Simone Scheffer (Boalsert, 27 maaie 1965) is in Fryske programmamakster, redakteur, ferslachjouwer en presintator út Harns.
Simone Scheffer waard nei it Jan Brugman College yn Boalsert in pear kear útlotte foar de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert. Se begûn dêrom wylst oan in stúdzje Nederlânsk oan de learareoplieding Ubbo Emmius yn Winschoten. Yn har studintetiid wurke se foar it popprogramma Radio 18 en rûn se staazje by Omrop Fryslân.
Neidat se in pear jier foar de klas stien hie kaam se yn 1993 yn tsjinst by Omrop Fryslân. Scheffer wurke oan it begjin foar radio en telefyzje. Ien fan de earste telefyzjeprogramma’s wie it sportprogramma Boppeslach. Letter presintearre se ek nijs- en praatprogramma’s.
Sûnt 2016 wurket Scheffer foaral foar de radio. Yn 2017 wûn se mei Omrop Fryslân in NL Award foar de rige reportaazjes Mohammed yn de kategory ‘Duiding’. Simone Scheffer folge dêryn in jier lang de Syryske famylje Haj Ali dy’t yn septimber 2015 yn de Harnzer krisisopfang siet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Simone Scheffer, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.