4 - De Tunezyske stjitferkeaper Mohammed Bûazizi ferstjert oan syn ferwûnings, nei't er himsels yn desimber2010 yn 'e brân stutsen hat út protest tsjin it diktatoriale rezjym yn syn lân. Dêrmei hat er de oanset jûn ta sawol de Tunezyske Revolúsje as de Arabyske Maityd.
9-15 - By in referindum yn Súd-Sûdaan stimt in oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking foar ûnôfhinklikheid fan harren lân fan Sûdaan.
11 - By wettersneed en ierdferskowings komme yn 'e Brazyljaanske steat Rio de Janeiro 903 minsken om.
14 - Yn it ramt fan 'e Tunezyske Revolúsje nimt diktator Zine el-Abidine Ben Ali nei in moanne fan almar fûleindiger demonstraasjes de wyk nei Saûdy-Araabje. Hy hat 23 jier regearre. Premier Mohammed Gannûtsji en parlemintsfoarsitter Fûad Mebazaä nimme de macht yn Tuneezje oer. Dit is it begjin fan 'e Arabyske Maityd.
22-14 maart - Unwissichheid oer de beskikberheid fan Libyskeierdoalje (fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch) soarget derfoar dat de priis fan rouwe oalje yn twa wiken tiid mei 20% stiget. Dit is de Oaljekrisis fan 2011.
6 - Yn Syrje brekt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd in folksopstân út as 15 tinerjonges yn 'e súdlike stêd Deraä arrestearre wurde foar it oanbringen fan graffity op 'e muorre fan harren skoalle, wêryn't se de diktatuer fan Basjir al-Assad ôfrinne litten hawwe. Dit is it alderierste begjin fan 'e Syryske Boargeroarloch.
11 - In swiere ierdbeving fan 9,0 op 'e skaal fan Richter foar de kust fan Japan feroarsaket in tsûnamy fan mear as 9 m heech. Der falle 15.893 deaden, 2.565 minsken reitsje fermist en mear as 150.000 oaren moatte duorjend hûs en hiem ferlitte, net inkeld omreden fan 'e ûnbidige ferwuostging, mar ek om't in kearnsintrale by Fukushima swier skansearre rekket. Dat liedt ta de kearnramp fan Fukushima, wêrby't in grut gebiet radioaktyf besmet rekket.
15 - De Syryske Boargeroarloch brekt út: yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd komt yn in grut diel fan Syrje de befolking yn opstân tsjin 'e ûnmeilydsume diktatuer fan presidint Basjir al-Assad. It rezjym reägearret mei ûnmeilydsume ûnderdrukking en troch ferskate stêden te belegerjen.
15 - Fanwegen de Folksopstân yn Bachrein, dy't útbrutsen is yn it ramt fan 'e Arabyske Maitiid, ropt kening Hamad bin Isa al-Chalifa foar in fearnsjier de needtastân út. Saûdy-Araabje stjoert troepen dy't de rebûlje ûnmeilydsum de kop yndrukke.
17 - De Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes stimt mei 10 tsjin 0 foar de ynstelling fan in no-flyzone boppe Lybje yn it ramt fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch. Dêrmei wurdt besocht om Libyske boargers te beskermjen tsjin bombardeminten troch de Libyske loftmacht.
19 - It regear fan Lybje hâldt yn it ramt fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch oan mei loftoanfallen op sawol rebellen as boargerdoelen, ek al hat de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes dat ferbean. Dêrom begjint Frankryk by wize fan militêre yntervinsje (autorisearre troch FN-Feilichheidsreidresolúsje 1973) mei de ynset fan strieljagers tsjin 'e Libyske loftmacht.
11 - De eardere Ivoriaanskepresidint Laurent Gbagbo wurdt yn syn wente yn Abidjanarrestearre troch soldaten dy't trou binne oan presidint Alassane Ouattara, mei stipe fan Frânsketroepen. Dêrmei komt in ein oan 'e Ivoriaanske Krisis fan 2010-2011 en oan 'e Twadde Ivoriaanske Boargeroarloch.
12 - De Japanske autoriteiten erkenne dat de kearnramp fan Fukushima, dy't ûntstie nei de swiere ierdbeving en tsûnamy fan 11 maart, it heechste nivo fan de INES-skaal berikt hat.
31-16 jannewaris2012 - Yn Tailân brekt swiere wettersneed út, dêr't 12,8 miljoen minsken mei te krijen hawwe. De haadstêdBangkok strûpt derûnder. Der komme 815 minsken om en der wurdt foar 1.440 miljard baht ($45 miljard) oan skea oanrjochte.
5 - Yndia en Bangladesj tekenje in ferdrach wêrby't se ôfprate om in tal lytse enklaves oan wjerssiden fan harren grins út te wikseljen. Dêrmei komt in ein oan in skeel dat 40 jier duorre hat.
17 - Hûnderten demonstranten begjinne yn it ramt fan folksprotesten tsjin 'e Bankekrisis, dy't feroarsake is troch de graaikultuer yn it bankwêzen, de Occupy Wall Street-beweging. Dêrby besette se Wall Street, yn it finansjele hert fan New York-Stêd. Al rillegau ûntstiet hjirút de bredere Occupy-beweging, dy't tsjin oktober yn in grut tal oare stêden yn 82 lannen soartgelikense besettingsaksjes útfierd.
25 - Saûdy-Araabje beslút om yn 2015 it aktyf en passyf frouljuskiesrjocht yn te fieren foar it ferkiesbere part fan 'e gemeenterieden en de advysjaande ried.
18 - By de finzeneruil fan Gilad Shalit wikselet Israel 1.027 finzenPalestinen út tsjin 'e Israelyske soldaat Gilad Shalit, dy't troch de militante Palestynske beweging Hamas fêstholden wurdt.
20 - De BaskyskeôfskiedingsbewegingETA beëiniget syn striid foar in ûnôfhinklik Baskelân, dy't 43 jier duorre hat en oan mear as 800 minsken it libben koste hat.
29 - In seldsume sniestoarm yn oktober jaget oer it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Dizze Sniestoarm fan Halloween kostet oan 15 minsken it libben. Miljoenen lju komme sûnder stroom te sitten.
31 - De wrâldbefolking berikt (neffens de Feriene Naasjes) de grins fan 7 miljard.
15 - De Feriene Steaten ferklearje de Irakoarloch offisjeel foar beëinige. Dêrmei komt in ein oan 'e opstân yn Irak 2003-2011, mar tagelyk begjint in nije opstân.
16 - De tropyske stoarm Washi (yn 'e Filipinen bekend as Sendong) feroarsaket yn 'e Filipinen mear as 1.000 deaden en rjochtet op it eilân Mindanao ûnbidige skea oan.
17 - Noard-Koreä wurdt yn djippe rou dompele as diktator Kim Jong-il komt te ferstjerren nei 17 jier oan 'e macht west te hawwen. Hy wurdt opfolge troch syn soan Kim Jong-un.
29 - Samoä en Tokelau ferskowe fan 'e eastkant nei de westkant fan 'e Ynternasjonale Datumgrins. Dêrmei slane se ien dei (30 desimber) oer. Se lizze no oan deselde kant fan 'e datumgrins as harren wichtichste hannelspartners.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 2011 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 2011, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.