Archeon

It Archeon is in earder temapark en fan 2015 ôf iepenloftmuseum yn it suden fan Alfen oan de Ryn dat him rjochtet op de Nederlânske skiednis.

Archeon
Binnenplak fan it Romeinske badhûs
Archeon
Gladiatorgefjocht
Archeon
Archeotolk yn de apteek fan 'Gravendam'

It park is yn trije haaddielen ferdield: de prehistoarje, de Romeinske tiid en de Midsiuwen. Yn dy dielen steane gebouwen dy't ofwol letterlik nei in archeologysk model ofwol yn de styl fan it bepaalde tiidrek boud binne. Wurknimmers yn it park (archeotolken neamd), klaaid neffens de moade fan it betreffende tiidrek, spylje typyske wurksumheden foar harren tiidrek nei, lykas weve, lân bewurkje en potten bakke en ljochtsje de besikers dêroer foar.

Ek wurde der ferskate tema-eveneminten as toaniel- en gladiatoaregefjochten organisearre mei Libbene Skiednis. Foar skoallen is yn edukatyf programma. Ek kinne der it hiele jier troch feesten jûn wurde.

It Archeon waard yn 1994 iepene. It lei doe op in tige grut terrein en hie in ambisjeuze opset. Doe't it troch in oantal redens yn 1996 fallyt drige te gean, waard in diel fan de grûn en it haadgebou (dat yn 1992 op de Wrâldtentoanstelling as Nederlânsk paviljoen tsjinne hie) ferkocht. It park waard nettsjinsteande dat yn 1996 dochs fallyt ferklearre, mar wist in trochstart te meitsjen mei in nije direksje. Troch it ferkeapjen fan de grûn oan de gemeente Alphen aan den Rijn leit it Archeon no middenyn in de wenwyk Burggooi.

It Archeon biedt ek edukative programma's oan. Foar basisskoallelearlingen hat it museum in pakket ûntwikkele dat oanslút by in pear yn it skiednisûnderwiis in soad brûkte lesmetoaden. Yn de moannen dat it park ticht is, komme archeotolken nei skoallen.

Foarbylden samling

Namme Ofbyld Lokaasje Perioade Ekstra ynformaasje
Kano fan Pesse Pesse 8040 - 7510 foar Kristus âldste beamstamkano fan de wrâld (rekonstruksjie)
Skippen fan Zwammerdam Archeon  Zwammerdam 50 f. Kr - 250 nei Kr. Frachtskippen, kano's (orizjinelen en rekonstruksjes)
Skilden en helmen Romeinske legers Archeon  Europa 50 f. Kr - 450 nei Kr. argeologyske rekonstruksjes
Filla fan Rijswijk Archeon  Rijswijk 3e iuw nei Kristus ta Romeinske filla ferboude pleats
Archeologiehuis Zuid-Holland
Wytsingeboat Gokstad faering Archeon  Oslo sa'n 880 nei Kr. argeologyske rekonstruksje
Minderbruorrekleaster Archeon  Dordrecht 1350 Kleastergong, koken, ytseal, sliepseal (rekonstruearre)
Minderbruorren mûntsen Archeon  1350 Archeotolken, sjongende muontsen, muzyk en klean wittenskiplik rekonstruearre
Midsiuwsk keapmanshûs mei eksploitant Archeon  Midsiuwen Winkelpân, stoffen, boargerklaaing (archeologyske rekonstruksjes)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Alfen oan de RynSkiednisTemapark

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lexxxi LockhartSkiermûntseachHûnPapoea Nij-GuineäManedo9 maaie1927PlantenRicki RaxxxKarnivoarLatynNoardhoekskCharles BukowskiMaya BijouCarles PuigdemontAlbertina SoepboerWikidataKanieldoNeakenfotografyTurkske toartelNijsHeipealhâldingTonger (god)1980Los AngelesMadagaskarGaya PatalZevenhuizen (Westerkertier)TynaarloReidsjongersMinskeJ.K. RowlingYndoneezje4 aprilLofthaven EeldeTwadde WrâldkriichFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Leilani VegaBurj KhalifaMina LuxxPûn sterlingPriya PriceOarlochBudgetJoyce OliveiraGeslachtsmienskipYnternasjonale Kynologyske Federaasje1939Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008SjongfûgelsJezus (tradisjoneel-kristlik)GoudMeso-AmearikaEastenrykWindhoekWolfSwurdSensual JaneGymnomyza samoensisBesibskipSkamte (anatomy)MisjonarishâldingFries2000Frysk hynderWim KanLofthaven SkipholDeaMichigan🡆 More