Oblast Tjûmen

De oblast Tjûmen (Russysk: Тюменская область, Tjûmenskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid fan Ruslân.

De oblast falt ûnder it Federale Distrikt Oeral. Haadstêd is Tjûmen.

Tjûmen oblast

Тюменская область

Oblast Tjûmen
flagge wapen
Oblast Tjûmen Oblast Tjûmen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Oblast Tjûmen Ruslân
federaal distrikt Oeral
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Tjûmen
grutste plak Tjûmen
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (73,32%), Tataren (7,48%),
Oekraïners (4,90%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal 1.537.416 (2022) (ekskl. autonome distr.)
3.806.505 (2022) (inkl. autonome distr.)
oerflak 160.122 km² (ekskl. autonome distr.)
1.464.173 km² (inkl. autonome distr.)
befolkingstichtens 9,6 ynw./km² (ekskl. autonome distr.)
2,6 ynw./km² (inkl. autonome distr.)
oar
stifting 14 augustus 1944
tiidsône UTC+5 (MSK+2))
koördinaten 57° 50' N 69° 00' E
webside admtyumen.ru

Geografy

Oblast Tjûmen 
De Irtysj yn 'e oblast Tjûmen

De oblast is de iennige oblast fan it lân dat mei syn grins fan de súdlike lânsgrins mei Kazachstan oant de Noardlike Iissee de hiele breedte fan it lân oerspant. It is lykwols net it langste gebiet fan it lân: de kraj Krasnojarsk en de autonome republyk Sacha yn it easten oerspanne fan noard nei súd in gruttere ôfstân, mar ha gjin lânsgrins mei it bûtenlân.

Yn de oblast lizze de twa autonome distrikten Chanto-Mansje en Jamalo-Nenetsje.

Grutte rivieren binne de Irtysj en de Ob.

Sûnder de autonome distrikten hat de oblast in oerflak fan 161.800 km², mei de autonome distrikten is it mei in oerflak fan 1.435.200 km² ite op twa nei grutste bestjoerlike dielgebiet fan it lân .

Skiednis

Oblast Tjûmen 
Kremlyn fan Tobolsk

De russyske kolonisaasje fan it gebiet sette tsjin it ein fan 'e 16e iuw útien. De stêd Tobolsk wie foar in skoft sels de haadstêd Sibearje. De oblast Tjûmen waard op 14 augustus 1944 út dielen fan de oblasten Omsk en Koergan stifte.

Ekonomy

Belangrike sektoaren binne de petrogemyske yndustry, de houtferwurking en de masjinebou. Fanwegen it foarkommen fan in soad ierdgas en ierdoalje falt it gebiet ûnder de rykste dielen fan Ruslân. Ynklusyf de autonome gebieten hat de oblast sels it heechste regionale BYP de ynwenner fan alle gebieten fan Ruslân.

Opdield nei de ferskillede dielen docht de oblast Tjûmen it hiel goed, mar wurdt troch de twa autonome distrikten oertroffen, fral troch Chanto-Mansje.

Bestjoerlike yndieling en stêden

Oblast Tjûmen 
Regearingsgebou oblast Tjûmen

De oblast Tjumen is yn 22 rajons ûnderferdield en fiif stedsdistrikten. De fiif stêden foarmje de stedsdistrikten. Grutste stêden binne Tjûmen, Tobolsk en Isjim.

Grutte stêden
Stêd Namme Wapen Ynwenners Lokaasje
Isjim Ишим 64.010 Oblast Tjûmen  56° 07' N 69° 30' E
Jalûtorovsk Ялуторовск 39.947 Oblast Tjûmen  56° 39' N 66° 18' E
Savodoukovsk Заводоуковск 26.477 Oblast Tjûmen  56° 30' N 66° 33' E
Tjûmen Тюмень 828.600 Oblast Tjûmen  56° 07' N 65° 32' E
Tobolsk Тобольск 98.772 Oblast Tjûmen  58° 11' N 68° 15' E

Befolkingsferrin

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 943.000 991.000 1.092.126 1.406.101 1.885.184 3.097.657 3.264.841 3.806.505

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Tjumen


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Tjûmen 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Tjûmen GeografyOblast Tjûmen SkiednisOblast Tjûmen EkonomyOblast Tjûmen Bestjoerlike yndieling en stêdenOblast Tjûmen BefolkingsferrinOblast TjûmenOblastRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hellendoorn (gemeente)Ton (massa)1564TuberkuloazeApplikaasjeMisjonarishâldingMia LiTheunis Piersma (biolooch)PausSekretaris-generaalJane BirkinSandy MilzFrysktalige WikipedyAmerican Music AwardPornofilmArmeenjeRussenOomramFantasy (sjenre)Green Rider1913Dûbele penetraasjeFerstoarZaya CassidyBart Jan SpruytAshlynn LeighKommissaris fan de KeningSavana GingerFloarida2024Havana GingerMiranda WerkmanSlavernijSkamstreekSintraal-Afrikaanske RepublykAngelica RavenMichelle TuckerSinaTogoPersia MonirNoard-FryslânList fan sterke tiidwurden yn it FryskLiza MinnelliGhost Story (roman fan Jim Butcher)MinosHûntsjeshâldingTekkelKaribyske lamantynMinsklike seksuele aktiviteitLeppeltsje-leppeltsjePolitykWestgermaanske talenGolfstreamJoe Biden15 maaieAlexa FlexyWest-FryslânAbbey BrooksRynKâlde KriichKeninkryk fan de NederlannenSanta Ana (Kalifornje)164913 augustus🡆 More