Georg Büchner

Georg Büchner (folút: Karl Georg Büchner; Goddelau (Dútslân), 17 oktober 1813 – Suerich (Switserlân), 19 febrewaris 1837), wie in Dútsk skriuwer, toanielskriuwer en dichter, waans literêre wurken oft yn Dútslân heech yn oansjen steane.

Men is rûnom fan tinken dat er, as er net sa jong kommen wie te ferstjerren, mei figueren as Johann Wolfgang von Goethe en Friedrich Schiller ta de abslute top fan 'e Dútske literatuer heard hawwe soe.

Georg Büchner
Georg Büchner skriuwer
Georg Büchner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karl Georg Büchner
nasjonaliteit Georg Büchner Hessysk
berne 17 oktober 1813
berteplak Goddelau (Hessen)
stoarn 19 febrewaris 1837
stjerplak Suerich (Switserlân)
etnisiteit Georg Büchner Dútsk
wurk
taal Dútsk
sjenre toaniel, lit. koarte ferhalen,
poëzij, non-fiksje
perioade 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Woyzeck
jierren aktyf 18341837
offisjele webside
n.f.t.

Libben

Büchner waard berne yn it plakje Goddelau, fuortby de stêd Darmstadt, yn it doetiidske Dútske gruthartochdom Hessen. Syn heit wie in dokter, dat hy kaam út in ridlik begoedige fermidden. Hy wie in broer fan 'e ferneamde dokter en filosoof Ludwig Büchner (1824-1899) en de skriuwster en frouljusrjochte-aktiviste Luise Büchner (1821-1877). Syn oplieding genoat er û.m. oan in humanistyske middelbere skoalle dêr't de klam lein waard op 'e behearsking fan moderne talen (wêrûnder it Frânsk, Italjaansk en Ingelsk).

Georg Büchner 
It bertehûs fan Büchner, yn Goddelau.

Yn 1828 krige Büchner belangstelling foar de polityk, en joech er him by in groep fan Shakespeare-fans, dy't him letter nei alle gedachten ûntjoech ta de krite Grießen en Darmstadt fan it Gesellschaft für Menschenrechte ("Genoatskip foar Minskerjochten"). Nei't er eineksamen dien hie foar de middelbere skoalle, gied er nei it Frânske Straasburch ta, dêr't er medisinen studearre. Dêre dompele er himsels ûnder yn 'e Frânske literatuer en politike geskriften.

Wylst er letter fierder learde yn Grießen, rjochte Büchner in geheim genoatskip op, dat de revolúsjonêre saak tawijd wie. Mei de help fan 'e kalivinistyske teolooch Friedrich Ludwig Weidig publisearre er in pamflet mei as titel Der Hessische Landbote, in revolúsjonêr krantsje dat krityk utere op it sosjaal ûnrjocht yn it gruthartochdom Hessen. De autoriteiten hiene dêr gjin nocht oan, en Weidig waard oppakt; hy stoar letter yn it tichthûs yn Darmstadt nei martele te wêzen. Büchner wie ûnderwilens útnaaid nei Straasburch, dêr't er it meastepart fan syn literêre oeuvre skreau, en yn 1834 twa toanielstikken fan 'e Frânske skriuwer Victor Hugo (Lucrèce Borgia en Marie Tudor) oersette yn it Dútsk.

Twa jier letter, yn 1836, waard Büchner syn medyske dissertaasje, Mémoire sur le Système Nerveux du Barbeaux (Cyprinus barbus L.) publisearre yn Parys en Straasburch. Nei't er yn oktober fan dat jier opnommen wie yn 'e doktersstân, waard er oan 'e Universiteit fan Suerich oansteld as dosint anatomy. Dêrop ferfear er nei Switserlân, dêr't er syn lêste moannen trochbrocht mei lesjaan, oant er mids febrewaris 1837 mei 23 jier kaam te ferstjerren oan tyfus. Syn lêste en ek bekendste toanielstik, Woyzeck, bleau ûnfoltôge.

Wurk

    eigen wurk
  • 1834 – Der Hessische Landbote (polityk pamflet, mei Friedrich Ludwig Weidig)
  • 1835 – Dantons Tod (toanielstik)
  • 1835 – Lenz (koart ferhaal)
  • 1836 – Leonce und Lena (toanielstik)
  • 1837 – Woyzeck (toanielstik, ûnfoltôge)
  • 183? – Pietro Aretino (toanielstik, ferlern gien)
    oersettings
  • 1835 – Lucretia Borgia, (nei Lucrèce Borgia, fan Victor Hugo)
  • 1835 – Maria Tudor, (nei Marie Tudor, fan Victor Hugo)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

17 oktober1813183719 febrewarisDichterDútske literatuerDútslânFriedrich SchillerJohann Wolfgang von GoetheLiteratuerSkriuwerSuerich (stêd)SwitserlânToanielskriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RiviermûningHelp2017HTML1839Boete (jildstraf)Wiepkje van AssenHûnefangerCocktail (film út 1988)1944AmbigramRocco SiffrediPornografysk aktriseSeksualiteitGrutte BrekkenOmgong fan Itaalje 1959Yuichi KomanoTony van der MeulenJake SteedIt Heitelân (liet)FenolBoerûndySjinkie KnegtAugust StrindbergComité flamand de FranceGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2000SjikokûGraldaAlexa FlexyOerd (lânfoarm)TongaJouke Annes BakkerOflûken (seksualiteit)Luna SilverMoriah MillsFisigoatenGrytzSilkeborg (gemeente)Treron aromaticusJoop den UylAutoEnerzjyClaudia CardinaleKilesturtpappegaaidoPaulina SeikolaNoardfryskKommando gean1899Peaske-eilânGriiskrúnpappegaaidoGrypsturtToby AlderweireldRichard SchuilCarles PuigdemontCassandra WildeIerdgasGokkenJapanHôf fan TwinteGaya PatalDaisy SummersTearnsOsmaanske RykUnstjerlikensPornoakteurKoördinearre Wrâldtiid🡆 More