Súdwest-Fryslân: Gemeente yn it westen en súdwesten fan 'e provinsje Fryslân

Súdwest-Fryslân (Boalsertersk: Súdwest-Fryslaan; Hylpersk: Súdwest-Fryslaand; Snitsersk: Súdwest-Frysland; Starumersk: Súúdwest-Frysland) is in gemeente yn it westen en súdwesten fan 'e provinsje Fryslân.

Dizze gemeente kaam op 1 jannewaris 2011 ta stân troch in fúzje fan 'e fiif eardere gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel. Yn 2014 waard Súdwest-Fryslân útwreide mei in diel fan 'e gemeente Boarnsterhim, en yn 2018 kaam sawat de helte fan Littenseradiel derby. Op 1 jannewaris 2024 hie Súdwest-Fryslân 90.436 ynwenners (boarne:CBS). De gemeente beslacht in oerflak fan likernôch 910 km², wêrfan rûchwei 385 km² wetter.

Súdwest-Fryslân
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy
De haven fan Snits.
flagge wapen
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy
Wapen fan Súdwest-Fryslân
lokaasje
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy
polityk
lân Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Nederlân
provinsje Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Fryslân
boargemaster Jannewietske de Vries (PvdA)
sifers en geografy
haadplak Snits
grutste plak Snits
ynwennertal 90.436 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 98,4 / km²
oerflak 909,95 km²
tal stêden 6
tal doarpen 83
ferkearsieren A7,A31 N354, N359
skiednis
oprjochte 2011
oant 1851 Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gemeente Boalsert
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gritenij Doanjewerstâl (diel)
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gemeente Drylts
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gemeente Hylpen
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Grit. Himmelumer Aldefurd
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gemeente Snits
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gemeente Starum
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gemeente Warkum
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gritenij Wymbritseradiel
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gritenij Wûnseradiel
1851 – 1984 Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Boalsert
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Doanjewerstâl (diel)
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Drylts
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Hylpen
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Himm. Aldefurd
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Snits
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Starum
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Warkum
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Wymbritseradiel
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Wûnseradiel
1984 – 2011 Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Boalsert
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Nijefurd
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Snits
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Wymbritseradiel
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy Gem. Wûnseradiel
oar
netnûmer 0514, 0515, 0517
postkoade 8529–8774, 9012–9014
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gem...sudwestfryslan.nl

Geografy

De gemeente Súdwest-Fryslân leit yn it súdwesten en westen fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It moat net betize wurde mei de Súdwesthoeke, dat in histoaryske lânstreek yn Fryslân is. Súdwest-Fryslân beslacht feitliks inkeld it westlike diel fan 'e Súdwesthoeke (it eastlike diel heart ta De Fryske Marren), en omfiemet dêropta ek noch in gebiet dat bûten de grinzen fan 'e Súdwesthoeke falt, ntl. it grutste part fan it eardere Wûnseradiel, de súdlike helte fan it eardere Littenseradiel en it eardere Raerderhim. Súdwest-Fryslân wurdt fan 2018 ôf begrinzge troch de gemeenten Harns en De Waadhoeke yn it noarden, Ljouwert en It Hearrenfean yn it easten en De Fryske Marren yn it súdeasten. Yn it noardwesten leit Súdwest-Fryslân oan 'e kust fan 'e Waadsee en yn it westen en suden oan 'e kust fan 'e Iselmar.

Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy 
Topografyske kaart fan gemeente Súdwest-Fryslân.

Sûnt de tafoeging fan in diel fan it eardere Boarnsterhim, yn 2014, hie de gemeente in totaal oerflak fan 841,56 km², wêrfan 459,64 km² lân en 381,92 km² wetter. As allinnich nei lânoerflak sjoen wurdt, wie Súdwest-Fryslân dêrmei de grutste gemeente fan Nederlân, mar as wetteroerflak meirekkene wurdt, moat it de Noardeastpolder noch foargean litte. Nei't heal Littenseradiel op 1 jannewaris 2018 yn Súdwest-Fryslân opgien wie, krige de gemeente der noch 68,39 km² by, sadat it totaal doe útkaam op 909,95 km².

Plakken

De gemeente Súdwest-Fryslân bestiet út 89 wenplakken, wêrûnder 6 fan de Fryske Alve Stêden en 83 doarpen. It haadplak is Snits, mar de gemeenterie hat syn sit yn Drylts. Yn 'e opsomming hjirûnder binne de stêden markearre mei in asterisk (*).

Abbegea, Aldegea, Allingawier, Arum, Blauhûs, Boalsert*, Boazum, Breesândyk, Britswert, Burchwert, Dearsum, Dedzjum, Drylts*, Easterein, Easterwierrum, Easthim, Eksmoarre, Ferwâlde, Folsgeare, Gaast, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Hartwert, Heech, It Heidenskip, Hichtum, Hidaard, Hieslum, Hylpen*, Himmelum, Hinnaard, De Hommerts, Idzegea, Iens, Yndyk, Ypekolsgea, Ysbrechtum, Itens, Jutryp, Kimswert, Koarnwert, Koarnwertersân, Koudum, Koufurderrige, Kûbaard, Lytsewierrum, Loaiïngea, Lollum, Longerhou, Makkum, Molkwar, Nijhuzum, Nijlân, Offenwier, Parregea, Penjum, Piaam, Poppenwier, Raerd, Reahûs, Rien, Sânfurd, Sibrandabuorren, Skearnegoutum, Skettens, Skraard, Skuzum, Smelbrêge, Snits*, Starum*, Surch, Tersoal, Tsjalhuzum, Tsjerkwert, Toppenhuzen, Turns, Twellingea, Waaksens, Wâldsein, Warkum*, Warns, Westhim, Wytmarsum, Wiuwert, Wolsum, Wommels en Wûns.

Untstean

De gemeente Súdwest-Fryslân is op 1 jannewaris 2011 ûntstien troch it gearfoegjen fan fiif gemeenten yn it suden en westen fan Fryslân. Dêrby gie it om 'e gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel. Twa dêrfan, Nijefurd en Wymbritseradiel, wiene yn 1984 fuortkommen út in eardere gemeentlike weryndieling. Oarspronklik wie it de bedoeling dat ek Gaasterlân-Sleat opgean soe yn Súdwest-Fryslân, mar dy gemeente heakke healwei it weryndielingsproses ôf en keas ynstee foar in fúzje mei Lemsterlân en Skarsterlân ta De Fryske Marren.

Yn oanrin nei de fúzje waard yn april 2009 yn 'e fiif gemeenten troch de gemeenterieden stimd oer de weryndieling. Yn de gemeenten Boalsert en Snits waard unanym foar de fúzje keazen, yn Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel wie allinnich de FNP tsjin. Hjir kaam út dat 95% fan de riedsleden foar wiene. Neffens in ûndersyk yn 'e Ljouwerter Krante fan 16 jannewaris 2010 wie 54% fan de ûnderfrege boargers foar de weryndieling, mar it tal foarstanners lei yn 'e stêd Snits dúdlik in stik heger as op it omlizzende plattelân.

Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy 
Súdwest-Fryslân tusken 2014 en 2018, foar't ek in stik fan Littenseradiel derby kaam.

De nije gemeente keas as wurknamme foar 'Súdwest Fryslân' (sûnder keppelteken), as ferwizing nei de Súdwesthoeke. Dêrtsjin makke boargemaster Onno van Veldhuizen fan Hoarn yn desimber 2009 beswier út namme fan njoggen gemeenten yn 'e Noardhollânske lânstreek West-Fryslân om't dy namme foar betizing soargje soe. Dat beswier waard lykwols troch de fúzjegemeenten njonken har dellein.

Begjin 2010 rôpen de belutsen gemeentebestjoeren harren ynwenners op om mei te tinken oer de definitive namme fan 'e nije gemeente. Ut de ynstjoerings keazen de fiif gemeentebestjoeren elts in suggestje. Fjouwer fan 'e gemeenten skoden de wurknamme 'Súdwest Fryslân' foarút, wylst Snits graach utering jaan woe oan syn dominante posysje yn 'e nije gemeente troch de namme 'Sneek Súdwest Fryslân' oan te dragen. Dat lêste foarstel waard lykwols troch de oare gemeenten nei de foddekoer ferwiisd. Dêrnjonken wie der yn dyselde snuorje in aksjegroep aktyf dy't 'Súdwest Fryslân' as te keunstmjittich beskôge en leaver 'Súdwestergoa' seach, nei it histoaryske Fryske kertier Westergoa. Dit inisjatyf krige lykwols likemin foet oan 'e grûn. Sadwaande naam de nije gemeente op 31 maart 2011 offisjeel de namme 'Súdwest Fryslân' oan. Nei beswier fan 'e Fryske Akademy, dat dy stavering wier net koe, besleat de gemeenteried yn 'e gearkomste fan 26 maaie 2011 om 'e namme te wizigjen ta 'Súdwest-Fryslân' (mei keppelteken).

Op 1 jannewaris 2014 waard Súdwest-Fryslân útwreide mei in part fan de eardere gemeente Boarnsterhim, besteande út 'e doarpen Dearsum, Poppenwier, Raerd, Sibrandabuorren en Tersoal. Op 1 jannewaris 2018 folge in nije útwreiding mei in diel fan Littenseradiel, mei de doarpen Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Rien, Reahûs, Waaksens, Wiuwert en Wommels.

Demografy

Neffens gegevens datearjend fan 30 april 2017 hie Súdwest-Fryslân doe in befolking fan 84.028 persoanen, wat soarge foar in befolkingstichtens fan 99,8 minsken de km². De fyftjin doarpen fan Littenseradiel dy't op 1 jannewaris 2018 by de gemeente foege waarden, hiene mei-inoar 5.546 ynwenners, sadat it totale ynwennertal fan Súdwest-Fryslân doe op 89.574 útkaam. Dêrmei sakke de befolkingstichtens nei 98,4 minsken de km².

Op 31 desimber 2018 hie Súdwest-Fryslân 89.715 ynwenners.

Polityk

Per 1 jannewaris 2018 folge Magda Berndsen fan D66 har partijgenoat Haijo Apotheker op as (waarnimmend) boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Mids july fan dat jier waard bekend dat âld-deputearre Jannewietske de Vries yn septimber oansteld wurde soe as (fêste) boargemaster. De gemeenterie fan Súdwest-Fryslân bestiet út 37 sitten. Om't de súdwestlike helte fan Littenseradiel by de gemeente foege waard, fûnen der op 22 novimber 2017 (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings foar de gemeenterie fan Súdwest-Fryslân plak.

De útslach fan dy en lettere ferkiezings wie sa:

partij ferkiezings 2017 ferkiezings 2022
stimmen % sitten stimmen % sitten
CDA 8.735 27,7% 11 6.613 16,5% 7
PvdA 4.858 15,4% 6 8.073 20,1% 8
FNP 4.121 13,1% 5 5.648 14,1% 6
VVD 3.168 10,1% 4 3.159 7,9% 3
Gemeentebelangen-TTL 2.427 7,7% 3 2.823 7,0% 3
GrienLinks 2.342 7,5% 3 2.325 5,8% 2
KristenUny 1.984 6,3% 2 1.799 4,5% 1
D66 1.865 5,9% 2 2.829 7,1% 2
SP 1.164 3,7% 1 - -
Nij Sosjaal - - 2.767 6,9% 2
VNLB - - 2.344 5,9% 2
FvD - - 1.687 4,2% 1
oare partijen 822 2,6% - -
totaal 31.486 *45,0% 37 40.067 *55,6% 37

*) opkomstpersintaazje

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

             Provinsje Fryslân
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy 
hjoeddeistige gemeenten

• Achtkarspelen
• It Amelân
• Dantumadiel
• Eaststellingwerf
• Flylân

• De Fryske Marren
• Harns
• It Hearrenfean
• Ljouwert
• Noardeast-Fryslân

• Opsterlân
• Skiermûntseach
• Skylge
• Smellingerlân

Súdwest-Fryslân
• Tytsjerksteradiel
• De Waadhoeke
• Weststellingwerf


eardere gemeenten

• Aenjewier (1851–1934)
• Baarderadiel (1851–1984)
• Barradiel (1851–1984)
• It Bilt (1851–2018)
• Boalsert (1455–2011)
• Boarnsterhim (1984–2014)
• Doanjewerstâl (1851–1984)
• Dokkum (1298–1984)
• Dongeradiel (1984–2019)
• Drylts (1268–1984)

• East-Dongeradiel (1851–1984)
• Ferwerderadiel (1851–2019)
• Frjentsjer (1374–1984)
• (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
• (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
• Gaasterlân (1851–1984)
• Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
• Haskerlân (1851–1984)
• Hylpen (1372–1984)
• Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

• Hinnaarderadiel (1851–1984)
• Idaerderadiel (1851–1984)
• Kollumerlân (1851–2019)
• Lemsterlân (1851–2014)
• Littenseradiel (1984–2018)
• Ljouwerteradiel (1851–2018)
• Menameradiel (1851–2018)
• Nijefurd (1984–2011)
• Raerderhim (1851–1984)
• Skarsterlân (1984–2014)

• Skoatterlân (1851–1934)
• Sleat (1426–1984)
• Snits (1292–2011)
• Starum (1061–1984)
• Utingeradiel (1851–1984)
• Warkum (1399–1984)
• West-Dongeradiel (1851–1984)
• (âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
• (nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
• Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy 
Súdwest-Fryslân
Súdwest-Fryslân: Geografy, Untstean, Demografy 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorren • Bessens • BernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum) • Ingwert • IngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzen • Makkum (Boazum) • MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe Pôle • Rea Skuorre • RemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje

Tags:

Súdwest-Fryslân GeografySúdwest-Fryslân UntsteanSúdwest-Fryslân DemografySúdwest-Fryslân PolitykSúdwest-Fryslân Sjoch ekSúdwest-Fryslân Keppelings om utensSúdwest-Fryslân1 jannewaris2011201420182024Boalsert (gemeente)BoalserterskBoarnsterhimFryslânGemeente (bestjoer)HylperskKm²LittenseradielNijefurdOerflakProvinsjeSintraal Buro foar de StatistykSnits (gemeente)SnitserskStarumerskSúdwestenWestenWetterWymbritseradiel (1984-2011)Wûnseradiel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AutoKlaarkampster MarIepenbiering fan AdamJuliet E. McKennaTiidsônes yn de Feriene SteatenMia KhalifaEkshibisjonismeGrutte Priis Formule 1 fan Eastenryk 2021Vienna BlackToby AlderweireldLima1839PoerdersrampStedssilhûetAlexa FlexyJapanTony van der MeulenSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 1976HabytAlblasserdamJaylene RioPornofilmOerd (lânfoarm)Lily CollinsJan HutBommesmiterWynturbineSwarte mar (mar)GeslachtsmienskipMisjonarishâldingBeand Baas en Smarige SkepCJ MilesJoos de MomperVideo Art HollandBoerûndyJerine FleurkeTwinterâneGrypsturt444Mos EisleyAmbigramCreative CommonsSieds LyklesGloria SwansonAuteursrjochtGrafhorst (Nederlân)Vilfredo ParetoIUCNFeanhoopfestivalGrutte BrekkenPenisSineeske baltsjesEchte mûzenBoete (jildstraf)Leppeltsje-leppeltsje1924TechnologyRugby op de Paralympyske SimmerspullenJob CohenHarmony WonderComité flamand de FranceYby PotlatchLyts-Fryslân (Ommelannen)Shae SummersSeksualiteitOmgong fan Frankryk🡆 More