It westersk kristendom is mei it eastersk kristendom ien fan 'e beide dielen fan it kristlik leauwe.
It komt fierhinne oerien mei de histoaryske Latynske Tsjerke; dat wol sizze: dat diel fan 'e oertsjerke (it westlike) dêr't it Latyn de taal fan 'e liturgy wie. It westersk kristendom wurdt opmakke troch twa haadstreamings: it katolisisme, dêr't behalven de Roomsk-Katolike Tsjerke ek de âld-katolike en oare lytsere katolike tsjerken ta hearre, en it protestantisme, dat útinoar falt yn kalvinisme, lutheranisme, anglikanisme, metodisme en in hiele rige lytsere tradysjes. Hoewol't it westersk kristendom histoarysk sjoen beheind wie ta de lannen om it Westlik Bekken fan de Middellânske See hinne, hat it him, folle mear as it eastersk kristendom, troch sindingswurk oer de hiele wrâld ferspraat. Mear as 90% fan alle kristenen heart ta it westersk kristendom.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Westersk kristendom, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.