Alfen oan de Ryn (Nederlânsk en offisjeel: Alphen aan den Rijn) is in stêd en gemeente yn Súd-Hollân, en leit oan de Alde Ryn tusken Leien, Gouda en Bodegraven en Ter Aar.
Bûten de stêd Alfen oan de Ryn sels telt de gemeente ek noch de doarpen Aarlanderveen, Benthuizen, Boskoop, Hazerswoude-Dorp, Hazerswoude-Rijndijk, Koudekerk aan den Rijn en Zwammerdam en de buortskip Groenendijk.
Alfen oan de Ryn Alphen aan den Rijn | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Súd-Hollân |
boargemaster | Liesbeth Spies CDA |
sifers en geografy | |
haadplak | Alfen oan de Ryn |
grutste plak | Alfen oan de Ryn |
ynwennertal | 110.986 (1 jannewaris 2019) |
befolkingstichtens | 879 / km² |
oerflak | 132,50 km² |
● wêrfan lân | 126,23 km² |
● wêrfan wetter | 6,27 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 7 |
ferkearsieren | N11, N207 |
skiednis | |
oprjochte | 2014 |
oar | |
netnûmer | 0172, 079 |
postkoade | 2400 - 2409 2445 (Aarlanderveen) 2471 (Zwammerdam) |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.alphenaandenrijn.nl |
Alfen oan de Ryn leit by de gearfoeging fan it lytse rivierke de Aar en de Alde Ryn, dy't fan Utert ôf nei Leien streamt. Alfen wurdt oan de eastkant begrinzge troch de Gouwe en it Aarkanaal, en yn it westen troch de Heimanswjittering. Alfen wurdt trochsnien troch de Alde Ryn. Der binne fiif brêgen oer de Alde Ryn, dêrfan binne der twa allinnich foar fuotgongers. It oerflak fan de gemeente Alfen oan de Ryn is 132,50 km², wêrfan 6,27 km² wetter. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 hie de gemeente in ynwennertal fan 110.986 en de stêd Alfen oan de Ryn sels hie 72.875 ynwenners (boarne: CBS). Yn oktober 2001 is Alfen oan de Ryn ta Grienste stêd fan Nederlân útroppen. Yn septimber 2002 waard Alfen oan de Ryn sels útroppen as de Grienste Stêd fan Jeropa. Oan de Rynhaven leit in grut yndustryterrein. Dêr stiet ek de 135 meter hege KPN toer, dy't út alle kanten fan Alfen oan de Ryn wei te sjen is. Dy toer wie de earste dy't troch Nozema foar de trochjefte fan digitale etertelefyzje brûkt waard.
Offisjeel hat Alfen oan de Ryn de folgjende wiken, dat ek de postkoadegebieten binne: Oudshoorn (2401), Ridderveld (2402), Zegersloot (2403), Hoorn (2404), Hoge Zijde (2405), Lage Zijde (2406), Steekterpolder (2407), Kerk en Zanen (2408) en Rietveld (2409). De doarpen Aarlanderveen (2445) Benthuizen (2732), Boskoop (2771), Hazerswoude-Dorp (2852), Hazerswoude-Rijndijk (2851), Koudekerk aan den Rijn (2850) en Zwammerdam (2471).
De wiken binne wer ûnderferparte yn buerten, dêr't guon fan allinnich yn de folksmûle bestean, bygelyks:
Alfen oan de Ryn hat in stasjon oan it spoar fan Utert nei Leien. Fan Alfen oan de Ryn út kin ek mei de lichttrein nei Gouda reizge wurde; earder wie dit in gewoane treinferbining. Yn it ferline wie der ek in spoarwei fan Uithoorn oer Nieuwkoop en Ter Aar nei Alfen, mar dy is opheft.
Fan Leien út, mei in oansluting oan de A4, is Alfen mei de auto te berikken oer rykswei N11, dy't trochlutsen is oant Bodegraven en dêr oansluting jout op de gongwei nei Utert. Op de hichte fan Alfen is in akwadukt oanlein yn de Gouwe dêr't rykswei 11 ûndertroch giet. Ut noardlike rjochting is Alfen te berikken oer de provinsjale wei N207 rjochting Haarlimmermarpolder. Dy drokke dyk rint njonken de Gouwe troch nei Gouda.
It gebiet by Alfen oan de Ryn waard 2.000 jier lyn al bewenne. Yn de Romeinske tiid wie de Alde Ryn de haadstream fan de Ryn. De rivier sette by oerstreamings sân en klaai ôf, wêrtroch't in lânskip fan ouwerwâlen en kommen ûntstie. Yn Alfen is dit noch altyd werom te kennen yn de nammejouwing fan de stedsdielen "Hege kant" en "Lege kant", oan de lofter- respektivelik rjochterouwer fan de rivier.
Op it stee dêr't no it sintrum fan Alfen oan de Ryn leit, stie yn Romeinske tiden it castellum Albanianae. De Romeinen bouden doe ek de earste brêge oer de Alde Ryn. Sûnt it regear fan de Romeinske keizer Claudius (41 - 54 nei Kr.) wienen der al soldaten fan it Romeinske leger legere. De noardlike grins fan it Romeinske Ryk lei nammentlik by de hjoeddeiske Alde Ryn lâns, en dêr waarden dan ek troch de Romeinen ferskate fersterke legerplakken boud. Sa binne yn it tichteby lizzende doarp Zwammerdam rêsten fan in Romeinsk castellum fûn, krektas rêsten fan 6 Romeinske platboaiems. Al yn de Romeinske tiid ûntwikkele him hannel en yndustry, wêrtroch't Alfen oan de Ryn stadichoan útgroeide ta in wichtich hannelssintrum yn de omkriten. Germaanske oanfallen makken dêr yn 240 nei Kr. in ein oan.
Nei in soad lijen en problemen mei oerstreamingen, benammen yn Utert en Leien, waard de Alde Ryn yn 1122 by Wijk by Duurstede ôfdamme. De ôftakking dy't earst as "Lek" begûn, waard de haadstream fan de rivier. Sûnt dy tiid oerstreamde de Alde Ryn it lân net mear. Yn en nei de Midsiuwen wie Alfen in ambachtshearlikheid ûnder de namme Alfen en Rietveld.
Yn de 17e iuw kaam Alfen fierder ta bloei. It wie doe in pleisterplak foar postriders en hannelsferkear oer lân en wetter. Op dielen by de Alde Ryn lâns is no noch it jaachpaad te sjen, dêr't de trekskûten lutsen waarden. De hjoeddeiske gemeente Alfen oan de Ryn is foarme yn 1918. Doe waarden de lytsere gemeenten Alfen, Aarlanderveen en Oudshoorn gearfoege. Yn 1964 waard de gemeente útwreide mei Zwammerdam.
Op 1 jannewaris 2014 waarden de gemeenten Alfen oan de Ryn, Boskoop en Rijnwoude gearfoege ta in nije gemeente ûnder de namme Alfen oan de Ryn.
It wapen fan Alfen oan de Ryn is takend op 8 maaie 1918 en bestiet út in swarte achtpuntige stjer op in wyt wapenskyld. Boppe-op it skyld stiet in gouden kroan. It skyld wurdt fêsthâlden troch twa gouden liuwen. It wapen wie oarspronklik fan de famylje fan Alfen, in staach fan de famylje Fan Kralingen. In Dirk fan Cralingen (berne foar 1189) hie besittings yn de buert fan Alfen en neamde him letter Fan Alfen.
De opfallende hefbrêge by de Gouweslûs oer de Gouwe waard ein tritiger jierren fan de 20e iuw boud. De Gouwe waard ferbrede om de skipfeartferbining tusken Amsterdam en Rotterdam te ferbetterjen. Soartgelikense brêgen waarden yn Boskoop en Waddinxveen boud. Yn de Twadde Wrâldkriich binne der springladings by de brêge setten om dizze yn gefal fan need op te blazen, wat net nedich blykte. Mar troch bliksemynslach is ien fan de ladingen dochs ûntploft. Yn de Santiger jierren fan de 20e iuw is de brêge troch in frachtwein op 'en nij bot skansearre. Op 'e hichte fan de hefbrêge foar it autoferkear, leit dêr in draaibrêge foar de trein.
Alfen oan de Ryn hie foar de Twadde Wrâldkriich in lytse Joadske mienskip. Yn 1930 wennen der yn Alfen en omkriten 55 joaden. Fierwei de measte joaden binne yn oktober 1942 deportearre en dêrnei fermoarde, mar in pear oerlibben de oarloch om ûnder te dûken. Oan it Raoul Wallenbergplein stiet it joadsk monumint mei alle nammen fan de omkommen joaden. De joadske gemeente fan Alfen is yn 1947 opheft en by dy fan Leien foege. It joadske begraafplak is yn 1964 romme, de stoflike omskotten waarden oerbrocht nei it joadske begraafplak yn Katwyk. De synagoge waard oernommen troch de Remonstrantske Tsjerke. Yn 1980 waard ûnder de tsjerkeflier in kiste mei ûnder oaren in chanoekia fûn, in kandler dy't by in Joadsk feest brûkt wurdt. Dy kandler waard ynset fan muoisume ûnderhandelingen tusken de Kommisje Joadsk Erfgoed en de Remonstrantske gemeente. De gemeente woe de kandler in har tsjerke sette. De chanoekia bedarre úteinlik yn 1991 yn it Yad Vashem-museum yn Jeruzalem.
Nei 1950 begûn de stêd hiel sterk te groeien. Der waarden grutte útwreidings oan de noardside fan de stêd boud, dy't oarspronklik mei ôfgrizen as "dy flats" besjoen waarden troch âlde Alfenaren. Sûnt de jierren 1990 waard ek in grutte wenwyk besuden it spoar boud, Tsjerke en Sanen. Alfen ûntwikkele him as in forinzestêd, mar binnen de grinzen kaam ek hieltyd mear wurkgelegenheid.
Ein jierren tachtich fan e 20e iuw kaam Alfen yn it lanlike nijs. Op it jiskelân yn de Coupépolder bliek in soad fergif stoarten te wêzen. Op de Coupépolder waard in golfbaan oanlein. Der moasten in soad maatregels troffen wurde om te foarkommen dat de gifstoffen yn it grûnwetter terjochte kamen.
De namme Alfen is wierskynlik ôfkomstich fan de namme fan it Romeinske castellum Albanianae, dat "delsetting oan it wite wetter" betsjut.
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
wizigje |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Alfen oan de Ryn, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.