Krystal Swift

Krystal Swift, echte namme ûnbekend (Praach, 16 septimber 1988), is in Tsjechysk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Cristal Swift, Kristal Swift of Crystal Swift.

Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Cherlyn, Petra D, Trista en Sophia. Swift sette yn 2011 útein mei in wurkpaad yn pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films. Hja stiet benammen bekend om har grutte natuerlike boarsten.

Krystal Swift
Krystal Swift persoan yn de seksyndustry
Krystal Swift
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cherlyn, Cristal Swift,
Kristal Swift, Crystal Swift,
Petra D, Sophia, Trista
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Krystal Swift Tsjechysk
berne 16 septimber 1988
berteplak Praach (Tsjechje)
etnisiteit Krystal Swift Boheemsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Swift waard yn 1988 berne yn Praach, de haadstêd fan wat doe noch Tsjechoslowakije wie. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, begûn se mei wurk as stripper yn in stripklub yn Praach, dêr't se ek lapdances joech. Om't de klanten nei't it skynt net fan har grutte boarsten ôfbliuwe koene, joech se yn it neijier fan 2010 it dûnsjen deroan, om har foltiids op in karriêre as neakenmodel ta te lizzen, wêrby't se posearre foar ferskate neakenblêden.

Yn 2011, doe't se 23 jier wie, makke Swift har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se sûnt dy tiid yn in trichichtal films, benammen foar Jeropeeske filmstudio's, lykas it Dútske Videorama en Magmafilm en it Nederlânske Video Art Holland. Dêrnjonken wurke se ek wol yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Adam & Eve en The Score Group. Teffens wie se wol yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Brazzers.

Lichemsskaaimerken

Krystal Swift is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 65 kg, en in natuerlike kupmaat 34F. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar se hat wol in tatoeaazje mei de tekst "Angel" op har lofterskouderblêd.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Krystal Swift Libben en karriêreKrystal Swift LichemsskaaimerkenKrystal Swift Keppelings om utensKrystal Swift16 septimber19882011ArtystenammeBoarstenNammeNeakenmodelPornoPornofilmPornografysk aktrisePraachSkûlnammeStaveringStripperTsjechjeWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ria RodrigezBoksenGoldbandKalkulatorEarste WrâldkriichTrije-ienheidskatedraal (Pskov)FrouTibeariusMay ThaiArabyskDôve BroeierBrezjnev-doktrineÛntslachIrakOnno FalkenaThe New York TimesMasturbaasjeLatynGeslachtsmienskipOpstanning fan JezusKraj KamtsjatkaIerlânWashington, D.C.Paleokontinint802Herbert HooverGeslacht (sekse)ImerkesjongerfûgelsSkearmês fan OckhamDûbele penetraasjeKanonike evangeeljesList fan planetoïden 5001-60001957KjifdierenWetterstofReklamespotsjeAnargismeSolovetski-kleasterGotoku SakaiGrykskGeorgje600DionysusBarnstienNew York (stêd)Petrus- en Paulustsjerke (Pskov)Sean LawlessLybjeRunen5 maartIt OranjewâldKeizerPasta (daaiguod)Danijel DizdarevicSprinkhoannesjongers1662Grut-BrittanjeDaasjeSkotlânMarijn KuipersVina SkySpanjeGregoriaanske kalinderOrgasmeDeaKolombiaAfganistan🡆 More