Annelies Marie (Anne) Frank (Frankfurt am Main, 12 juny 1929 – Bergen-Belsen, begjin maart 1945) wie in út Dútslân kommend Joadsk famke dat bekend wurden is troch it deiboek dat se skreau yn de Twadde Wrâldoarloch, doe't se ûnderdûkt siet yn in efterhûs yn Amsterdam.
Se stoar oan útputting en/of flektyfus yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. It deiboek is postúm publisearre en letter oersetten yn in soad talen. It boek hat wyls in oplage fan meardere miljoen.
Anne Frank is opnomd yn de Kanon fan Nederlân fan de kommisje-Van Oostrom as ien fan de fyftich tema's.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anne Frank fan Wiki Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Anne Frank, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.