Oblast Oarenburch

De oblast Oarenburch (Russysk: Оренбургская область, Orenboergskaja oblast) is in oblast yn Ruslân.

Haadstêd fan de oblast is de stêd Oarenburch.

Oarenburch oblast
Оренбургская область
Oblast Oarenburch
flagge wapen
Oblast Oarenburch Oblast Oarenburch
polityk
soarte gebiet oblast
lân Oblast Oarenburch Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Oeral
haadplak Oarenburch
grutste plak Oarenburch
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 75,9 %
Tataren 7,6%
Kazakken 6,0% (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 1.924.578 (2022)
oerflak 123.702 km²
befolkingstichtens 15,56 ynw./km²
oar
stifting 7 desimber 1934
tiidsône UTC+5, MSK+2
koördinaten 52° 08' N 55° 36' E
webside www.orb.ru

Geografy

Oblast Oarenburch 
Karakteristyk lânskip fan de oblast (rajon Perevolotsk)

It gebiet is 123.702 km² grut en dêrmei stiet de oblast op it 29e plak yn Ruslân wat grutte oanbelanget. De oblast leit yn it suden fan de federaasje en foar in part yn Europa en in part yn Aazje. De oblast leit oan de súdeastlike râne fan de East-Europeeske flakte en oan de súdlike punt fan de Oeral. Fan west nei east is de oblast 760 km en fan noard nei súd 445 km.

Yn it suden fan it gebiet rint de lânsgrins mei Kazachstan. Fierder grinzget de oblast oan de oblasten Samara yn it westen en Tsjeljabinsk yn it easten. Yn it noarden grinzget it gebiet oan de autonome republyk Basjkortostan en der is in koarte mienskiplike grins mei de autonome republyk Tatarstan.

It klimaat van de oblast hat in sterk kontinentaal karakter.

De belangrykste rivier is de Oeral.

Skiednis

Histoarysk sjoen gyng de oblast foarôf troch it gûvernemint Oarenburch, dat by dekreet fan keizerin Elizaveta Petrovna yn 1744 oprjochte waard. De oblast waard op 7 desimber 1934 troch in beslút fan it presidium fan de Boppeste Sovjet fan de USSR foarme troch it te skieden fan it Midden-Wolga-gebiet. Fan 1938 oant 1957 droech de oblast de namme Tsjkalov, nei de piloat Valeri Pavlovitsj Tsjkalov.

Befolking

De befolking fan de oblast bestiet foar it measte út Russen. Njonken Russen binne der gruttere minderheden fan Tataren en Kazachen en lytsere minderheden fan Oekraïeners, Basjkieren, Mordwinen en Russyske Dútsers. De Dútsers wennen benammen yn it grinsgebiet mei Kazachstan om Sol-Iletsk hinne. in soad Dútsers binne lykwols emigrearre nei Dútslân.

Ekonomy

Belangrike ekonomyske aktiviteiten yn de oblast binne de winning fan oalje en gas en de raffinaazje fan oalje.

Bestjoerlike yndieling en stêden

De oblast is ûnderferdield yn 35 rajon's en 9 stedsdistrikten. It stedsdistrikt Komarovski is in saneamde sletten stêd (ZATO). Meiïnoar hat de oblast tolve stêden, dêrûnder ek de haadstêd Oarenburch. Oare grutte stêden binne Orsk, Novotroisk, Bûsûlûk en Bûgûrûslan en Komarovski.

Oblast Oarenburch 
Regearingsgebou yn Oarenburch
Oblast Oarenburch 
Gorki-teäter fan Oarenburch
Gruttere plakken
Stêd / Delsetting mei stedsk karakter* Russysk Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal Wapen Lokaasje
Abdûlino Абдулино Abdûlino 18.420 (2021) Oblast Oarenburch  53° 41' N 53° 39' E
Bûgûrûslan Бугуруслан stedsdistrikt 47.714 (2021) Oblast Oarenburch  53° 37' N 52° 25' E
Bûzulûk Бузулук stedsdistrikt 86.042 (2021) Oblast Oarenburch  52° 46' N 52° 16' E
Gai Гай stedsdistrikt 33.564 (2021) Oblast Oarenburch  51° 28' N 58° 27' E
Jasny Ясный Jasny 15.092 (2021) Oblast Oarenburch  51° 02' N 59° 52' E
Komarovski* Комаровский stedsdistrikt (ZATO) 7.162 (2021) Oblast Oarenburch  51° 02' N 59° 52' E
Kûvandyk Кувандык Kuwandyk 23.225 (2022) Oblast Oarenburch  51° 29' N 57° 21' E
Mednogorsk Медногорск stedsdistrikt 24.321 (2022) Oblast Oarenburch  51° 25' N 57° 35' E
Novotroitsk Новотроицк stedsdistrikt 82.463 (2021) Oblast Oarenburch  51° 12' N 58° 19' E
Oarenburch Оренбург stedsdistrikt 572.308 (2022) Oblast Oarenburch  51° 46' N 55° 06' E
Orsk Орск stedsdistrikt 224.814 (2021) Oblast Oarenburch  51° 12' N 58° 37' E
Sol-Ilezk Соль-Илецк Sol-Ilezk 26.655 (2021) Oblast Oarenburch  51° 10' N 54° 59' E
Sorotjinsk Сорочинск stedsdistrikt 26.980 (2021) Oblast Oarenburch  52° 26' N 53° 09' E
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 11 augustus 2022

Befolkingsferrin

Jier 1897 1928 1939 1959 1970 1979 1992 2002 2009 2022
Ynwenners 1.600.145 813.100 1.675.000 1.829.481 2.049.976 2.088.553 2.168.257 2.179.551 2.111.531 1.924.578

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022

 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Oarenburch 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Oarenburch GeografyOblast Oarenburch SkiednisOblast Oarenburch BefolkingOblast Oarenburch EkonomyOblast Oarenburch Bestjoerlike yndieling en stêdenOblast OarenburchOblastRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Yme SchuitmakerSaotomeeske pappegaaidoSven KramerMakau23 aprilFrysktalige WikipedyBedriuwPakistanSkiednisFermaakBarbarijsk grûniikhoarntsjeEastlike greidwrotmûsCriss StrokesPinguïnsFrysk alfabet1616PlasseList fan planetoïden 89001-9000024 augustusWebsteeAuteursrjochtRotaasjeperioadeRjochtModel (berop)15 maaieGielwangwrotmûsTon (massa)RoekNeakenmodelWilhelm MarrRoemeenjeOperaDavid CrowchildSanta Ana (Kalifornje)SjamanismeMilitêrSean LawlessMissoery (steat)Willemsoard (Stienwikerlân)26 febrewarisHarmen SytstraKanada25 septimberJoyce OliveiraLLos Angeles Times1982Koördinearre WrâldtiidHûntsjeshâldingJanpier BrandsEkwatoriaal-GuineeGreidwrotmûsSêfte pornografyGrutte-boarstesjenreHeechlearaarFryske talenBlaudoke1984Academy of Country Music AwardJeraziatyske gerslânwrotmûzenProto-Yndo-JeropeeskTuberkuloaze2024Flechtleaze fûgelFerdivedaasjeparkNederfrankysk-Nedersaksyske talen🡆 More