Drinte

Drinte (Nederlânsk: Drenthe) is in provinsje fan Nederlân en waard oprjochte yn 1814.

Drinte hat 504.116 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 2.680 km².

Drinte
Drinte     Drinte
folksliet: Mien Drenthe
Drinte
polityk
lân Drinte Nederlân
status provinsje
oprjochting 1814
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Assen
tal gemeenten 12
kommissaris fan
   de kening
Jetta Klijnsma
  (PvdA)
geografy
geograf. koördinaten 52°59' NB 6°33' EL
oerflak 2.680,39 km² (2015)
  •  dêrfan lân 2.632,67 km²
  •  dêrfan wetter 47,73 km²
  rang provinsjes 7e fan 12
demografy
ynwennertal 504.1161
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 10e fan 12
befolkingstichtens 191 / km²
grutste plak Assen
religy (2015) 61,9% ateïsten en agnosten
23,8% protestanten
9,3% roomsk-katoliken
0,9% moslims
3,6% oaren
oar
NUTS NL13
ISO 3166-2 NL-DR
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.drenthe.nl
1) boarne: CBS-StatLine

Geografy

Drinte grinzet yn it noarden oan de provinsje Grinslân, yn it easten oan Dútslân, yn it suden oan de provinsje Oerisel en yn it westen oan de provinsje Fryslân.

Drinte 
Drinte (2019)

It grutste part fan de provinsje is op it saneamde Drents Plateau, dat bestiet út mei sân bedutsen grint - en sânôfsettings út de foarlêste iistiid. Drinte leit yn it noardeasten fan it lân.

It sintrale en justsjes heger lizzend diel fan 'e provinsje wurdt foarme troch sângrûnen. Dêr binne it eskdoarpelânskip mei brinkdoarpen, esken, heidefjilden te finen en yn 'e beekdellingen lizze de greidlannen. De legere dielen oan 'e grinzen fan de provinsje besteane út feangrûn. Yn 'e midsiuwen begûn de turfwinning, healwei de tweintichste iuw wie it dien mei de turfwinning. Yn it fruchtbere en goed ûntwettere lânbougebiet dat troch de turfôfgravingen ûntstie waard lânbougrûn.

Twa gebieten binne noch net yn kultuer brocht: de Bargerfean yn it uterste súdeasten fan Drinte en it Fochtelerfean yn it noardwesten op de grins mei Fryslân. Drinte is fierders bekend om syn wide heidegebieten en keppels skiep. It natoerbehear leit foar in part by natoerorganisaasje Het Drentse Landschap.

Untwikkeling ynwennertal

  • 1850 – 83.000
  • 1900 – 149.000
  • 1960 – 311.000
  • 1980 – 418.000
  • 2000 – 470.000
  • 2020 – 494.000
  • 2023 – 502.000

Gemeenten

Drinte bestiet sûnt 1998 út 12 gemeenten.

  1. Aa en Hunze
  2. Assen (haadstêd)
  3. Borger-Odoorn
  4. Coevorden
  5. Emmen
  6. Hoogeveen
  7. Meppel
  8. Midden-Drinte
  9. Noardenfjild
  10. Tynaarlo
  11. Westerfjild
  12. De Wolden
Drinte 
Gemeenten in Drinte

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Drinte
Drinte 
Flagge fan de provinsje Drinte
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild
wizigje
Provinsjes fan Nederlân
Drinte 
Flagge fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
wizigje

Tags:

Drinte GeografyDrinte Untwikkeling ynwennertalDrinte GemeentenDrinte Keppelings om utensDrinte1814NederlânNederlânskProvinsjeSintraal Buro foar de Statistyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Frysktalige WikipedyJon VoightKosta Rika3 aprilPoëzyYndustriële RevolúsjeNegevKoen EekmaOerflakIrak1956Artefakt (archeology)Algemien direkteurSûchdierenOeriselKarnivoarJapanskAjaks (mytology)Austraalje (lân)22 aprilLexi DiamondAddis AbebaMaasLannen en territoariaMinnie Beets31 desimberKalifornjeHearke Tjerks Witteveen2016GroubekpappegaaidoNeakenfotografyDe factoTiranaAlawitenEmiraat DûbaiKatalaanskHûnFuortplantingNeolitikumFeriene KeninkrykStar WarsOera Linda BoekTelefoan1946RôfdierenJohn AdamsTaalAld SelskipList fan sterke tiidwurden yn it FryskAmerikaanske LoftmachtWeblochDnipro1200FolksmuzykGokkenKeatsen1901ISBNCowgirlhâlding11 maartEkshibisjonismeEeltsje Boates Folkertsma12 maartYndoneezje2008Hans Vredeman de VriesVictoria CakesBitcoinMadridLiteratuer🡆 More