Oblast Rostov

De oblast Rostov (Russysk: Росто́вская о́бласть, Rostovskaja oblast) is in oblast yn it súdwesten fan Ruslân.

De haadstêd is Rostov oan de Don, in stêd mei mear as in miljoen ynwenners. De stêd is tagelyk it bestjoerssintrum fan it Súdlik Federaal Distrikt.

Rostov oblast

Росто́вская о́бласть

Oblast Rostov
flagge wapen
Oblast Rostov Oblast Rostov
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Oblast Rostov Ruslân
federaal distrikt Súd
ekonomyske regio Noard-Kaukasus
haadplak Rostov oan de Don
grutste plak Rostov oan de Don
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (90,3 %)
Armeenjers (2,7%)
Ukraïeners (1,9 %) (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 4.153.763 (2022)
oerflak 100.967 km²
befolkingstichtens 41,14 ynw. / km²
oar
stifting 1937
tiidsône UTC +3
koördinaten 47° 52' N 41° 11' E
webside www.donland.ru

Geografy

De oblast leit oan de See fan Azov en grinzget yn it westen oan Oekraïne, yn it noardwesten oan de oblasten Voronezj, yn it noardeasten oan de oblast Wolgograd, yn it súdeasten en it suden oan de dielrepublyk Kalmukje, yn it suden oan de kraj Stavropol en yn it súdwesten oan de kraj Krasnodar.

De oblast leit yn it suden yn de Easteuropeeske Leechflakte en yn de Foarkaukasus. Oan de benedenrin fan de Don is it reliëf fan it lânskip flak oant heuveleftich.

Troch de oblast streame de rivieren de Don en de Severski Donets. Bosk is hast net oanwêzich en foarmet mar 2,4% fan it areaal en is fral foar de wetterhûshâlding oanplante. In diel fan de Opslachmar fan Tsimljansk leit yn de oblast Rostov.

De Donbas, dy't foar in part yn Oekraïne leit, is tige ryk oan boaiemskatten en dan fral stien- en brúnkoal.

Skiednis

Troch de striid mei de Krimtataren wie it gebiet yn de 16e iuw leech en ferlitten. Yn dy tiid stiften boeren yn it streamgebiet fan de Don in leger, Kozakken, en hja wiene de earste minsken dy't it gebiet kolonialisearren. Harren haadstêd wie Tsjerkassk (tsjintwurdich Starotsjerkasskaja) en letter Novotsjerkassk. Letter ûntstien der mear Kozakkegroepen yn de súdlike Oeral, Sibearje en Kaukasus. De Kozakken wurken nau gear mei it tsaristyske ryk en setten útein mei in systematyske kolonisaasje fan it gebiet.

Oblast Rostov 
Rostov foar de revolúsje

It gebiet heart sûnt de 18e iuw offisjeel by Ruslân. Under keizerin Katarina II waard in aktive befolkings- en kolonisaasjepolityk yn de regio fierd. Yn 1760 folge de bou fan in nij fort, it tsjintwurdige Rostov oan de Don, dat letter in belangryk ekonomysk en militêr sintrum fan de Don-regio waard dat ek wol 'Poarte nei de Kaukasus' neamd wurdt. Yn 1779 waarden Armeenjers fanút de Krim nei it gebiet oerbrocht.

Under Russysk bewâld waard it gebiet agrarysk ûntwikkele, ynearsten fral troch de bou fan weet, wyn en tabak. Dy Don-tabak wie fan hege kwaliteit en fûn ek ôfset yn it bûtenlân. Ek it fokken fan hynders makke it gebiet bekend, dat dêr yn in lange tradysje stie. Troch bûtenlânske ynvestearrings ûntwikkele de yndustry him pas oan it begjin fan de 20e iuw.

De Earste Wrâldkriich, de revolúsje en de Russyske Boargerkriich waarden ek yn it Dongebiet útfochten.

Nei de Oktoberrevolúsje wegere it militêre regear fan de Don ûnder de kozakkenlieder Aleksej Kaledin it nije bosljewistyske regear te erkennen. It ferset waard brutsen en tsjin it ein fan febrewaris 1918 waard Kaledin ferslein en folge de besetting fan de belangrike plakken troch it Reade Leger. Kaladin makke himsels fan kant, waard opfolge troch de letter delsketten Nazarov.

Oblast Rostov 
Betsjoersgebou Rostov oblast

De Kommunistyske Partij wie sûnt 1919 fêst fan doel de Kozakkenkultuer te ferneatigjen. It waard ferbean om Kozakke-unifoarmen te dragen en in soad Kozakkedoarpen krigen oare nammen en tûzenen pleatsen platbaarnd. Yn de boargerkriich waard de Donbas it sintrum fan de Wite Beweging en it toaniel fan bluodrige fjildslaggen.

Nei 1922 waard it wer wat better en sûnt 1926 begûn de grutte yndustriële ûntwikkeling fan it Dongebiet. De Twadde Wrâldkriich brocht op 'e nij in soad lijen en de stêd Rostov oan de Don waard slim skeind. It duorre oant 1954 dat it ynwennertal wer it nivo fan foar de oarloch hie en de definitive weropbou fan de stêd wie pas tsjin it ein fan 1960 foltôge.

De ferskillen yn de oblast binne grut en fral it easten is noch agrarysk en tin befolke. It westen dêrfoaroer mei de stêden Sjachty, Novosjachtinsk en Krasny Sûlin foarmje oan de grins mei de Oekraïne in tichtbefolke yndustry- en mynbougebiet. Rostov sels is ek in wichtich yndustrieel sintrum. Taranrog is in havenstêd en de omkriten binne poplêr by toeristen.

Nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny waard de oblast Rostov wat ekonomyske bydrage oanbelanget ynhelle troch de oanbuorjende kraj Krasnodar.

Bestjoersyndieling en stêden

De oblast Rostov is ûnderferdield yn 43 rajons en 12 stedsdistrikten. Njonken Rostov oan de Don binne belangrike stêden: Taganrog, Sjachty, Novotsjerkassk, Wolgodonsk, Novosjachtinsk, Bataisk en it histoarysk wichtige Azov. Meiïnoar lizze der yn de oblast 23 stêden en 7 plakken mei in stedsk karakter.

Oblast Rostov 
Rostov oan de Don
Oblast Rostov 
Trije-ienheidskatedraal fan Bataisk
Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje
Rostov oan de Don Ростов-на-Дону 1.134.694 Oblast Rostov  47° 14' N 39° 42' E
Taganrog Таганрог 248.269 Oblast Rostov  47° 14' N 38° 53' E
Sjachty Шахты 228.816 Oblast Rostov  47° 42' N 40° 12' E
Novotsjerkassk Новочеркасск 166.312 Oblast Rostov  47° 26' N 40° 05' E
Volgodonsk Волгодонск 169.953 Oblast Rostov  47° 32' N 42° 12' E
Novosjachtinsk Новошахтинск 145.038 Oblast Rostov  47° 46' N 39° 55' E
Bataisk Батайск 127.444 Oblast Rostov  47° 08' N 39° 45' E
Kamensk-Sjachtinski Каменск-Шахтинский 87.113 Oblast Rostov  48° 19' N 40° 16' E
Azov Азов 79.857 Oblast Rostov  47° 06' N 39° 25' E

Befolkingsûntwikkeling

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 2.450.000 2.892.580 3.311.747 3.831.262 4.079.024 4.308.654 4.404.014 4.153.763

Ekonomy

Oblast Rostov 
Lânbou yn de oblast Rostov

De oblast hat in heech ûntwikkele yndustry. De haadstêd foarmet it ekonomyske sintrum fan de oblast. In belangrike sektor foarmet de masinebou (elektrolokomotiven, stoomtsjettels, meanmasines, naaimasines, helikopters, fleantugen en auto's, navigaasjesystemen en ferwaarmingssystemen), dêrnjonken ek metaalferwurking, gemy en pretrogemyske yndustry. Grutte bedriuwen yn de oblast binne û.o. de lânboumasinefabriken fan Rostselmasj, de autofabryk TagAZ yn Taganrog, de helikopterfabryk Rostvertol yn Rostov oan de Don, de elektrolokomotivefabryk yn Novotsjerkassk, de aluminiumfabryk fan Belaja Kalitva en it metallurgyske bedriuw Tagmet. By Volgodonsk stiet de kearnsintrale Rostov.

De lânbou en fiedselyndustry bestjut foar de regio in soad. De fruchtbere swarte ierde wurdt brûkt foar yntinsive lânbou foar de produksje fan weet, koarn, rys, fruit, griente en wyn. De oblast is nei de kraj Krasnodar de op ien nei grutste produsint fan lânbouprodukten fan Ruslân.

Grûnstoffen fan de oblast binne fral stienkoal, gas en natuerlike boumaterialen (kalkstien, kryt, sânstien, klaai en kwartssân), dy't de basis foarmje foar in regionale boustoffenyndustry.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Rostow


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Rostov 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Rostov GeografyOblast Rostov SkiednisOblast Rostov Bestjoersyndieling en stêdenOblast Rostov BefolkingsûntwikkelingOblast Rostov EkonomyOblast RostovOblastRostov oan de DonRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nasjonaal parkJustin SlayerKrystal Swift4 novimberGermaanske talenInga Ridere20143 febrewarisAustraalje (lân)UbbenaFêsteljûnDûbai1839SkiednisBad Samaritan (film)HagekrûperNicole OringGrutte OseaanSwurdISBNDea1 febrewarisMasturbaasjeFingerjenMullumPapoea Nij-GuineäMeso-AmearikaMadagaskar11 septimberPornoakteurYves BaillatTennis3 desimberNoard-AmearikaRicki Raxxx8 junyMia KhalifaPortegalWolkekliuwerBelestingPornografyPlestikGeorges SimenonJimmy WalesHavana GingerSavana GingerVina SkyNel Benschop1907HeipealhâldingGoudManedoWesterlauwerske FriezenSteatsfoarmGaya PatalSaya SongMidden-AmearikaFuotbalKanieldoBenediktus XVIFryske talenGeslachtsmienskipAchille DevériaSteatMarika FruscioMegan SalinasLeilani VegaFranklin D. Roosevelt1951Rachel Aziani🡆 More