Logan Long

Logan Long, echte namme ûnbekend (Los Angeles, 7 febrewaris 1988 – dêre, 16 maaie 2022), wie in Amerikaansk pornografysk akteur.

Hy sette yn 2016 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Logan Long
Logan Long persoan yn de seksyndustry
Logan Long
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Logan Long Amerikaansk
berne 7 febrewaris 1988
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
stoarn 16 maaie 2022
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Logan Long Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 20162022
offisjele webside
Logan Long op Twitter

Libben

Karriêre

Long waard yn 1988 berne yn 'e wyk Toluca Lake fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 2016, doe't er 28 jier wie, makke er syn debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hied er begjin 2020 yn 560 ûnderskate pornofilms spile.

Dêrby wie Long te sjen yn produksjes fan sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, New Sensations, Evil Angel, Diabolic Video, Digital Playground, Zero Tolerance, Adam & Eve, Digital Sin en Devil's Film. Fierders hat er ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, Girlfriends Films, The Score Group, Metro, en Third Degree Films. En teffens hat er in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under syn karriêre wurke Long gear mei froulike tsjinspylsters as Britney Amber, August Ames, Veronica Avluv, Bridgette B, Cassidy Banks, Maya Bijou, Vienna Black, Mercedes Carrera, Kacie Castle, Adriana Chechik, Candice Dare, Dana DeArmond, Danielle Derek, Shay Evans, Ariella Ferrera, Ana Foxxx, Diamond Foxxx, Keisha Grey, Aaliyah Hadid, Dillion Harper, Nina Hartley, Holly Hendrix, Jillian Janson, Alura Jenson, Julia Ann, Victoria June, Diamond Kitty, Brandi Love, Krissy Lynn, Jynx Maze, Mandy Muse, Nia Nacci, Valentina Nappi, Skyla Novea, Aleksa Nicole, Romi Rain, Riley Reid, Nicolette Shea, Vina Sky, Kendra Spade, Natalia Starr, Jada Stevens, Misty Stone, India Summer, Alana Summers, Daisy Summers, Julianna Vega, Jezabel Vessir, Angela White, Brittney White en Harmony Wonder.

Ferstjerren

Op 16 maaie 2022 ferstoar Long yn syn wenplak Los Angeles oan in slepende longûntstekking. Hy waard 34 jier.

Lichemsskaaimerken

Logan Long wie blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens syn offisjele opjefte wied er 1.83 m lang, mei in gewicht fan 70 kg. Hy hie in tongpiercing en twa tatoeaazjes: ien mei de tekst "No Ordinary Love" oan 'e binnenkant fan syn lofterûnderearm, en ien mei de tekst "The Sweetest Taboo" oan 'e binnenkant fan syn rjochterûnderearm.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Logan Long LibbenLogan Long LichemsskaaimerkenLogan Long Keppelings om utensLogan Long16 maaie1988201620227 febrewarisFeriene SteatenLos AngelesNammePornofilmPornografysk akteurPornoyndustryWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FrankrykSkilderijRamon (pornografysk akteur)YnterbellumArwen Gold11 septimberLexxxi LockhartItalyske talenIngelum7 maartKeunstriden op de Olympyske Winterspullen 2018MinskeNoardfryskBedrigingHurde pornografyBoarstfergruttingMeso-AmearikaRunenFideospultsjeMirka Antolović-TipurićFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)Maserati XXXEastfryslânFêsteljûnWolverineSana FeyLofthaven SkipholMegan SalinasBrazzers2001Vanessa SkyEmiel StoffersGermaanske talenAchille DevériaHynstekrêftNoelle EastonWurdlBlaudokeVienna Black1482NoardhoekskAlbertina SoepboerAstronomyTaeke Jitze BotkePieter BreukerDútskCassandra WildeSeptember ReignEtiopyske kalinderGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001KroandowenSamoähunningiterRiemkje PitstraISBNKeninkryk FryslânDownblouseSean LawlessManedoBachreinCJ MilesLexi DiamondKarnivoar🡆 More