Oblast Rjazan

De oblast Rjazan (Russysk: Рязанская область, Rjazanskaja oblast) is in oblast (in bestjoerlike ienheid) fan Ruslân.

De oblast leit súdeastlik fan Moskou, de haadstêd is Rjazan.

Rjazan oblast

Костромская область

Oblast Rjazan
flagge wapen
Oblast Rjazan Oblast Rjazan
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Oblast Rjazan Ruslân
Federaal Distrikt Sintraal
Ekonomyske Regio Sintraal
haadplak Rjazan
grutste plak Rjazan
taal Russysk
sifers
ynwennertal 1.085.152 (2022)
oerflak 39.605 km²
befolkingstichtens 27,4 ynw./km²
Etnyske groepen Russen (88,98 %)
Oekraïners (0,77%)
stân 2010
oar
stifting 1937
tiidsône UTC +3
koördinaten 54° 24' N 40° 39' E
webside www.gov.ryazan.ru

Geografy

Oblast Rjazan 
De Oka yn 'e oblast Rjazan

De oblast grinzget oan de oblasten Vladimir (noarden) en Nizjni Novgorod (noardeasten), de republyk Mordoovje (easten) en de oblasten Penza (súdeasten), Tambov (suden), Lipetsk (súdwesten), Tûla (westen) en Moskou (noardwesten).

De oblast leit yn de Easteuropeeske Leechflakte yn it Oka-Don-flakte. De belangrykste rivier is de Oka, dy't fan wêst nei east de oblast midstwa snijdt. Mei útsûndering fan de haadstêd is de lânbou yn de hiele oblast de belangrykste boarne fan ynkommen. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De trochsnit temperatuer yn jannewaris is −10 °S, yn july +20 °S.

Ekonomy

Utsein de haadstêd is de oblast fral agrarysk. Der wurdt kalkstien, mergel en klaai fûn en der binne ôfsettings fan glês- en kwarstsân. Fierder wurde der fosforiten, brûne izererts, stienkoal en turf fûn. Wichtige sektoaren binne de ferarbeiding fan ierdoaljeprodukten, metaalbewurking, masjinebou, kommunikaasje-eletronika, de bou en de foedselyndustry.

Skiednis

De skiednis fan it Foarstedom Rjazan giet werom oant yn de 10e iuw. Troch de lokaasje oan de râne fan Ruslân wie it faak in gebiet fan striid. It gebiet hie ek te meitsjen mei de ynvaazje fan de Mongoalen yn 1237. It foarstedom hold lang hoek tsjin Moskou, mar kaam yn 1521 dochs ûnder Russysk bewâld.

Yn 1937 waard de oblast Rjazan oprjochte út dielen fan de oblasten Moskou en Voronezj. Yn 1954 krige de oblast mei in feroarings de hjoeddeiske omfang.

Bestjoersyndieling en grutte stêden

De oblast Rjazan is ûnderferdield yn 25 rajons en 4 stedsdistrikten. It bestjoerssintrum fan de oblast is Rjazan en dat is ek de iennige grutte stêd fan de oblast. Oare plakken mei in grutter ynwennertal binne Kasimov, Skopin en Sasovo, dy't njonken Rjazan de oare trije stedsdistrikten foarmje. Meiïnoar hat de oblast 12 stêden en 21 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
Rjazan Рязань 529.401 Oblast Rjazan  54° 37' N 39° 43' E
Kasimov Касимов 28.753 Oblast Rjazan  56° 59' N 40° 58' E
Skopin Скопин 30.376 Oblast Rjazan  53° 49' N 39° 33' E
Sasovo Сасово 23.213 Oblast Rjazan  54° 21' N 41° 55' E
Rjazjsk Ряжск 20.641 Oblast Rjazan  53° 43' N 40° 04' E

Befolkingsûntwikkeling

Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 1.802.196 2.428.914 2.267.908 1.444.755 1.411.590 1.365.780 1.347.754 1.227.910 1.085.152

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Rjasan


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Rjazan 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Rjazan GeografyOblast Rjazan EkonomyOblast Rjazan SkiednisOblast Rjazan Bestjoersyndieling en grutte stêdenOblast Rjazan BefolkingsûntwikkelingOblast RjazanMoskouOblastRjazanRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NapelsKunnilingusChichén ItzáSnitswikeHânbalMasturbaasjeMadonnaKeapfardij4 febrewaris1892HindoekalinderLos AngelesLuna SilverUNESCOWrâlderfgoedlistSusterenJaylene Rio1031KiëvSneekWeek (film)ServjeTechnologyPenisVanessa Sky1973Eiffeltoer1734Griene ibisSwitserlânFinntrollBouwurk1933QuitoLoadewyk XV fan FrankrykRobert De NiroShalina DevineWilhelmus2e iuwEastenryk478Strjitte fan Torres15e iuwEtiopyske kalinderKommunistyske Partij fan NederlânHeather LeeFrankryk1842SibearjeEnsyklopedyEastenryk-Hongarije1930MaltaTanner MayesLolitapornografy12391 julyidhzx1221NederlânskJuliaanske kalinderPlaktyfusBiologyTrojaanske OarlochLuna RivalJonas DasslerSkrynLogan LongDaisy SummersSineeske kalinderAb urbe condita🡆 More