In notaris (fan it latynske notarius, skriuwer) is in iepenbier skriuwer fan private oarkundes.
It amt komt út de âldheid, kaam yn de lette Midsiuwen fia Súd-Frankryk nei it noarden ta en komt dan mei it Romeinske Rjocht yn de 15e iuw nei Fryslân ta en wurdt dan beöefene troch inkele 'keizers-orkenen' (tsjûgen). Yn de Saksyske tiid (1505) komt de namme Notaris op.
De Keizerlike Ordonnânsje fan 7 oktober 1531 kêst 4 (Chtb. II, 594) en 4 oktober 1540 (Chtb. II, 798) en de Lâns Ordonnânsje fan 1602 regelje it amt. Yn 1540 foarskreaun protokol (register fan passearde stikken) dêr't gjin depot foar bestie, rekke yn ûnbrûk en wie nei 1723 net mear ferplichte. Bewarre is ien diel fan Claes Cleutingh út Ljouwert út 1554 - 1571. Yn de 18e iuw konkurrinsje fan bygelyks prokkereurs, doarpsrjochters. Sûnt 1809 is it amt lanlik by de wet regele. It protokol befettet no de oarspronklike stikken (minuten), it repertoire de ynhâld dêrfan en fan de net minutisearre brefetakten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Notaries fan Wiki Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Notaris, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.