Nairobi is de haadstêd en grutste stêd fan Kenia.
De stêd leit oan de rivier mei deselde namme op in hichte fan 1.661 meter yn it suden fan it lân. De namme komt fan it Masai Ewaso Nyirobi, dat 'koele wetters' betsjut. It oantal ynwenners wie yn 2007 sa'n 2.864.667 (yn de stedekloft 3.778.742) en yn 2019 4.397.073. De talen dy't dêr it meast sprutsen wurde binne: Swahily, Kikuyu en Ingelsk. De gemeente Nairobi hat yn Kenia de status fan in provinsje.
Nairobi | ||
Sakesintrum Nairobi | ||
Polityk | ||
Lân | Kenia | |
Provinsje | Nairobi | |
Boargemaster | Geoffrey Majiwa | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.397.073 (2019) | |
Oerflak | 696 km² | |
Befolkingsticht. | 6.317 / km² | |
Hichte | 1661 m | |
Oar | ||
Stifting | 1899 | |
Tiidsône | EAT (UTC+3) | |
Simmertiid | Gjin | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.nairobicity.org |
Nairobi waard yn 1899 yn in sompe stifte as befoarriedingsdepot foar it Ugandaspoar tusken Mombassa en Uganda. Yn 1905 krige it de status fan haadstêd fan de provinsje Nairobi. De stêd waard begjin 20e iuw folslein fannijs boud, neidat it rekke waard troch in pestepedimy en platbaarnd wie. Dêrnei bleau de stêd groeien. Nairobi waard yn 1907 haadstêd fan it Britsk East-Afrikaansk Protektoraat, yn it plak fan Mombassa, en bleau dat ek nei it ûnôfhinklik wurden fan Kenia yn 1963.
Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie dêr de rebûlje fan de Mau Mau.
Augustus 1998 pleegde de terroristske organisaasje Al Qaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Nairobi.
Nairobi hat in ynternasjonale lofthaven, Jomo Kenyatta International Airport, de grutste fan East- en Sintraal Afrika. Yn 2006 ferwurke it 4,4 miljoen reizgers. Under oaren de KLM, Kenya Airways en British Airways fleane op Nairobi. De lofthaven is te berikken mei de taksy, bus en pindelbus. Kenia hat noch twa oare lofthavens foar ynternasjonaal ferkear: yn Mombassa en yn Eldoret.
Wilson Airport is in lyts, mar drok, fleanfjild yn it suden fan Nairobi wat troch lytsere fleanmasines brûkt wurdt, bygelyks foar it toeristeferfier. It fleanfjild waard yn de jierren '30 en '40 foar tuskenlâningen brûkt op de rûte fan Southampton nei Kaapstêd. De ynternasjonale helporganisaasje Missionary Aviation Fellowship hat dêr in basis.
Nairobi hat ferskate universiteiten:
It East African Herbarium is in herbarium dêr't ûndersyk dien wurdt nei de flora fan East-Afrika.
De befolking fan Nairobi groeit op it heden mei 4.1% it jier. Sa't it no liket sil Nairobi syn befolking de 5 miljoen berikke yn 2015.
Jier | Ynwennertal | Groei |
---|---|---|
1906 | 11,500 | 0 |
1911 | 14,000 | 2,500 |
1921 | 24,300 | 10,300 |
1926 | 29,900 | 5,600 |
1929 | 32,900 | 3,000 |
1931 | 47,800 | 14,900 |
1939 | 61,300 | 3,500 |
1944 | 108,900 | 47,600 |
1948 | 119,000 | 20,100 |
1955 | 186,000 | 67,000 |
1957 | 221,700 | 35,700 |
1960 | 251,000 | 29,300 |
1962 | 266,800 | 17,800 |
1965 | 380,000 | 113,200 |
1969 | 509,300 | 129,300 |
1979 | 827,775 | 318,475 |
1989 | 1,324,570 | 496,795 |
1995 | 1,810,000 | 485,435 |
1999 | 2,143,254 | 333,254 |
2005 | 2,750,561 | 607,307 |
2009 | 3,138,369 | 387,808 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Nairobi, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.