Plaktyfus

Tyfus of plaktyfus (Nederlânsk: vlektyfus) is in besmetlike sykte dy't troch mikro-organismen fan it skaai Rickettsia feroarsake wurde.

Plaktyfus    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

De namme komt fan it Gryksk typhos = mist, dize, en slacht op de dizenigens yn de holle by it koartsdelier fan de lijers oan de sykte.

Plaktyfus
Plaktyfus

De sykte wurdt troch kleanluzen oerbrocht, faak ûnder minne hygiënyske omstannigheden, lykas ûnder krigen en hûngersneed. De ynkubaasjetiid is 10 oant 14 dagen. De symptomen binne ûnder oaren hege koorts (40°C as heger), pineholle, knierpine, hûdútslach (dêrfandinne de namme), mislikens en spuie.

Der binne ferskate foarmen fan. Neist de 'gewoane' tyfus bestiet der de 'Rocky Mountain spotted fever', dy't troch in besibbe Rickettsia feroarzake wurdt en troch tikebiten oerbrocht wurdt.

De epidemyske foarm is, sûnder behanneling, yn 10 oant 60% fan de gefallen deadlik. De sykte wurdt behannele mei antibiotika. Gloaramfenikol wie de earste effektive, mar wurdt fanwege slimme bywurkings (aplastyske anemy) leaver net mear brûkt, en is ferfongen troch tetracycline en doxycycline.

Bûktyfus is hiel oare (term)sykte, dy't troch salmonellabaktearjen (S. typhi) feroarsake wurdt, krektas it myldere paratyfus (S. paratyphi)

Ferneamde persoanen dy't oan plaktyfus stoaren

  • Loadewyk IX fan Frankryk (1214-1270), kening fan Frankryk
  • Juan fan Eastenryk (1547-1578), Spaansk legeroanfierder en lânfâd fan de Nederlannen, begjin Tachtichjierrige Oarloch
  • Franz Schubert (1797-1828), Eastenryksk komponist
  • Georg Büchner (1813-1837), Dútsk skriuwer
  • Theophiel Verbist (1823-1868), Belgysk misjonaris
  • Alexander van Oranje-Nassau (1851-1884), Nederlânsk kroanprins
  • Adam Opel (1837-1895), Dútsk yndustrieel, oprjochter fan it automerk Opel
  • Teresa de los Andes (1900-1920), Sileenske suster karmelitessen en hillige
  • Herman Bernard Wiardi Beckman (1904-1945), Nederlânsk politikus (SDAP) en fersetsstrider
  • Anne Frank (1929-1945), joadske deiboekskriuwster út de Twadde Wrâldoarloch (faaks ek útputting)
  • Margot Frank (1926-1945), joadske ûnderdûkster, suske fan Anne Frank (faaks ek útputting)
  • George Maduro (1916-1945), Nederlânsk fersetsstrider

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

GrykskNederlânskSykte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Johnny DeppTomas fan AkwinoPreeti en Priya Young1666782Kantoar20061933Vancouver20071634Noardgermaanske talenPlaneetFeriene Steaten fan AmearikaAd CameronClanReade ibisMaster fan Alle RingenSineeske kalinder1714Prins Willem IV (skip út 1967)Katedraal fan Lincoln1 maaieBloedsomrinWestersk kristendomWuxiaHindoekalinder193122e iuwJemenPornoaktriseMoskouMaaieklokje1068Willem-Alexander fan de Nederlannen1093Sûlû (taal)Frouljus-PCStomme film16 novimberYndyske OseaanSkriesAdolf HitlerLiteratuerBernepornografyDeiKampearjen10641947DokumintFûgelsKunnilingusAlde TestamintMasturbaasjeEkonomyJozef KutIrakUrk15e iuwDaisy Summers1945Etnyske groepIslamityske kalinderKultuerSilyHelpAvisennaSeptember ReignSpaansk1 oktoberPrimêre kleurPutter🡆 More