Oblast Moermansk

De oblast Moermansk (Russysk: Мурманская область; Moermanskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn it noardwesten fan Ruslân.

Moermansk oblast

Пензенская област

Oblast Moermansk
flagge wapen
Oblast Moermansk Oblast Moermansk
polityk
soarte gebiet oblast
lân Oblast Moermansk Ruslân
federaal distrikt Noardwest
ekonomyske regio Noard
haadplak Moermansk
grutste plak Moermansk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (80,8%), Oekraïners (4,3%)
Wyt-Russen (1,5%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal 1.274.062 (2022)
oerflak 724.452 km²
befolkingstichtens 5 ynw./km²
oar
stifting 28 maaie 1938
tiidsône UTC +3
koördinaten 68° 00' N 35° 00' E
webside gov-murman.ru

Skiednis

De Samen foarmje de oarspronklike befolking fan it gebiet, mar binne tsjintwurdich in lytse minderheid. Al yn de 12e iuw wiene de Russen de kuststreken fan de Wite See oan it ferkennen, mar it gebiet bleau lang efter. Yn de 20e iuw krige Ruslân it skiereilân Kola as militêr strategysk gebiet yn 'e lampe. Moermansk waard pas yn 1916 stifte, it wie de lêste stêd, dy't yn de tiid fan it Russyske Keizerryk stifte waard. Fanwegen de Earste Wrâldkriich wie der fan Petrozavodsk in ferbining mei in iisfrije haven nedich, om it mooglik te meitsjen militêre help yn te fieren. It einpunt fan it spoar krige al gau de namme Moermanstasjon, en al gau waard der in haven, in marinebasis en in stêd oanlein.

Oblast Moermansk 
Moermansk yn 1942

Yn 1934 waard de Noardlike Float oprjochte. Ek yn de Twadde Wrâldkriich wie de stêd foar de Sovjet-Uny in wichtige ferbining mei de alliearde bûnsmaten. Der waard in soad militêre stipe yn 'e haven oerslein

Yn 1941 foelen út Finlân wei Dútske troepen de stêd oan yn it ramt fan de Operaasje Silberfuchs. De Luftwaffe bombardearre de stêd yn de kriich 792 kear en Moermansk waard foar in grut part ferneatige op in skaal dy't allinne te ferlikenjen wie mei Leningrad en Stalingrad. It fûle ferset fan de Sovjetkant soarge dat de Dútsers der net yn slaggen om de stêd yn te nimmen en ôf te snijen fan de foar Ruslân tige wichtige iisfrije haven.

Geografy

Oblast Moermansk 
Kandalaksja baai yn 'e oblast Moermansk

De oblast leit yn it noardeasten fan Europa en ek it skiereilân Kola heart dêr by. Yn it noarden leit de Barentssee, yn it easten de Wite See. Yn it suden grinzget de oblast oan de autonome republyk Kareelje, yn it westen dielt de oblast de lânsgrins mei Finlân en Noarwegen.

It oerflak fan de oblast is foar it meast heuveleftich, it heechste berchtme wurdt foarme troch de Chibinen mei in maksimale hichte fan 1191 meter. Troch de see en de golfstream wurdt it kâlde klimaat wat dimme.

Ekonomy

Yn de oblast wurdt apatyt, nikkel, izererts, koper en oare boaiemrykdom fûn. Dêrnjonken is de fiskerij en de houtyndustry wichtich. Troch de golfstream is de haven fan Moermansk iisfrij, alhoewol't dy't noardlik fan de poalsirkel leit.

Bestjoersyndieling en stêden

Oblast Moermansk 
Moermansk
Oblast Moermansk 
Poalljocht by Teriberka
Oblast Moermansk 
Kirovsk

De wichtichste stêden binne Moermansk en Apatity. De befolking libbet foar it measte oan it Moermanspoar, dat Moermansk mei de súdilke lânsdielen ferbynt. De oblast Moermansk is ûnderferdielt yn fiif rajon's en tolve stedsdistrikten. De haadstêd Moermansk is fierwei de grutste stêd. Meiïnoar hat de oblast 16 stêden en 12 plakken mei in stedsk karakter. Seis stêden en twa doarpen hawwe de status fan ZATO (sletten stêd).

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
Moermansk Мурманск 279.064 Oblast Moermansk  68° 58' N 33° 05' E
Apatity Апатиты 52.762 Oblast Moermansk  67° 34' N 33° 23' E
Severomorsk Североморск 55.005 Oblast Moermansk  69° 04' N 33° 25' E
Montsjegorsk Мончегорск 40.425 Oblast Moermansk  67° 56' N 32° 54' E
Kandalakzja Кандалакша 29.045 Oblast Moermansk  67° 09' N 32° 24' E
Kirovsk Кировск 28.625 Oblast Moermansk  67° 38' N 33° 43' E
Olenegorsk Оленегорск 19.533 Oblast Moermansk  68° 09' N 33° 17' E

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Murmansk


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Moermansk 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Moermansk SkiednisOblast Moermansk GeografyOblast Moermansk EkonomyOblast Moermansk Bestjoersyndieling en stêdenOblast MoermanskOblastRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

List fan Belgyske keunstskildersSS-TotenkopfverbändeÛndersoarteKompjûterkloftNovialFeriene Arabyske EmiratenGazastripeGrutte DepresjeTiidRomantyk (leafde)FotosyntezeLongûntstekkingFuotbalNoarskHellendoorn (gemeente)KatolisismeAntonie Frederik ZürcherJapansk2021Oanslach2006AldfryskYves BaillatEkshibisjonismeKascha Papillon1971Poalen66 f.Kr.18521855ISSNKoen EekmaSeksuele opwiningToskedokterBalkbrugHammetjeMadridAnneke DoumaOeriselRivier1938Frankfurt am Main19771915ArûbaEster (skiekunde)BoekCoralie Trinh ThiSpienEva WiessingSûmbapappegaaido2005Ald SelskipKalifornje9 septimberKwame NkrumahFleanboat1927AccraEvelyn LinLibrary of Congress20165 maaie193925 maartDûbai21 desimber1989UraniumCassandra Wilde🡆 More