Rivier Yn Jeropeesk Ruslân Oka

De Oka (Russysk: Ока) is in rivier yn sintraal Jeropeesk Ruslân en de grutste rjochter sydrivier fan de Wolga.

De lingte is 1480 km, wêrfan't der 1200 befarber binne (fan Serpûchov ôf oan). De rivier mûnet yn Nizjni Novgorod yn de Wolga út.

Rivier Yn Jeropeesk Ruslân Oka
De streamkrite fan de Wolga mei de Oka
Rivier Yn Jeropeesk Ruslân Oka
De gearrin fan de Oka mei de Wolga yn Nizjni Novgorod
Rivier Yn Jeropeesk Ruslân Oka
De Oka tusken Serpûtsjov en Kasjira

De Oka streamt troch en bylâns stêden sa as Orjol, Kalûga, Kolomna, Rjazan, Moerom. It winterseizoen is de rivier fiif moanne beferzen. Oant in tal jierren lyn wie der yn dy perioade autoferkear oer it iis mooglik. Hjoeddedei kin dat net mear fanwege minder strange winters, wêrtrocht de draachkrêft fan it is ek ôfnaam is. De bekendste sydriver fan de Oka is de Moskva: de Oka wie sadwaande ek part fan de histoaryske ferbining fan Moskou mei de Wolga. Yn de jierren tritich fan de 20e iuw waard it spoar Moskou - Nizjni Novgarod oanlein.

Namme

Max Vasmer ferbynt de namme fan de rivier mei it Goatyske аƕа, it Ald-Dútske aha en it Latynske aqua, dat allegear "wetter' as 'rivier' betsjut. Oleg Trûbatsjev is fan betinken dat de namme syn oarsprong hat yn de Baltyske talen: de Baltyske stam Galindianen bewenne nammentlik it westlik part fan it streaamgebiet fan de Oka foar de komst fan de Slaven.

Sydrivieren

De wichtichste sydrivieren fan de Oka binne de Kljasma en de Moskva oan de linkerkant en de Moksja en de Upa oan de rjochterkant.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Nizjni NovgorodRuslânRussyskSerpûchovWolga

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lofthaven SkipholFryske mytologyMoskeftigenFerspriedingsgebietLofthaven EeldeSkamte (anatomy)Pake en beppeUnbreakable (film)Rachel AzianiSwurdMaya BijouVienna BlackAld SelskipBoarstfergruttingSwierwêzenKetsjûa (taal)Mina Luxx15e iuwHin5 augustusHertpuzelKroandowenTer AardJierSineeskKoeweit (stêd)Marianna MadiaNoardhoekskDiezerpoarteHeather LeeDe Holder (literêr tydskrift)24 julyJapanskDelotta BrownKroaasjeWolkekliuwerLexxxi Lockhart7 febrewarisYndoneezjeAsa fan JudaPreeti en Priya Young11 septimberAmerikaanske dollar2001FriesGriisbealchiikhoarntsjeFeriene SteatenPornografyÛndersoarteBrazilian waxFacebookWikipedy1937Philippus H. BreukerDownblouseSlowakijeKalifornjeKrúswurdpuzelFerstjerrenMustafa Kemal AtatürkSarah YoungTruus Postma🡆 More