In bank is in bedriuw dat him taleit op finansjele tsjinstferliening.
Persoanen, oare bedriuwen en organisaasjes kinne tsjin in fergoeding (de rinte) jild dat se op dat stuit net nedich hawwe, by in bank ynlizze. De bank lient dat jild dêrnei tsjin in hegere rinte wer út oan oare lju, dy't om jild ferlegen sitte. It ferskil tusken de útkearde en de ûntfongen rinte is fan âlds de wichtichste ynkomsteboarne foar banken. It eigenskipswurd dat by it haadwurd 'bank' heart, is bankêr. Alle banken mei-inoar wurde oantsjut as it bankwêzen of de bankêre sektor. Mei û.m. fersekeringsmaatskippijen, ynvestearringsbedriuwen en effektebeurzen foarmje banken de finansjele sektor. De oprjochter of eigner fan in bank, of immen dy't in hege funksje by in bank beklaait, is in bankier.
It wurd 'bank' is in lienwurd út it Midfrânsk, fan banque, dat sels wer út it Italjaansk ûntliend is, fan banca, dat "tafel" betsjut. Dat komt wer fan it Aldheechdútske banc of bank, mei de betsjutting "wurkbank". De oarspronklike betsjutting fan it wurd bank sa't dat tsjintwurdich foar de finansjele ynstelling brûkt wurdt, ferwiisde nei de tafels fan 'e Midsiuwske jildlieners yn Florâns.
De skiednis fan it bankwêzen giet tebek op 'e Aldheid, doe't foarrinners fan 'e moderne banken lienings yn nôt útbetellen oan keaplju en boeren dy't guod tusken ferskillende stêden ferfierden. Dy praktyk ûntstie om 2000 f.Kr. hinne yn Assyrje en Babyloanje. Yn it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk hiene jildlieners yn 'e twadde helte fan it earste milennium f.Kr. harren sit yn timpels. Behalven dat se jild útlienden, fierden se ek twa wichtige ynnovaasjes yn: men koe by harren jild stoarte en jild wikselje fan 'e iene faluta yn 'e oare. Ut argeologyske fynsten yn Sina en Yndia hat bliken dien dat dêr yn dyselde tiid ek jild útliend waard.
De oarsprong fan it moderne bankwêzen leit lykwols yn it Itaalje fan 'e Lette Midsiuwen en de iere Renêssânse, en yn 't bysûnder yn rike hannelsstêden as Florâns, Lucca, Siena, Feneesje en Genua. Yn it fjirtjinde-iuwske Florâns waard it bankwêzen dominearre troch de Bardi- en Peruzzi-famyljes, dy't ek tûken fêstigen yn oare dielen fan Jeropa. Ien fan 'e meast ferneamde Italjaanske banken út dy snuorje wie de Medici Bank, dy't yn 1397 oprjochte waard troch Giovanni di Bicci de' Medici. De ierste steatsbank, de Banco di San Giorgio waard yn 1407 yn Genua oprjochte.
Omtrint dyselde tiid spilen famyljes as de Fuggers, Welsers, Berenbergs en Rothschilds in wichtige rol yn 'e fêstiging fan it moderne bankwêzen yn it Hillige Roomske Ryk en Frankryk. De âldste anno 2019 noch besteande bank is de Monte dei Paschi di Siena, yn it Italjaanske Siena, dy't sûnt 1472 sûnder ûnderbrekking op it mêd fan finansjele tsjinstferliening aktyf west hat. Op it twadde plak stiet de Dútske Berenberg Bank fan Hamburch (oprj. 1590) en op it trêde plak Sveriges Riksbank (oprj. 1668) yn Sweden.
Moderne bankpraktiken, lykas de útjefte fan bankbiljetten, sette geandewei de santjinde en de achttjinde iuw útein. Keaplju begûnen doe harren goud op te slaan by de goudsmidden, dy't foar de opslach fan harren eigen goud al oer klûzen beskikten. Dy brochten foar dy tsjinst by de keaplju in beskaat bedrach yn rekken. Yn ruil foar eltse stoarting fan goud joegen se kwitânsjes ôf dêr't de stoarting op beskreaun stie. Dy kwitânsjes koene oarspronklik net ferhannele wurde; inkeld dejinge dy't de stoarting dien hie (of, yn it gefal fan in stjergefal, syn erfgenamten) koene it goud wer by de goudsmid ôfhelje. De goudsmidden setten doe stadichoan útein mei it útlienen fan jild út namme fan 'e stoarter, en dêrút ûntjoegen har úteinlik de moderne bankpraktiken. De earste bankbiljetten waarden yn 1695 útjûn troch de Bank of England.
Banken hâlde har dwaande mei:
Banken binne dêrtroch aktyf op sawol de jildmerk as de kaptaalmerk. Njonken boppesteande aktiviteiten jouwe banken ek advizen op 'e neamde wurkmêden en publisearje se research op makro- en mikro-ekonomysk gebiet.
Fanwegen harren wichtigens foar it finansjeel systeem en harren ynfloed op nasjonale ekonomyen binne banken yn 'e measte lannen yn hege mjitte regulearre. Ien útfloeisel dêrfan is dat banken oer it algemien in minimaal fereaske kaptaal yn kas hawwe moatte (d.w.s. in minimumbedrach oan jild dat se net útliene kinne), om likiditeit te bewissigjen yn it gefal fan ûnfoarsjoene omstannichheden. Want as de klanten it fertrouwen yn 'e bank ferlieze en ynienen tagelyk al har ynleine jild opnimme wolle, kin in bank dêr net oan foldwaan en sil er faillyt gean, sa't bgl. yn 'e ynternasjonale Bankekrisis fan 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren ferskate kearen bard is. De easken oangeande dit ûnderwerp binne basearre op in groep ynternasjonaal oannommen standerts dy't bekendsteane as de Akkoarten fan Basel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Bank (finansjele ynstelling), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.