Orjol: In stêd yn Ruslân

Orjol (Russysk: Орёл; wurdt somtiden neffens de Frânske transliteraasje ek as Orel neamd) is in stêd yn it wêst fan de Russyske Federaasje.

It is it bestoerlike sintrum fan de oblast mei deselde namme. De stêd leit oan de Oka, likernôch 360 km súdlik fan Moskou en 175 noardeastlik fan de Oekraynske grins.

Orjol

Орёл

Orjol: Skiednis, Kultuer, Berne
Polityk
Lân Orjol: Skiednis, Kultuer, Berne Ruslân
oblast Orjol: Skiednis, Kultuer, Berne Orjol
Sifers
Ynwennertal 298.172 (2022)
Oerflak 121,2 km²
Befolkingsticht. 2460,17 ynw. /km²
Hichte 149-231 m
Oar
Stifting 1556
Tiidsône UTC+3:00
Koördinaten 52° 57' N 36° 04' E
Offisjele webside
www.orel-adm.ru

Yn 'e omkriten fan Orjol leit tige fruchtbere swarte ierde en lânbou foarmet dêr in wichtige boarne fan ynkommen.

De namme fan Orjol betsjut earn. De fûgel is ek yn it wapen fan de stêd te sjen. Fan 1990 oant 2002 hie de stêd Ljouwert in stêdebân mei Orjol.

Skiednis

Kiëvske Rûs

Argeologyske fynsten ferwize nei it bestean fan in 12e iuwsk fort op it plak fan it Foarstendom Tsjernigov by it gearrinnen fan de Oka en de Orlik. Der is fierder net in soad bekend oer dat fort, mar yn de 13e iuw waard it ûnderdiel fan it Foarstendom Karatsjev. It Gruthartochdom Litouwen oermastere it gebiet yn 'e 15e iuw en yn de 16e iuw waard it by it Grutfoarstendom Moskou foege.

Tsaardom

Orjol: Skiednis, Kultuer, Berne 
Alde plattegrûn mei it kremlyn

Ivan de Ferskriklike joech yn 1566 as ûnderdiel fan de befêstiging fan syn ryk opdracht ta de bou fan in nij kremlyn. Troch de ruïne fan de âlde fêsting te brûken koe de bou gaueftich eine en yn 1567 wie it wurk al foltôge. It die bliken dat it strategysk net sa 'n goed plak wie om't it kremlyn leech lei; it fort wie fanút hegere posysjes om it fort hinne kwetsber en hie regelmjittich mei heech wetter te krijen.

Yn de Tiid fan Unstjoer kamen troepen fan de earste falske Dimitri yn 1605 en Ivan Bolotnikov (1606) foarby en yn 'e winter fan 1607-1608 sloech de twadde falske Dimitri syn kamp op yn 'e stêd. Ynfallende Poalske troepen plonderen Orjol yn 1611 en 1615 en de befolking flechte doe nei Mtsensk.

De stêd waard yn 1636 werboud op it âlde plak. De plannen om it fort nei in bettere lokaasje te ferhûzjen bestiene oant yn de jierren 1670, mar waard nea útfierd om't de grinzen fan it Ryk jimmeroan fierder leine en de ferdigeningsfunksje dêrmei ferlern gyng. Oan it begjin fan de 18e iuw waard it kremlyn ôfbrutsen.

Russyske Ryk

De stêd groeide yn de 17e en 18e iuw en waard in sintrum fan hannel en lânbouprodukten. De Oka wie de wichtichste ferkearsferbining oant de stêd yn de jierren 1860 op it spoar oansletten waard.

De stêd krige yn 1702 stedsrjochten. Yn 1708 waard Orjol by it gûvernemint Kiëv yndield, yn 1719 ûntstie yn dat gûvernemint de provinsje Orjol, dy't yn 1727 weryndield waard by it nije gûvernemint Belgorod. Op 11 maart 1778 folge út dielen fan Belgorod en de oprjochting fan it ûnderkeninkryk Orjol út dielen fan Belgorod en Voronezj it Underkeninkryk Orjol. De stêd waard yn 1779 hast folslein neffens nije ûntwerpen oanlein.

20e iuw

Orjol: Skiednis, Kultuer, Berne 
De stêd yn 'e maitiid fan 1943 (rjochts de 19e iuwske en yn 1930 sletten en yn 1948 ferneatige Foarbeatsjerke

Yn 1917 foel de stêd hast fuortendaliks yn hannen fan de bolsjewiken, mar fan 13 oant 20 oktober 1919 hold it Wite Leger fan Anton Denikin de stêd beset. Orjol waard yn de jierren 1920 en 1930 wer by ferskillende oblasten yndield, oant de stêd op 27 septimber 1939 haadstêd waard fan it nije oblast Orjol.

Dútske troepen besetten yn de Twadde Wrâldkriich op 3 oktober 1941 de stêd. Dat duorre oant 5 augustus 1943, doe't by de Slach om Koersk it Reade Leger de swier skeinde stêd befrijde.

De yndustrialisaasje dy't sûnt de Oktoberrevolúsje begûn, waard nei de kriich fierder ûntwikkele mei û.o. de bou fan in staalfabryk.

Kultuer

Orjol: Skiednis, Kultuer, Berne 
Streekmuseum

Tusken 1990 en 2002 ûnderhold Ljouwert in stêdebân mei Orjol. Yn dy tiid waard dêr it kuorbaljen yn Ruslân yntrodusearre. Der hawwe yn dy tiid útwikselings west en der is yn Ljouwert in Russyske temawike organisearre mei in eksposysje yn it fersetsmuseum oer Orjol yn oarlochstiid.

Musea:

  • Streekmuseum
  • Militêr Histoarysk Museum
  • Museum foar skriuwers fan de oblast Orjol

Dêrnjonken binne in pear wenhûzen fan ferneamde ynwenners as museum ynrjochte.

De stêd hat meardere téaters, wêrfan't it Akademysk Toerenevtéater it ferneamst is.

Berne

  • Ivan Toergenjev (1818-1883), skriuwer
  • Nikolaj Leskov (1831-1895), skriuwer
  • Leonid Andrejev (1871-1919), skriuwer
  • Boris Zajtsev (1881-1972), skriuwer
  • Michail Bachtin (1895-1975), literatuerwittenskipper en keunstéoretikus

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Oryol


Tags:

Orjol SkiednisOrjol KultuerOrjol BerneOrjol OfbyldenOrjolMoskouOekraïneOka (rivier yn Jeropeesk Ruslân)RussyskRussyske Federaasje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FellatioLofthaven EeldeAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996SkotskBenediktus XVINeakenmodelUrkJewels JadeSeksuele penetraasjeAsia (pornografysk aktrise)Olaf ScholzJade KushAnusDiezerpoarteFilosofyAnale seksJ.K. RowlingKatee OwenRachel AzianiNoardseeTaeke Jitze BotkePornografysk aktriseMichiganMarijn KuipersPablo PicassoJasmine BlackArwen GoldMullumAssenNoardfryskFryskMartin Luther King1969Wim KanBlier1951Alexa FlexyJeropaToskdoGrykskChesty PullerDetroit20093 desimberCassandra WildeFingerjenSjongfûgelsCJ MilesSeptember ReignSavana GingerSpaansk8 desimber15 aprilKollumPrêrjewolfRae Lil BlackSekshâldingFriezenMustafa Kemal Atatürk7 maartKrúswurdpuzelBudgetBesibskipIngeborg Uyt den BoogaardAld SelskipAnne Tjerk PopkemaNikki AndersonKunnilingusLeilani VegaDûbaiHeipealhâldingJacht (aktiviteit)Planten🡆 More