Oblast Pskov

De oblast Pskov (Russysk: Псковская область; Pskovskaja oblast) is in oblast yn it noardwesten fan Ruslân

Pskov oblast

Псковская область

Oblast Pskov
flagge wapen
Oblast Pskov Oblast Pskov
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Oblast Pskov Ruslân
federaal distrikt Noardwest
ekonomyske regio Noardwest
haadplak Pskov
grutste plak Pskov
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (95,01 %)
Oekraïners (1,33 %)
Wytrussen (1,04 %)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal 613.356 (2022)
oerflak 55.399 km²
befolkingstichtens 11,07 ynw. / km²
oar
stifting 1 augustus 1927
tiidsône UTC +3
koördinaten 57° 19' N 29° 15' E
webside pskov.ru

Geografy

Oblast Pskov 
De Peipesmar by Kûnest

It gebiet leit hielendal yn it westen fan it lân en grinzget yn it wêst en it suden oan Estlân, Letlân en Wyt-Ruslân, yn it noarden en noardeasten oan de oblast Leningrad, yn it easten oan de oblast Novgorod en yn it súdeasten oan de oblasten Tver en Smolensk. De Estske grins mei de oblast rint troch de Peipusmar. De belangrykste rivier is de Velikaja.

De oblast leit yn it gebiet fan de Easteuropeeske Leechflakte. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. It noardlike diel fan de oblast is flak en sompich. Oare gebieten binne troch gletsjers foarme en foar in part heuveleftich. Yn dy gebieten fan de oblast lizze in soad marren. Likernôch 40% fan de oblast bestiet út bosk.

Skiednis

De Russen kolonisearren sûnt de 10e iuw it gebiet; Pskov is ien fan de âldste russyske stêden. Tusken 1230 en 1348 hearde it gebiet by de Republyk Novgorod. De regio hie in soad lêst fan ynfallen fan krúsridders en letter Poalen. Nei it ferdrach fan Bolotovo mei de Republyk Novgorod wie it gebiet tusken 1348 en 1391 in ûnôfhinkelik foarstedom. Dêrnei stie it ûnder ynfloed fan it Grutfoarstedom Moskou. Tusken 1399 en 1510 stjoerde Moskou ûnderkeningen nei Pskov, dêrnei waard it gebiet offisjeel by it Grutfoarstedom Moskou yndield. It súdlike diel fan de tsjintwurdige oblast hearde lykwols oant de Earste Poalske Dieling yn 1772 by Poalen-Litouwen. Sûnt 1708 hearde it noardlike diel by it gûvernemint Sint-Petersburch, sûnt 1727 by it gûvernemint Novgorod.

Dan ûntstie yn 1772 lang om let it gûvernemint Pskov, dat sa ûngefear de hjoeddeiske oblast besloech. Mar al gau waard fêststeld dat it net te bestjoeren wie en it gebiet waard al yn 1776 wer opdield yn de gûverneminten Pskov en Polotsk. Pskov waard in ûnderkeninkryk, dat yn 1796 by dekreet wer troch keizer Pavel I by dekreet yn it gûvernemint Pskov waard hersteld.

It súdlike diel fan de oblast ûndergyng noch ferskillende weryndielings, doe't it lang om let by it gûvernemint Vitebsk waard foege. Nei 1919 wie it gûvernemint Vitebsk ûnderdiel fan de Sovjet-Uny en yn 1924 waard it opheft. It noardeastlike diel waard by it gûvernemint Pskov yndield. Op 1 augustus 1928 waard it gûvernemint Pskov opheft en by de nije oblast Leningrad foege, wylst oare dielen oant 1945 by oare oanbuorjende oblasten weryndield waarden.

Yn de Twadde Wrâldkriich besetten de Dútsers de oblast. De partisanen wiene tige aktyf yn de regio. Nei de befrijing waard op 22 augustus de oblast Velikije Lûki en in dei letter de oblast Pskov stifte. De yn 1920 oerdroegen gebieten oan Letlân en Estlân waarden troch de Estske en Letske Sovjet-republiken oerdroegen oan de oblast Pskov, ynklúsyf de stêd Petsjory. It westlike diel fan de oblast Velikije Lûki waard op 2 oktober 1957 by de oblast Pskov foege en sûnt binne de grinzen net mear feroare.

Nei't de Baltyske steaten ûnôfhinklik waarden, ûnstiene foar de oblast swierrichheden no't it ferkearsrike gebiet op it fuottenein kaam te lizzen. Dat is ek de oarsaak fan it tebekrinnen fan it ynwennertal fan de oblast.

Bestjoer en stêden

De oblast is yn 24 rajons en twa stedsdistrikten ûnderferdield. Der binne 14 stêden en 14 plakken mei in stedsk karakter. De twa grutste stêden Pskov en Velilije Lûki binne de twa stedsdistrikten. De folgjende stêden binne Ostrov en Nevel mei in folle leger ynwennertal.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwennertal (2021 / 2022 * ) Wapen Lokaasje
Pskov Псков 209.073 * Oblast Pskov  57° 49' N 28° 20' E
Velikije Lûki Великие Луки 90.485 Oblast Pskov  56° 21' N 30° 31' E
Ostrov Остров 20.531 Oblast Pskov  57° 20' N 28° 21' E
Nevel Невель 14.241 Oblast Pskov  56° 1' N 29° 56' E
Opotsjka Опочка 11.603 Oblast Pskov  56° 43' N 28° 40' E
Petsjory Печоры 9.003 Oblast Pskov  57° 49' N 27° 36' E
Porchov Порхов 8.095 Oblast Pskov  57° 46' N 29° 33' E

Befolkingsûntwikkeling

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.678.000 1.551.000 953.000 875.000 850.000 846.000 760.800 613.356

Ekonomy

Wichtich yn de oblast binne de elektro- en tekstylyndustry. Ek de lânbou foarmet in wichtige sektor. De marren en bosken biede mooglikheden foar it toerisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Pskow


 
Dielgebieten fan Ruslân

Oblast Pskov 

Republyk AdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
Kraj AltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne

Tags:

Oblast Pskov GeografyOblast Pskov SkiednisOblast Pskov Bestjoer en stêdenOblast Pskov BefolkingsûntwikkelingOblast Pskov EkonomyOblast PskovOblast

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Provansaalske wrotmûsAdina JewelJob CohenLibbenEdsger Wybe DijkstraAlbum (muzyk)Luna CorazónRealitypornografySkaal fan RichterAdolf HitlerISBNIerdePeter BoszKatedraal fan UdineGNU/FDLArtefakt (archeology)Marilyn CrystalGraham SwiftOrgasmeDaisy SummersMiddelseksSandy MilzJ.R. CarringtonBiskopMoslimMilitêrNederlânFellatioNoemilkFeriene SteatenAle S. van ZandbergenAnale seks24 aprilAleksander PûsjkinPavel DoerovCowgirlhâldingWesterkertier (gemeente)HantsjemierHylpenHylperskSalomonseilannenKarma RosenbergStikelbaarchRôze leppelbekEnsyklopedy2004Phoenix (Arizona)Noelle EastonSeksuele opwiningMoskouÇatalhöyükGrut-BrittanjeJureka del MarJean-Yves LecastelSasha BeartPornofilmMenno BandstraDavid GilmourDelotta BrownSpanje22 april1928FryskGrover ClevelandVanessa SkyMickey MouseEdelgasHelen DuvalMolekulêre biologyWilhelmusSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Etrusken🡆 More