nei east mear as 430 km. It lânskip wurdt oerhearske troch flakke steppen, dy't tsjintwurdich foar de lânbou brûkt wurde. Likernôch in fyfte diel bestiet út bosk. Yn de oblast lizze mear as 3000 marren en 400 rivieren. De grutste rivieren binne de Tobol en de Isset.

Klimaat

It gebiet hat in kontinintaal klimaat mei kâlde winters en waarme simmers. De trochsnit temperatueren binne yn jannewaris −18 °C en yn july +19 °C. De delslach is 400 mm yn 't jier; de tiid dat der wat groeit 160 oant 165 dagen.

Bestjoerlike yndieling en stêden

De oblast is ûnderferdield yn 24 rajon's en twa stedsdistrikten. De twa stedsdistrikten binne Koergan en de stêd Sjadrinsk. Meiïnoar hat de oblast njoggen steden en seis plakken mei in stedsk karakter.

Stêden en plakken mei in stedsk karakter
Stêd Russysk Rajon Ynwenners Wapen Lokaasje
Dalmatovo Далматово Dalmatovski rajon 11.938 (2021) Oblast Koergan  56° 16' N 62° 55' E
Joergamysj Юргамыш Joergamysjski rajon 7.518 (2021 ) Oblast Koergan  55° 22' N 64° 28' E
Kargapolje Каргаполье Kargapolski rajon 8.005 (2021) Oblast Koergan  55° 57' N 64° 26' E
Kataisk Катайск Kataiski rajon 12.341 (2021) Oblast Koergan  56° 18' N 62° 34' E
Krasny Oktjabr Красный Октябрь Kargapolski rajon 4.230 (2021)   55° 38' N 64° 48' E
Koergan Курган Stedsdistrikt 304.727 (2022) Oblast Koergan  55° 26' N 65° 20' E
Koertamysj Куртамыш Koertamysjski rajon 16.401 (2021) Oblast Koergan  54° 54' N 64° 26' E
Lebjazje Лебяжье Lebjazjevski rajon 5.425 (2021)   55° 16' N 66° 30' E
Makûsjino Макушино Makûsjinski rajon 7.680 (2021)   55° 12' N 67° 15' E
Misjkino Мишкино Misjkinski rajon 7.392 (2021) Oblast Koergan  55° 20' N 63° 55' E
Petûchovo Петухово Petûchovski rajon 9.916 (2021) Oblast Koergan  55° 04' N 67° 53' E
Sjadrinsk Шадринск Stedsdistrikt 74.400 (2021) Oblast Koergan  56° 05' N 63° 38' E
Sjtsjûtsje Щучье Sjtsjûtsjanski rajon 9.346 (2021) Oblast Koergan  55° 13' N 62° 46' E
Sjûmicha Шумиха Sjûmichinski rajon 17.141 (2021) Oblast Koergan  55° 14' N 68° 17' E
Vargasji Варгаши Vargasjinski rajon 9.080 (2021)   55° 22' N 65° 49' E

Befolkingsferrin

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.236.000 976.000 999.170 1.085.560 1.080.459 1.103.665 1.019.532 805.510

Ekonomy

It Transsibearyske Spoar ferbynt de oblast mei de ekonomyske sintra fan de Europeeske en Aziatyske dielen fan Ruslân. Troch de ûnôfhinklikheid fan Kazachstan leit de oblast lykwols mear oan it rânegebiet fan Ruslân as foarhinne. De wichtichste sektoaren binne de masjinebou (foar de lânbou, oanlis fan strjitten en gemy-yndustry), foedselferwurking en lânbou. Oars as yn de omlizzende gebieten hat de oblast gjin grutte oaljefoarrieden yn 'e grûn. Wol is de oblast ryk oan boumaterialen; yn it suden wurdt ek izererts fûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Tjumen


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Koergan 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Koergan SkiednisOblast Koergan GeografyOblast Koergan KlimaatOblast Koergan Bestjoerlike yndieling en stêdenOblast Koergan BefolkingsferrinOblast Koergan EkonomyOblast KoerganKoerganKoergan (grêfhichte)OblastRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

37e iuw f.Kr.TeïsmePornofilmKustterritoariumRockmuzykNeakenfotografyBrazilian wax1095Iraanske kalinderLetlânDe DoelleazenKrystal SwiftFrijmitselderij2 septimberBonêreWrâldkampioenskip fuotbal 1978PlysjeBabewatchEeltsje Boates FolkertsmaKommando geanAliza RuskBeppeGoudfazantLaurens Otmar ten CateYves BaillatRussyske BoargeroarlochISBNWebsteeGregoriaanske kalinderBlu-rayMegan SalinasRink van der VeldeSwierwêzenNeakenmodelHertGreg Foster1488Der PassfälscherWeefpuzelGeslachtsmienskipLogan LongSC It HearrenfeanSultanDakota Skye (pornografysk aktrise)Cassidy BanksLisa AnnSonoarawoastynHans Christian Andersen775KomoarenHaadsideVan Harinxma thoe Slooten1667Sean LawlessSeksuele penetraasje1766SkimmelsEden DDEster (skiekunde)George I fan Grut-BrittanjeFilmKubaOrgasmeKunnilingusNotarisHartochdom BretanjeMieke van der WeijParys🡆 More