Meral Polat

Meral Polat (Amsterdam, 25 febrewaris 1982) is in Nederlânsk aktrise fan Koerdysk komôf, dy't û.m.

bekend is fan har rollen as Anne Frank yn it toanielstik Anne en Goebbels, en Mel yn 'e telefyzjesearje De Luizenmoeder.

Meral Polat
Meral Polat akteur
Meral Polat
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meral Polat
nasjonaliteit Meral Polat Nederlânsk
berne 25 febrewaris 1982
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Meral Polat Koerdysk
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
www.meralsharem.nl

Libben en karriêre

Polat waard yn 1982 yn Amsterdam berne út etnysk Koerdyske âlden dy't oarspronklik út Dersim, yn Turksk-Koerdistan, kamen. Hja groeide op yn Saandam, dêr't har heit in fideoteek runde. Yn 2004 studearre se ôf oan 'e Toanielskoalle fan Amsterdam, en dêrnei spile se yn foarstellings fan û.o. Titus Tiel Groenestege, Anke Boersma en Annechien Koerselman, en Don Duyns. Polat wie ien fan 'e aktrises dy't yn 2007 mei it stik Gesluierde Monologen, fan Adelheid Roosen, yn 'e Feriene Steaten op toernee giene. Yn 2008 hie se de haadrol yn 'e foarstelling Kamp Holland, fan kabaretgroep Orkater, en teffens yn Hollandse Spoor, fan it Nasjonaal Toaniel, dêr't se de Guido Moor-priis foar ûntfong.

Yn 2010 krige Polat bekendheid by in breder publyk fanwegen har yn 'e media breed útmetten fertolking fan Anne Frank yn it stik Anne en Goebbels. Dat wie in rûnom priizge foarstelling dy't basearre wie op 'e deiboeken fan Holokaustslachtoffer Anne Frank en de nazy-minister fan Propaganda Joseph Goebbels, produsearre troch Pim baron Bentinck van Schoonheten en ûnder rezjy fan Ebby Habbema. Teffens hat Polat meispile yn 'e toanielstikken Moord in de Kerststal, Les Enfants du Paradis en Hoogwater Voorheen Laagwater, fan Wim T. Schippers. Yn 2015 brocht se yn gearwurking mei har toanielskoalfreon Eran Ben-Michael har eigen stik Who's Afraid of Romeo & Julia op 'e planken, in ferfolch op it ferneamde toanielstik fan Shakespeare, mei as útgongspunt de fraach wat der bard wêze soe as de haadpersoanen oan 'e ein fan Shakepeare syn stik net deagien wiene.

Njonken har toanielwurk wie Polat ek geregeldwei op 'e tillefyzje te sjen, mei rollen yn searjes as Keyzer en De Boer Advocaten, Lijn 32, Sprint en Hard tegen Hart. Op it wite doek spile se û.m. mei yn 'e films Vreemd Bloed (2010), Brammetje Baas (2012) en Undercover (2015), en yn 'e koarte film Mina Moes (2011). Yn 2015 spile Polat de rol fan Günay yn 'e tillefyzjesearje Noord Zuid, en yn 2016 wie se te sjen as juffer Pauline yn 'e bernesearje Mees Kees. Yn 2018 fertolke hja de rol fan Mel yn 'e rige De Luizenmoeder, dy't ûnferwachts in spektakulêr súkses waard. Behalven as aktrise is Polat ek aktyf as sjongster enn lietsjeskriuwer, mei har eigen band Merals Harem. Dêrmei makket hja in kombinaasje fan Easterske en Westerske muzyk.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

198225 febrewarisAktriseAmsterdamAnne FrankKoerdenNederlânRolTelefyzjesearjeToanielstik

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ines RidereGrutte PierFrysk hynderBurgumFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Frysktalige WikipedyKompjûterprogrammaSteatList fan sterke tiidwurden yn it FryskMuseum Martena20018 junyFerspriedingsgebietLofthaven EeldeAlexa FlexyBudgetAnus19451482Turkske toartelFilipinenSpaanskSkilderijMarika FruscioMarijn KuipersBad Samaritan (film)Katee OwenZevenhuizen (Westerkertier)Armie FieldSalvador AllendeAchille DevériaMuskusrôtMartin Luther King1927Osmaanske Ryk20e iuwGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008Leilani VegaHarmony WonderSean LawlessKommunikaasjeDriuwdongSophie Hilbrand11 septimberCowgirlhâldingYves BaillatWikidata1939Lexi DiamondJoyce Oliveira1 jannewaris1 augustusOseaanSavana GingerEuropean Girls Adult Film DatabaseTaeke Jitze BotkeJ.R. CarringtonWurdfrisselSoesterbergMicrosoftMinskeTiidsôneJeropaKunnilingusPsychologyLofthaven SkipholKrystal Swift🡆 More