Tom Gehrels

Anton M.J.

(Tom) Gehrels (Haarlimmermar, 21 febrewaris 1925 – Tucson, 11 july 2011) wie in Amerikaansk astronoom fan Nederlânsk komôf.

Tom Gehrels
Tom Gehrels yn 1974
Tom Gehrels yn 1974
persoanlike bysûnderheden
berne 21 febrewaris 1925
berteplak flagge fan Nederlân Nederlân, gemeente Haarlimmermar
stoarn 11 july 2011 (86 jier)
stjerplak flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten, Tucson
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt Astronoom
reden
  bekendheid
Undersyk nei planetoïden en kometen
offisjele webside
Gjin hiemside

Yn 'e mande mei Kees van Houten en dy syn frou Ingrid van Houten-Groeneveld hat er tûzenen planetoïden en kometen ûntdutsen. Boppedat hat er in soad boeken skreaun en hat er tegearre mei de Amerikaanske astronoom Bob McMillan it projekt Spacewatch opset. Yn 2007 krige er de Masursky Award. Gehrels joech ienris yn it jier les yn Yndia dêr't er ferbûn wie oan it Physical Research Laboratory yn Ahmedabad.

Gehrels groeide op yn Halfweg en wie yn de Twadde Wrâldoarloch aktyf yn it ferset. Nei't er nei Ingelân ûntkommen wie, waard er per parasjute weromstjoerd as organisator foar Special Operations Executive (SOE) dy't sabotaazjeaksjes tsjin de Dútske striidkrêften útfierde.
Nei de oarloch studearre er stjerrekunde oan de Ryksuniversiteit Leien. Yn it begjin fan de jierren '50 emigrearre Gehrels nei de Feriene Steaten. Dêr studearre er oan de Universiteit fan Chicago fierder. Op it lêst ferbûn er him oan it Lunar and Planetary Laboratory yn Tucson, Arizona. Fanwegen de groei fan de stêd en de dêrmei mank geande ljochtfersmoarging, waard yn de jierren '60 in nije lokaasje foar waarnimmingen socht. De Steward Observatory waard boud op Kitt Peak. Op Gehrels' inisjatyf wie it de earste stjerrewacht dy't útrist waard mei in CCD.

De lêste jierren fan syn libben hâlde Gehrels him benammen dwaande mei teoretyske fraachstikken.

Syn soan Neil Gehrels (1952) is astrofysikus.

Boeken

  • Physical Studies of Minor Planets, red. Tom Gehrels (1971), NASA SP-267
  • Planets Stars and Nebulae Studied With Photopolarimetry, red. Tom Gehrels (1974) Tucson: University of Arizona Press ISBN 0-8165-0428-8
  • Jupiter: Studies of the Interior, Atmosphere, Magnetosphere, and Satellites, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1976) Tucson: University of Arizona Press ISBN 0-8165-0530-6
  • Protostars & Planets: Studies of Star Formation and of the Origin of the Solar System, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1978) Tucson: University of Arizona Press ISBN 0-8165-0674-4
  • Asteroids, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1979), ISBN 0-8165-0695-7
  • Saturn, red. Tom Gehrels en Mildred Shapley Matthews (1984) Tucson: University of Arizona Press ISBN 0-8165-0829-1
  • Asteroids II, red. Richard P. Binzel, Tom Gehrels en Mildred Shapely Matthews (1989)Tucson: University of Arizona Press ISBN 0-8165-1123-3
  • Hazards Due to Comets and Asteroids, red. Tom Gehrels, Mildred Shapley Matthews en A. M. Schumann (1994) Tucson: University of Arizona Press ISBN 0-8165-1505-0
  • On the Glassy Sea, in Search of a Worldview, Tom Gehrels (2007, oarspronklik publisearre yn 1988), ISBN 1-4196-8247-4
  • Survival Through Evolution: From Multiverse to Modern Society, Tom Gehrels (2007), ISBN 1-4196-7055-7

Keppelingen om utenss

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

11 july192521 febrewarisAstronoomFeriene SteatenHaarlimmermarNederlânTucson

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Tean14 julyTeemsPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânDûns5 septimberNHL Stenden HogeschoolLexxxi LockhartISO 3166-1ISBNWetterstofKrusiging fan JezusMediaWikiFingerjenKjifdierenMarika FruscioDaisy SummersOdysseeFeriene KeninkrykPepinidenSint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)Yonkers (New York)Kabinet-Rutte IVJohan Rudolph ThorbeckeAnimals (album fan Pink Floyd)Geslacht (sekse)PoëzyIerlânAustralyske dollarRekkenmasine27Stasjon Grins NoardGitaarAlgerijeGeorge W. BushUntsliepeniskatdraal (Tomsk)NapelsBoergondyske RykPasta (daaiguod)GoudMarije CornelissenKristenVina SkyVictoria Cakes1949Kâlde KriichTsjechje2022NederlânAlde EgypteRoarikWeimarrepublyk1 jannewarisFerkundigingskatedraal (Kazan)RMS TitanicWikiLeaksBoerjatiëDenemarkDiana, prinsesse fan WalesHavana GingerLeafdeFrânskArtefakt (archeology)Yiming CuriosityPornoaktriseGandzasarSêfte BroeierBruorren GrimmKanonike evangeeljesKroaasjeFinske GolfHouwerzijl🡆 More